Annes Elwy (7 juny 1992) is in Welske aktrise út Penarth.

Wurkpaad Elwy studearre oan it Royal Welsh College of Music and Drama yn Cardiff. Yn 2010 hie hja har earste rol yn de film Yr Ymadawiad. Yn 2017 spile se ien fan de haadrollen yn de spylfilm King Arthur: Excalibur Rising. Ek yn 2017 hie hja in rol yn de telefyzjerigen Electric Dreams en Little Women en yn 2018 yn de spylfilm Apostle. Yn 2019 spile se de rol fan Mia Owen yn seis ôfleveringen fan de telefyzjerige Hidden.

Yn 2018 stie se op de nominaasje foar in BAFTA Cymru Award foar bêste aktrise (Yr Actores Orau) foar har rol yn Little Women (2017)

Yn 2021 spile se yn de twatalige skriller Gwledd/The Feast, in rol dy 't troch kritisy beskreaun waard as "boeiend en magnetysk" .15 Yn 2024 wurke se mei oan de minysearje Bariau fan de Welske publike omrop S4C, dêr 't se it personaazje fan de jonge finzenisdirekteur Elin James spile. Bariau is in finzenisdrama dêr 't it hiele plot fan him ôfspilet binnen de muorren fan in middelbefeilige manljusfinzenis yn Noard-Wales. Annes Ellwy # Biografía

Har teäterwurk omfette produksjes fan The Crucible yn de Bristol Old Vic, YEN yn de Royal Exchange, Manchester en No Other Like Today / Diwrnod Heb Ei Debyg mei it National Youth Theatre of Wales. "Annes Elwy". Royal Court Theatre. Sjoen 7 july 2021.

Filmografy Film 2010: Yr Ymadawiad 2015: The Passing 2017: King Arthur: Excalibur Rising 2018: Apostle 2021: The Feast (Gwledd) 2021: The Toll 2023: Y Sŵn (film) 2025: Tanau'r Lloer (Fires of the Moon), as Peculia

Telefyzje Jier Titel Rol Notysjes 2017 Electric Dreams Jonge Irma Episoade: "Impossible Planet" Little Women Beth March Minyrige, 3 episoades 2019 Hidden Mia Owen 6 episoades 2022 Y Golau (The Light in the Hall) The Light in the Hall Greta 6 episoades 2023 Wolf Lucia 6 episoades 2024 Bariau Elin James 6 episoades

+Fideospul Jier Titel Personaazje 2022 Horizon Forbidden West Raynah / Zikka (stim)

Keppelingen om utens IMDb-profyl Foto's fan Elwy by gettyimages.nl Elwy har stim by www.monstervoicecardiff.co.uk

Kategory:Welsk filmakteur Kategory:Welsk telefyzje-akteur Kategory:Persoan berne yn 1992