Star Trek: Generations is in Amerikaanske science fiction-film út 1994 ûnder rezjy fan David Carson, mei yn 'e haadrollen Patrick Stewart, William Shatner en Malcolm McDowell. It wie de sânde film út 'e Star Trek-filmsearje, mar de earste dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation. De titel betsjut "Stjerretocht: Generaasjes". It ferhaal giet oer de psychopatyske wittenskipper Tolian Soran dy't genoside begean wol om himsels werom te bringen yn in steat fan ivige loksilligens. Om dat tsjin te kearen smyt kaptein Jean-Luc Picard fan 'e USS Enterprise-D de lapen gear mei kaptein James T. Kirk fan 'e USS Enterprise-A. Star Trek: Generations krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar prestearre ridlik yn 'e bioskopen.

Plot Yn it jier 2293 wenje kaptein b.tsj. James T. Kirk en syn âlde bemanningsleden Montgomery Scott en Pavel Chekov as earegasten de earste reis fan in nij romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten by. It is de USS Enterprise-B, de opfolger fan harren eigen skippen, de Enterprise en letter de Enterprise-A. Gesachfierder is de griene kaptein John Harriman. It skip is kwealk ûnderweis as der in alaarmsinjaal opfongen wurdt fan twa El-Auriaanske romteskippen fol flechtlingen foar de Borg-ynvaazje fan harren thúswrâld, dy't bestrûpt rekke binne yn in nuver en reuseftich enerzjylint.

Nettsjinsteande de breklike tarissing fan it nije Stjerrefloat-skip wit Harriman mei Kirk as adviseur in diel fan 'e flechtlingen te rêden troch se oan board te strieljen foar't de beide El-Auriaanske skippen troch it enerzjylint ferneatige wurde. Dêrby komt de Enterprise lykwols sels yn it lint fêst te sitten. Scotty tinkt dat it skip los komme kin troch mei de deflektorskûtel in antymatearje-ûntploffing foar de boech te simulearjen. Kirk set dêrop nei it deflektorskûtelkontrôlesintrum, dêr't er de hardware oanpast om sa'n eksploazje mooglik te meitsjen. Op dy manear wit de Enterprise yndie los te kommen, mar net foar't it enezjylint in gat yn 'e romp fan it skip klaut, mei as gefolch dat ferskate seksjes bleatsteld wurde oan 'e romte, wêrûnder it deflektorskûtelkontrôlesintrum. Fan Kirk wurdt neat mear fernommen en men nimt oan dat er omkommen is.

Achtensantich jier letter, yn 2371, fiert de bemanning fan 'e USS Enterprise-D mei in tradisjonele seremoanje op in op it holodek simulearre santjinde-iuwsk sylskip de befoardering fan 'e Klingon Worf ta luitenant 1e klasse fan 'e Stjerrefloat. Midden ûnder de feestlikheden kriget kaptein Jean-Luc Picard berjocht dat syn broer en omkesizzer omkommen binne by in brân. Mei't Picard sels gjin bern hat, betsjut dat dat it âlde, romrofte laach Picard mei harren einige is. It nijs stoart him yn in klinyske depresje dy't er mar dreech ôfskodzje kin. Underwilens ûntfangt de Enterprise in alaarmsinjaal fan in observatoarium dat yn in baan om 'e stjer Amargosa sirkelet, dêr't de bemanning ûnder lieding fan earste ofsier William T. Riker de El-Auriaanske wittenskipper dr. Tolian Soran rêdt nei't it romtestasjon oanfallen is troch Romulanen.

De androïde Data en de bline masinist Geordi La Forge ûntdekke yn in ferburgen romte yn it observatoarium in stof dy't 'trilitium' hjit, en dêr't de Romulanen blykber nei op 'e siik wiene. Op dat stuit komt Soran harren oer it mad en slacht La Forge bewusteleas. Data soe syn maat rêde kinne, mar hy hat koartby in emoasjechip by himsels ynstallearre, en in him folslein ûnbekend gefoel fan eangst wurdt him oermânsk, sadat er yn in hoekje yninoar krimpt. Soran sjit in romtesonde mei in lading trilitium ôf op Amargosa, mei as gefolch dat alle kearnfúzje ophâldt en de stjer ymplodearret. Soran wurdt dêrnei fuortstriele nei in Klingon-romteskip en nimt La Forge mei. It blykt it skip fan 'e ferriedlike susters Duras te wêzen, Lursa en B'Etor, dy't it trilitium fan 'e Romulanen stellen hiene en fan doel binne om Soran syn trilitium-wapen te brûken om 'e macht yn it Klingonryk yn 'e hannen te krijen.

Riker en Worf rêde Data krekt foar't it observatoarium ferwoastge wurdt troch de skokweach fan 'e ymplodearre stjer, en de Enterprise kin mar kwealk op 'e tiid fuortkomme. As Riker neitiid yn it ferline fan Soran begjint te dollen, ûntdekt er dat de man ien fan 'e flechtlingen wie dy't yn 2293 troch de Enterprise-B rêden is fan it enerzjylint. It tafal wol dat in oarenien fan dy flechtlingen oan board fan 'e Enterprise-D is: de barkeepster Guinan. Picard ûnderstiet Guinan oer wat se fan Soran wit. Hja fertelt him dat de man syn frou en bern ferlern hat by de Borg-ynvaazje fan harren thúsplaneet. Op 'e flecht yn in âld frachtskip rekken se bestrûpt yn it nuvere enerzjylint, dat Guinan de 'Nexus' neamd en omskriuwt as in bûtendiminsjonaal plak dêr't de tiid gjin betsjutting hat en eltsenien ûnderfine kin wat er mar wol. Foar Soran, dy't dêr wer mei syn deade frou en bern libje koe, wie dat it paradys. Doe't Scotty harren oan board fan 'e Enterprise-B striele, ûntskuorde er harren dêr oan. Normale persoanen, lykas Guinan, hawwe besocht har by de sitewaasje del te lizzen en in nij libben op te bouwen, mar Soran, dy't psychopatyske trekjes hat, is obsedearre rekke troch syn wil om werom te kearen nei de Nexus.

Picard en Data riddenearje út dat Soran, dy't net mei in romteskip it enerzjylint ynfleane kin om't er der net wis fan wêze kin dat it skip langernôch yntakt bliuwe sil, in plan makke hat om it paad fan it enerzjylint te feroarjen, sadat it nei him ta komme sil. De ferwoastging fan Amargosa hat de swiertekrêft yn dit diel fan it hielal sadanich feroare, dat it enerzjylint no yn 'e neie takomst deunby de planeet Veridian III lâns komme sil. Mar as er ek de stjer Veridian ymplodearje lit, sil it lint dwers troch dy planeet hinne gean. No wie Amargosa in ûnbewenne stjerrestelsel, mar op 'e planeet Veridian IV bestiet in pre-yndustriële bûtenierdske beskaving fan 230 miljoen lju. Soran is lykwols net fan doel om him troch wat ûnbelangryks as genoside fan syn doel ôfbringe te litten.

Dat, de USS Enterprise set koers nei it Veridian-stelsel. As it skip dêr arrivearret, wol Soran dat de susters Duras it ferneatigje, mar Lursa en B'Etor lizze him út dat harren ferâldere Klingon-skip lang net op kin tsjin it Stjerrefloatskip. De Enterprise makket kontakt mei it Klingon-skip. Data, dy't no fertard wurdt troch skuldgefoelens oer syn eardere leffens, biedt himsels oan yn ruil foar de frijlitting fan La Forge, mar kaptein Picard leit dêr it near op en biedt ynstee oan om La Forge foar hìm te ruiljen, op betingst dat er earst nei de geheime lokaasje op Veridian III striele wurdt dêr't Soran no is. Lursa en B'Etor geane op dat foarstel yn. Picard wurdt nei it Klingon-skip striele en dêrwei nei de planeet, wylst La Forge frijlitten en nei de Enterprise striele wurdt. Wat bemanning fan it Stjerrefloatskip lykwols net wit, is dat Soran it fizier der't de bline La Forge mei sjocht, oanpast hat om 'e bylden troch te stjoeren nei it Klingon-skip.

Wylst Picard op Veridian III om 'e nocht op Soran ynpraat om 'e man op oare gedachten te bringen, folgje de susters Duras op 'e brêge fan harren skip mei oanboazjend ûngeduld de ferrjochtings fan La Forge oan board fan 'e Enterprise. As de masinist him einlings en te'n lêsten nei de masinekeamer bejout, wurde de Klingons dêr op in display de modulaasje fan it enerzjyskyld fan 'e Enterprise gewaar. Troch harren torpedo's deselde modulaasje te jaan, kinne dy sûnder swierrichheden troch it enerzjyskyld hinne komme. Sa bringe de susters Duras kritike skea oan 'e Enterprise ta. Riker, dy't yn 'e ôfwêzichheid fan Picard it befel oer it skip fiert, wit lykwols gebrûk te meitsjen fan in ûntwerpflater yn it type skip dat de susters Duras hawwe, troch it ynwurkingstellen fan it kamûflaazjeskerm te feroarsaakjen. Om't dêrfoar it enerzjyskyld útset wurde moat, is it Klingon-skip in pear tellen kwetsber. Riker makket dêrfan gebrûk om it te ferneatigjen, wêrby't de susters Duras en alle oare opfarrenden omkomme.

Troch de oanfal fan 'e Klingons hat de USS Enterprise lykwols net mear goed te meitsjen skea oprûn oan 'e bôgekearn, de wichtichste oandriuwingsfoarm. Dêrom lit Riker de oandriuwingsseksje fan it skip ûntromje en de skûtelseksje fan 'e oandriuwingsseksje loskeppelje. De skokweach fan 'e ûntploffing fan 'e oandriuwingsseksje makket lykwols de bestjoering fan 'e skûtelseksje, dy't him op dat stuit noch te tichtby befynt, ûnklear. De skûtelseksje rekket dêrnei fêst yn 'e swiertekrêft fan Veridian III en stoart op it oerflak fan 'e planeet del.

Hoewol't Picard alle war docht om Soran syn plan, om in raket mei trilitium op 'e stjer fan Veridian ôf te sjitten, te sabotearjen, slagget dat him net. Hy moetet Soran op it metalene fuotbrechje nei it lansearringsplatfoarm, mar Soran wurdt him yn in gefjocht oermânsk en slacht him fan it brechje ôf. Picard syn hoop is der dan op fêstige dat de Enterprise de raket delsjitte sil, mar hy wit net dat it skip al fier by him wei op 'e planeet delstoart is. Sadwaande kin Soran sûnder swierrichheden syn raket yn 'e stjer fan Veridian sjitte, dy't dêrtroch ymplodearret, wat de swiertekrêft yn it planetestelsel sadanich feroaret dat it enerzjylint dwers troch de planeet Veridian III hinne giet. Soran en Picard wurde troch it enerzjylint opnommen inkele mominten foar't de skokweach fan 'e ymplodearre stjer de hiele planeet oan grom bûket, de delstoarte Enterprise en syn bemanning ynbegrepen.

Yn 'e Nexus komt Picard thús yn in eigen hûs dat him ûnbekend is, by in húshâlding mei syn frou en syn fjouwer bern dy't er nea hân hat. Hy wurdt in koart skoftke ferlaat om him oan dy fantasij oer te jaan, mar beseft al rillegau dat it allegear mar in yllúzje is. Yn 'e Nexus moetet er Guinan, dy't him útleit dat sy hjir mar in echo fan 'e wiere Guinan is, dy't efterbleaun is doe't de wiere Guinan 78 jier lyn troch Scotty weromskuord waard it echte hielal. De echo fan Guinan leit Picard út dat er yn 'e Nexus alles wêze kin en alles hawwe kin dat er wol en dat dat oant yn ivichheid trochgean kin, om't tiid yn dat plak net bestiet. Hy hat it dêr lykwols no al besjoen en wol werom nei it echte hielal. De echo fan Guinan fertelt him dat er, om't tiid yn 'e Nexus net bestiet, nei elts mooglik tiidstip en plak yn it wiere hielal gean kin, simpelwei troch dat te wollen. Picard ornearret dat er nei Veridian III gean wol, krekt foar't Soran de trilitiumraket op 'e stjer ôfskeat. Om foar te kommen dat de skiednis him werhellet, wol Picard lykwols dat Guinan mei him giet om him te helpen. Sy leit him lykwols út dat se net út 'e Nexus wei kin, om't se ommers al yn it wiere hielal bestiet. Se wit lykwols wol in oarenien dy't him wol helpe kin.

Dy oare is James T. Kirk, dy't út syn eigen perspektyf wei ek noch mar krekt yn 'e Nexus arrivearre is. Picard sprekt him oan en freget om syn help, mar Kirk is yn 't earstoan tsjinnich om dy te jaan. Hy fynt dat it hielal him wol wat skuldich is, en dat in bestean yn 'e Nexus in moaie werombetelling wêze kin. Oars as Picard, dy't in libben byinoar fantasearre dat nea wier bestien hie, giet Kirk werom yn 'e tiid, nei de deis dat er op it boerespultsje fan syn omke yn Idaho in frommeske mette dat Antonia hiet. Hy pykt op it hynder út om 'e moeting op 'e nij te belibjen, wylst de yrritearre Picard him efternei komt. As er mei syn hynder in pear kear oer in smelle, mar djippe kleau hinne springt, jout Kirk it lykwols oer. Hy fertelt Picard dat er yn it echt wol tritich kear oer dy kleau hinne sprongen is, en dat er eltse kear dea-eangst fielde, mar dat it him no folslein kâld lit. In dreambestean dat him neat fiele lit, hat gjin oantrekking foar Kirk, dat tegearre mei Picard reizget er yn tiid werom nei Veridian III, krekt foar't Soran syn raket op 'e stjer ôfskeat.