thumb|Jacobus van Lokhorst Jacobus van Lokhorst (Utert, 8 juny 1844 - De Haach, 16 febrewaris 1906) wie in Nederlânsk arsjitekt en Ryksboukundige.
Biografy Van Lokhorst krige syn oplieding oan de Stadsschool van Teken- en Bouwkunst yn Utert en behelle ek in diploma as beëdige lânmjitter. Nei syn oplieding wurke er by de Utertske arsjitekt Nicolaas Kamperdijk. Hy waard yn 1875 rykstekener en ûntwerper by de wurken ûnder behear fan de Sjeny yn Naarden.
Van Lokhorst wie fan 1878 oant syn ferstjerren yn 1906 ryksboukundige by it ministearje fan Ynlânske Saken. Mei Pierre Cuypers en Cornelis Peters wie er ferantwurdlik foar de bou fan in protte ryksgebouwen yn neorenêssânsestyl. De boumasters wurken ek mei-inoar op, bygelyks by de restauraasje fan de Leienske Akademy, dêr't Cuypers de plannen fan makke en Van Lokhorst de restauraasje útfierde. Van Lokhorst ûntwurp ûnder oaren gebouwen foar it ûnderwiis, lykas ferskate skoallen en laboratoaria yn ûnder mear Delft, Grins, Leien, Wageningen, Utert en Maastricht. Hy boude syn lettere wurk faak yn de neogoatyske styl.
Lokhorst stoar yn it Roomsk sikehûs yn De Haach. Hy wie troud mei publisiste Hester de Quack; Emmy (skriuwster) en Marius van Lokhorst (militêr en boargemaster) wiene bern fan harren.
Kar-út bouwurken
thumb|175px|Provinsjehûs Drinte, letter it Drintsk Museum thumb|175px|It Mineralogysk-Geologysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins (2010) 1877 Naarden: Utrechtse Poort 1879-1881 Grins: Steateseal Provinsjehûs 1880 Maastricht: Rykskweekskoalle ('Hof van Tilly') 1881 Maastricht: restauraasje Helpoort 1881 Grins: Ryksargyf 1881-1883 Den Bosch: Ryksargyf 1882-1886 Assen: Gûvernemintsgebou 1889-1902 Grins: Natuerkundich Laboratoarium (Physisch Laboratorium der Rijks Universiteit) 1890-1892 Utert: Laboratoarium foar anorganyske skiekunde en sûnenslear 1891-1895 Ljouwert: Steateseal Provinsjehûs fan Fryslân 1891-1902 Delft: ferskate gebouwen foar de Technyske Universiteit Delft 1892 Leien: útwreiding Akademysk Sikehûs 1895-1898 Swolle: útwreiding Provinsjehûs Oerisel 1895 Delft: Bacteriologisch Laboratorium der Polytechnische School 1895-1898 Leien: Farmaseutysk laboratoarium 1896-1898 Leien: Laboratoarium foar Organyske Gemy 1897-1901 Assen: Ryksargyf (tegearre mei Cornelis Peters) 1898-1899 Leien: Custoswenten 1898-1901 Grins: Mineralogysk-Geologysk Ynstitút (Het Kasteel) 1899-1910 Leien: Ryksmuseum fan Natuerlike Histoarje 1905-1907 De Haach: Gymnasium Haganum Medemblik: Rykskranksinnigegesticht
Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Persoan berne yn 1844 Kategory:Persoan stoarn yn 1906