De toefdûker of túfdûker (wittenskiplike namme: Podiceps auritus) is in sibbe fan 'e hjerringslynder.
Foarkommen thumb|left|Toefdûker mei proai. De 30-38 sm grutte toefdûker is hast like grut as in swarthalsdûker, dêr't er in protte op liket. Yn syn briedkleed hat er in swarte kop mei giel-oranje earplûmen. De toefdûker hat in readbrune hals en búk en hat fierder in swart fearrekleed. Hy hat in opfallend read each. Syn winterkleed is swartwyt mei in swarte krún en wite wangen. Fierder is er donker mei in wat ljochtere wite hals. De snaffel is blaugriis oant swart mei in fleiskleurige basis en in heldere, hast wite punt.
It seksueel dimorfisme is tige lyts sadat der yn it fjild hast gjin ferskil sjoen wurdt.
Fersprieding De fûgels briede yn it noarden fan Noard-Europa, Noard-Aazje en it noarden fan Noard-Amearika en is dêr it meast te finen op marren tusken de nullebosken. It is de iennichste dûkerfûgel dy't ek benoarden de Poalsirkel briedt. De toefdûker oerwinteret súdliker op 'e Eastsee en yn kustgebieten oant Súd-Jeropa en Japan en Koreä ta. De toefdûker is in seldsume fûgel, it meast komt er foar yn Sibearje.
Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden:
P. a. auritus: noardlik Euraazje. P. a. cornutus: Kanada en de noardlike Feriene Steaten.
Nederlân Yn Nederlân oerwinteret de toefdûker yn in tige lyts oantal. Se binne dan fral yn Seelân te sjen. Oan 'e ein fan 'e 20e iuw namen de oantallen oerwinterjende fûgels ta, mar nei 2005 sakken de oantallen wer. Yn Fryslân is de toefdûker in seldsume wintergast.
Hâlden en dragen It briedseizoen is let, fan heal maaie oant yn augustus, ôfhinklik fan it waar yn 'e noardeastlike gebieten. De toefdûker makket in driuwend nêst, ferburgen en fêstmakke oan wetterplanten of ûnder oerhingjende tûken fan wylgen. Op Yslân wurdt ek tusken rotsen bret. Meastentiids leit it wyfke trije oant fiif blau-wite aaien mei bêzje plakken. De aaien wurde yn 22-25 dagen útbret.
De fûgel briedt meast solitêr, mar somtiden ek yn los koloniaal ferbân. Fan 'e twadde dei ôf wurde de jongen troch de âlden op 'e rêch droegen. Nei 40–50 dagen binne se selsstannich. Noch sa'n 10 dagen letter kinne se fleane.
Toefdûkers ite benammen lidpoatigen (ynsekten en larven), fiskjes en kût. De fûgel dûkt om iten te sykjen.
Ofbylden
Status De grutte fan 'e wrâldpopulaasje waard yn 2015 troch BirdLife International rûsd op 239.000 oant 583.000 yndividuen. De populaasje nimt lykwols ôf troch habitatferlies. It leefgebiet wurdt oantaast troch wetterfersmoarging, de oanlis fan dammen, ûntbosking en yntinsyf produksjebosk om marren en puollen hinne. Ek fersteuring spilet in rol. Troch de ferheging fan 'e fiskstân nimt it tal lytse wringeleazen ôf, dy't it wichtichste iten foarmje fan briedende toefdûkers. De Jeropeeske populaasje wurdt (eksklusyf Ruslân) op 6.000-9.000 briedpearkes rûsd, wêrfan't it grutste part yn Finlân biedt.
Dêrfandinne stiet de soarte sûnt 2015 as kwetsber (Vulnerable, VU) op 'e Reade List fan 'e IUCN.
Sjoch ek List fan fûgels
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûker Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân