thumb|It alsjend each op it ien dollarbiljet dat troch guon sjoen wurdt as in gearspanning dêr't de Founding Fathers mei de Illuminati by belutsen wieneIssitt, Micah; Main, Carlyn (2014). Hidden Religion: The Greatest Mysteries and Symbols of the World's Religious Beliefs. ABC-CLIO. siden 47–49. ISBN 978-1-61069-478-0. In gearspanningsteory of komplotteory is in opfetting fan in bepaald foarfal of situaasje op sosjaal, ekonomysk en polityk mêdGoertzel, T (desimber 1994). Belief in conspiracy theories. Political Psychology. 15 (4): 731–742. explanations for important events that involve secret plots by powerful and malevolent groups as in resultaat fan in gearspanning dêr't sinistere en machtige groepen by belutsen binne, wannear't oare opfettings earder mooglik binneBrotherton, Robert; French, Christopher C.; Pickering, Alan D. (2013). Measuring Belief in Conspiracy Theories: The Generic Conspiracist Beliefs Scale. Frontiers in Psychology. 4: 279. doi:10.3389/fpsyg.2013.00279. ISSN 1664-1078. PMC 3659314. PMID 23734136. S2CID 16685781. A conspiracist belief can be described as "the unnecessary assumption of conspiracy when other explanations are more probable".. In gearspanningsteory hat in negative lading, om't it grûnwurk dêrfan op foaroardielen en net genôch bewiis leit.
Gearspanningsteoryen wjersteane ferfalsking en wurde fersterke troch sirkelredenearing: sawol bewizen tsjin de gearspanning as ôfwêzichheid fan bewizen derfoar wurde fannijs ynterpretearre as bewizen foar de wierheid derfan, wat derop delkomt dat de gearspanning earder in leauwe is, as dat it bewiisd of ûntkend wurde kinBarkun, Michael (2003). A Culture of Conspiracy: Apocalyptic Visions in Contemporary America. Berkeley: University of California Press. siden 3–4.. Undersyk hat sjen litten dat it tinken fan gearspanningsteoryen skealik of patologyskFreeman, Daniel; Bentall, Richard P. (29 maart 2017). The concomitants of conspiracy concerns. Social Psychiatry and Psychiatric Epidemiology. 52 (5): 595–604. wêze kin, en besibbe is oan psychologyske projeksje, erchtinkendheid en MachiavellianismeDouglas, Karen M.; Sutton, Robbie M. (12 april 2011). Does it take one to know one? Endorsement of conspiracy theories is influenced by personal willingness to conspire (PDF). British Journal of Social Psychology. 10 (3): Fernije printinge fan 3 novimber 2018 (PDF) fan de oarspronklike ferzje. Oproppen 28 desimber 2018.. Psychologen ferwize in gearspanning, dêr't er net ien is, oan in psychysk fenomeen, apofenyDean, Signe (23 oktober 2017). Conspiracy Theorists Really Do See The World Differently, New Study Shows. Science Alert. Oproppen 17 June 2020..
Eartiids waarden gearspanningsteoryen keppele oan foaroardielen, heksejachten, krigen en massamoardenDouglas, Karen M.; Uscinski, Joseph E.; Sutton, Robbie M.; Cichocka, Aleksandra; Nefes, Turkay; Ang, Chee Siang; Deravi, Farzin (2019). Understanding Conspiracy Theories. Political Psychology. 40 . Utfierders fan terroristyske oanfallen, lykas Timothy McVeigh, Anders Breivik en regearen sa as Nazy-Dútslân, de Sovjet-Uny en TurkijeGöknar, Erdağ (2019). Conspiracy Theory in Turkey: Politics and Protest in the Age of "Post-Truth" by Julian de Medeiros (review). The Middle East Journal. 73 (2): 336–337. ISSN 1940-3461. leauden tige yn gearspanningsteoryen. Ek de AIDS-ûntkenning fan de oerheid yn Súd-Afrika, dêr't likernôch 330.000 minsken oan ferstoaren, waard oansetten troch gearspanningsteoryenSimelela, Nono; Venter, W. D. Francois; Pillay, Yogan; Barron, Peter (2015). A Political and Social History of HIV in South Africa. Current HIV/AIDS Reports. 12 (2): 256–261. QAnon en it ûntkennen fan de Amerikaanske presidint Donald Trump en syn oanhingers dat er de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 ferlern hie, late ta de Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal op 6 jannewaris 2021QAnon bestoarming Kapitoal Trump. Gearspanningsteoryen oer genetysk modifisearre iten late der ta dat de oerheid fan Sambia itenshelp wegere by in hongersneed dêr't der likernôch 3 miljoen minsken honger hieneGoertzel, Ted (2010). Conspiracy theories in science. EMBO Reports. 11 (7): 493–499.. Gearspanningsteoryen foarmje in ûnbidich grutte hobbel yn it ferbettrejen fan de folkssûnensGlick, Michael; Booth, H. Austin (2014). Conspiracy ideation. The Journal of the American Dental Association. 145 (8): 798–799, sa as it oansetten ta it wegerjen fan faksinaasjes, en binne keppele oan it útbrekken fan syktes dy't troch faksinaasjes tefoaren kommen wêze koene. Oare foarmen fan gearspanningsteoryen liede ta it mistrouwen yn de wittenskip, radikalisaasje fan ekstreme groepen en neidielen foar de ekonomy.
Gearspanningsteoryen wiene eartiids beheind ta in lyts publyk, mar hawwe hjoed-de-dei in grut plak ynnommen yn de media, en woeksen út ta in kultureel fenomeen yn de lette tweintichste en iere ienentweintichste iuwCamp, Gregory S. (1997). Selling Fear: Conspiracy Theories and End-Times Paranoia. Commish Walsh.. Hja binne wiid ferspraat oer gâns de wrâld en wurde gauris leaud, sels yn guon lannen troch it grutste part fan de befolkingvan Prooijen, Jan-Willem; Douglas, Karen M. (2018). Belief in conspiracy theories: Basic principles of an emerging research domain. European Journal of Social Psychology. 48 (7): 897–908.. Om gearspanningsteoryen tefoaren te kommen kinne it hanthavenjen fan in iepen maatskippij en it ferbetterjen fan it analysearjende tinken fan it generale publyk bydrageSunstein, Cass R.; Vermeule, Adrian (2009). Conspiracy Theories: Causes and Cures. Journal of Political Philosophy. 17 (2): 202–227..
Sjoch ek Nepnijs QAnon Skearmês fan Ockham Populisme
Kategory:Mislieding Kategory:Pseudowittenskip Kategory:Gearspanning