Star Trek IV: The Voyage Home is in Amerikaanske science fiction-film mei aventoerekomeedzjetrekjes út 1986 ûnder rezjy fan Leonard Nimoy, mei yn 'e haadrollen William Shatner, Nimoy sels en DeForest Kelley. De ûndertitel betsjut "De Reis nei Hûs". It ferhaal folget de bemanning fan it trijeëntweintichste-iuwske romteskip de USS Enterprise as se nei eardere aventueren op hûs oan geane, mar ûntdekke dat de Ierde op it punt stiet ferwoastge te wurden troch in romtesonde fan in ûnbekende bûtenierdske beskaving, dy't kontakt siket mei de útstoarne bultrêchwalfisken. Admiraal James T. Kirk-en-dy moatte, om 'e wrâld te rêden, weromreizgje yn 'e tiid nei de 1980-er jierren om dêrwei in pear bultrêgen nei de takomst te heljen.

Star Trek IV: The Voyage Home wie de fjirde film yn 'e Star Trek-filmrige dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Original Series, út 'e 1960-er jierren. It wie ek it trêde en lêste diel fan in ferhaalline dy't trije films besloech en begûn mei Star Trek II: The Wrath of Khan en fierder gie mei Star Trek III: The Search for Spock. It ûnkonvinsjonele ferhaal fan Star Trek IV: The Voyage Home en de humor dêr't de film mei ôfmakke is, waarden goed ûntfongen troch sawol de filmkritisy, de fans fan Star Trek as it bioskooppublyk yn it algemien. It waard dêrtroch net inkeld in krityk, mar ek in kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar fjouwer Oscars, foar it meastepart yn 'e technyske kategoryen.

Plot Yn it jier 2286 folget in ûnbidich grutte sylindryske romtesonde fan in ûnbekende bûtenierdske beskaving in koers troch de romte nei de Ierde en stjoert dêrby oanhâldend in ûnûntsiferber sinjaal út dat sa sterk is dat it de enerzjyfoarsjenning lamleit fan elts romteskip en elts romtestasjon dat it passearret. As de sonde himsels yn in baan om 'e Ierde pleatst, rekket de enerzjyfoarsjenning op it ierdoerflak útskeakele en feroarsaket de sonde troch ionisearring fan 'e atmosfear in rampsillich, de sinne folslein bûtenslutend wolkedek en ûnbidich grutte stoarmen. De lieding fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten stjoert út it haadkertier fan 'e Stjerrefloat yn San Francisco wei in needoprop út dy't alle romteskippen warskôget om by de Ierde wei te bliuwen.

Underwilens is op 'e planeet Vulcanus de Stjerrefloat-ofsier Spock hast wer de âlde nei't syn geast en lichem weriene binne (sjoch: Star Trek III: The Search for Spock). Syn âlde skipsmaten fan 'e ferwoastge USS Enterprise (NCC-1701), dy't him rêden hawwe, binne nei in fearnsjier op Vulcanus sa stadichoan wol ree om wer op hûs oan, ek al witte se dat se dêre foar de kriichsried komme moatte sille foar harren yn 'e wyn slaan fan befellen fan oerhearrigen en harren stellen fan 'e Enterprise (sjoch: Star Trek III: The Search for Spock). Dat, ûnder lieding fan admiraal James T. Kirk risselwearje se om fuort, en Spock jout him by harren. Inkeld luitenant Saavik bliuwt efter op Vulcanus. Mei it bútmakke Klingon-oarlochsskip, dat se by wize fan grap de namme Bounty jûn hawwe (nei de histoaryske HMS Bounty) sette se ôf nei de Ierde.

As se yn it Sinnestelsel arrivearje, ûntfange Kirk-en-dy de needoprop fan 'e Ierde. Om't it sinjaal fan 'e romtesonde op 'e oseänen fan 'e Ierde rjochte liket te wêzen, stelt Spock troch logysk riddenearjen fêst dat it bedoeld wêze moat foar eat dat of immen dy't yn 'e see libbet. As luitenant Uhura it sinjaal oanpast foar wetterdruk en sâltgehalte klinkt it hiel oars en ken Spock it wer as it sjongen fan walfisken, spesifyk de bultrêch, dy't lykwols yn 'e ienentweintichste iuw útstoarn is troch oerbejaging troch de minske. Om't de romtesonde it libben op lân op 'e Ierde ûnbedoeld ferneatigje sil yn syn syktocht nei de bultrêgen, beslút Kirk om it Klingon-skip te brûken om mei in slingermaneuver om 'e sinne hinne werom yn 'e tiid te reizgjen nei de ein fan 'e tweintichste iuw. It is syn bedoeling om dêr in pear bultrêgen op te heljen en mei werom te nimmen nei de trijeëntweintichste iuw, sadat de bisten it sinjaal fan 'e sonde beäntwurdzje kinne.

Kirk-en-dy arrivearje yn 1986 en brûke de kamûflaazjetechnyk fan 'e Klingons om 'e Bounty ûnsichtber te meitsjen. Se sette it skip del yn it Golden Gate Park yn San Francisco, in stêd dêr't se allegear bekend mei binne om't se dêr (yn 'e takomst) oan 'e militêre akademy fan 'e Stjerrefloat studearre hawwe. Masinist Scott ynformearret Kirk lykwols dat it tiidreizgjen de twadderangs dilitiumkristallen fan it skip útput hat, en dat se nearne mear hinne geane as dy net weropladen wurde. Dat kin dien wurde mei de reststrieling dy't in nukleêre reäktor útstjit. Lokkigernôch leit it jier 1986 middenyn it tiidrek dat kearnenerzjy noch brûkt waard. Kirk jout luitenant Uhura en Pavel Chekov opdracht om in nukleêre reäktor te finen en genôch reststrieling op te fangen om 'e kristallen wer op te laden. Underwilens moatte Scott, dokter Leonard McCoy en Hikaru Sulu yn it rom fan 'e Bounty in tank sjen te bouwen dêr't de walfisken yn ferfierd wurde kinne, en geane hysels en Spock op 'e siik nei de eigentlike walfisken.

De misje fan Kirk en Spock giet dat it slydjaget as se al rillegau in pear bultrêgen ûntdekke, in mantsje en in wyfke, dy't ûnder de soarch fan marine biologe dr. Gillian Taylor yn it (fiktive) Cetacean Institute ("Ynstitút foar Walfiskeftigen") libje, in iepenbier akwarium yn Sausalito, in foarstêd fan San Francisco. It probleem is dat de beide walfisken mei koarten nei Alaska flein wurde sille om yn it wyld útset te wurden. Gillian pakt dêr o sa mei om, want hoewol't se beseft dat de bisten te grut binne om yn finzenskip te oerlibjen, wit se ek dat se yn it wyld oerlevere wêze sille oan 'e predaasjes fan walfiskfarders. Kirk en Spock lûke har oandacht as Spock by de bultrêgen yn it bassin springt om in Vulcaanske ferstânsferraning mei ien fan 'e bisten oan te gean, mei't er it ûnfatsoenlik achtet om 'e bisten tsjin harren wil nei de takomst te heljen. Gillian is earst skandalisearre troch Spock syn hâlden en dragen, mar se rekket yntrigearre troch de sjarmante Kirk. Dyselde besiket har safier te krijen dat se him de radiofrekwinsjes jout fan 'e stjoerders dêr't de beide bultrêgen fan foarsjoen wurde, mar dat wegeret se.

Scott en McCoy hawwe ûnderwilens de Gouden Gids ûntdutsen, dy't harren by steat steld om in bedriuw te finen dat materiaal leveret foar de walfisktank dêr't se ferlet fan hawwe. It probleem is dat se neat hawwe om foar dat guod te beteljen, oant Scott de eigner fan it bedriuw de natuerkundige formule fan transparant aluminium oanbiedt, in materiaal dat yn 1986 net bestiet. Yn ruil dêrfoar wurde de wanden fan 'e tank út foarrie levere en troch piloat Sulu, dy't himsels ûnderwilens bekendmakke hat mei it fleanen fan helikopters, nei de Bounty ta brocht. Uhura en Chekov hawwe yn 'e tuskentiid einlings in nukleêre reäktor opspoard, oan board fan in fleandekskip fan 'e Amerikaanske Marine. Se beskôgje it as in goed foarteken dat it skip ek USS Enterprise hjit. As se har dy nachts troch Scott oan board fan it fleandekskip strielje litte, kinne se de reststrieling sammelje dy't se nedich hawwe, dêr't Uhura mei weromkeart nei de Bounty. Chekov wurdt lykwols ûntdutsen en finzennommen troch de Amerikaanske Marine, dy't him foar in Sovjet-spion hâldt. As er besiket te ûntkommen, knoffelet er by in hichte del en wurdt mei slim holleletsel yn it sikehûs opnommen.

De oare moarns ûntdekt Gillian, as se op har wurk arrivearret, dat de beide bultrêgen bûten har wittenskip om de jûns tefoaren al ôffierd binne nei Alaska. Se siket Kirk yn it Golden Gate Park, dêr't se it ûnsichtbere romteskip gewaarwurdt. Se beseft dat alle nuvere ferhalen dy't Kirk har ferteld hat, wier binne, en helpt him en McCoy om Chekov út it sikehûs te rêden. Under de trijeëntweintichste-iuwske medyske soarch fan McCoy is Chekov samar wer de âlde. Gillian jout Kirk de radiofrekwinsjes fan 'e bultrêgen, wêrnei't Kirk har efterlitte wol yn San Francisco om mei de weropladen Bounty efter de bisten oan. Mar Gillian, dy't neat hat om har yn 'e tweintichste iuw te hâlden en dy't wisberet is om mei 'har' walfisken nei de takomst ta, lit har net sa maklik ôfkonfoaie en twingt Kirk om har mei te nimmen. Yn Alaska arrivearret de Bounty krekt op 'e tiid om 'e beide bultrêgen fan in walfiskfarder te rêden. Kirk jaget de bemanning fan it skip de stupen op it liif troch de kamûflaazje fan it Klingon-romteskip op te heffen wylst er rjocht foar harren skip sweeft. De beide walfisken (en it wetter om harren hinne) wurde troch Scott nei de tank yn it rom fan 'e Bounty striele.

Mei muoite witte Kirk-en-dy mei it rynkranke romteskip nei harren eigen tiid werom te kearen. Troch de ynfloed fan 'e bûtenierdske romtesonde, dy't ek de Bounty alle enerzjy ûntnimt, moatte se in needlâning yn it wetter fan 'e Baai fan San Francisco útfiere. Wylst de bemanning it sinkende skip ferlit, wit Kirk hânmjittich de doarren fan it rom te iepenjen en de walfisken frij te litten. Ienris yn see beäntwurdzje de bisten it sinjaal fan 'e romtesonde, dy't dêrtroch tefredensteld wurdt, rjochtsomkeart makket en wer yn 'e djipten fan it hielal ferdwynt. Op 'e Ierde geane de stoarmen lizzen en klearret de loft op. Sadree't de romtesonde fuort is, komt de enerzjyfoarsjenning yn it romtedok fan 'e Stjerrefloat, yn syn baan om 'e Ierde, wer werom.

Neitiid wurde Kirk, McCoy, Uhura, Scott, Sulu en Chekov foar de kriichsried dage foar harren dieden yn it ôfrûne healjier. Spock jout him by harren, hoewol't hy nearne foar oanklage wurdt. Omreden fan it feit dat se de Ierde fan 'e ûndergong rêden hawwe, wurde se lykwols fan alle oanklachten frijsprutsen. Inkeld de oanklacht fan it oerhearrich wêzen oan in superieur ofsier, dêr't allinne Kirk foar oanklage wie, bliuwt stean. Der wurdt besletten om Kirk by wize fan bestraffing syn rang fan admiraal ôf te nimmen en him werom te setten ta kaptein. Dat betsjut dat er syn burofunksje yn it haadkertier fan 'e Stjerrefloat kwytrekket en (ta syn ferrassing en blydskip) wer gewoan gesachfierder fan in romteskip wurdt. Nei't er dat fûnis oanheard hat, nimt Kirk ôfskie fan Gillian, dy't him fertelt dat sy tafoege is oan in wittenskipsmisje fan 'e Stjerrefloat. Dêrop set Kirk mei Spock en de rest fan 'e bemanning ôf nei harren nije skip, dat de USS Enterprise (NCC-1701-A) blykt te wêzen.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise admiraal James T. Kirk William Shatner kaptein Spock Leonard Nimoy dokter Leonard McCoy DeForest Kelley

byrollen personaazje akteur/aktrise dr. Gillian Taylor Catherine Hicks Montgomery Scott James Doohan luitenant Uhura Nichelle Nichols Hikaru Sulu George Takei Pavel Chekov Walter Koenig dokter Christine Chapel Majel Barrett ambassadeur Sarek (heit fan Spock) Mark Lenard Amanda Grayson (mem fan Spock) Jane Wyatt luitenant Saavik Robin Curtis dr. Nichols Alex Henteloff kaptein fan 'e USS Saratoga Madge Sinclair presidint fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten Robert Ellenstein admiraal Cartwright Brock Peters Klingon-ambassadeur John Schuck kaptein fan 'e USS Yorktown Vijay Amritaj (cameo) Janice Rand Grace Lee Whitney Stjerrefloat-ofsier Jane Wiedlin (cameo)

Produksje en distribúsje Preproduksje Leonard Nimoy, de akteur dy't de rol fan Spock spile, hie yn 1984 filmstudio Paramount Pictures safier krigen dat him de rezjy oer de foargeande Star Trek-film, Star Trek III: The Search for Spock, taparte waard. Noch ear't dy film yn premiêre gie, waard er troch de studio frege om ek de folgjende film, Star Trek IV: The Voyage Home, te regissearjen. No't er himsels bewiisd hie as regisseur, krige er dêrfoar in stik gruttere frijheid om te dwaan wat er woe. Yn kontrast mei de mear dramatyske earste trije dielen fan 'e filmsearje woene Nimoy en produsint Harve Bennett no in lichtfuottiger film meitsje, mei mear humor, in boadskip op it mêd fan miljeubeskerming en gjin dúdlike antagonist.