Lambertus Johannes Toxopeus (Tûban (residinsje Rembang), 8 septimber 1894 - Bandûng, 20 april 1951) wie in Nederlânske entomolooch, heechlearaar en plantesamler. Hy wie saakkundich op it mêd fan de Reachwjukflinters (Lycaenidae) en de Groukopflinters (Hesperiidae).
Libben en wurk Hy wie as jonge al dwaande mei de stúdzje fan flinters. Hy studearre biology oan de universiteit fan Amsterdam by professor Cornelis Jacob van der Klaauw (1893-1972). Hy lei it doktoraaleksamen yn 1920 ôf en wie oan 1930 ta learaar yn Nederlân. Yn dy snuorje die er mei oan de Boeroe-ekspedysje nei de Yndyske Arsjipel yn 1920-21 en dat levere de stof foar syn proefskrift "De soort als functie van plaats en tijd, getoetst aan de Lycaenide van het Australaziatisch gebied" (1930). Nei syn promoasje kaam er werom nei Nederlânsk-Ynje as learaar. Hy naam diel oan de tredde Archbold-ekspedysje nei Nij-Guinea yn 1938-1939, dêr't er mear as 100.000 ynsekten sammele. Toxopeus syn lêste ekspedysje wie dy nei it fulkaaneilân Krakatau yn 1949.
Yn de Twadde Wrâldoarloch wie er reserve-ofsier, belêste mei it beweitsjen fan it fleanfjild Semplak by Buitenzorg. Hy siet in tiid fêst yn in Japansk konsintraasjekamp.
Nei de oarloch waard er lektor yn soölogy oan de universiteit fan Batavia. Yn 1947-49 kaam er in pear jier nei Nederlân werom mei sykteferlof. Yn 1949 waard er beneamd ta heechlearaar oan de fakulteit fan wiskunde en natuerwittenskip yn Bandûng. Njonken artikels yn wittenskiplike tydskriften skreau er ek tal populêr-wittenskippelike bydragen foar Nederlânsk-Ynjyske kranten as it Algemeen Indisch Dagblad en De Vrije Pers.
Toxopeus stoar troch in ferkearsûngemak op 20 april 1951 yn Bandûng. Hy liet syn frou en sân bern benefter.
Ferskate entomologen hawwe nij beskreaune soarten nei him neamd mei it epiteton toxopeusi of toxopei. Ek it flintergeslacht Toxopeia is nei him ferneamd. Joannes Jacobus Smith, haad fan de botanyske tún yn Buitenzorg, hat teffens guon plantesoarten nei Toxopeus neamd, ûnder oaren de Rhododendron toxopei, Liparis toxopei en Eria toxopei.
Publikaasjes Lycaenidae Australasiae 1. New investigations on the genus Lycaenopsis Felder. Treubia 8: 365–375, 1926 Verslag van de negen-en-fijftigste Wintervergadering der Nederlandsch-Indische Entomologische Vereeniging Ent. 69: lxix-lxxvi, 1927 Eine Revision der javanischen, zu Lycaenopsis und verwandten Genera gehörigen Arten. Tijdschr. Ent. 70: 232–302, 1pl., 27 figs; ibid. 71: 179–265, 1927–1928 Lycaenidae Australasiae 3. Treubia 9: 423–435, 1927 Beschreibung einiger Schmetterlinge (Riodinidae und Lycaenidae) von Pulau Weh bei Sumatra. Lycaenidae Australasiae 5. Tijdschr. Ent. 72: 204–214, 1929 De Riodinidae en Lycaenidae van het eiland Java (Lycaenidae Australasiae VI). Entomologisk tidskrift, 72: 215–244, 1929 Lycaenidae Australasiae VII. Over Tajuria cippus (F.) (= longinus F.) en Pratapa blanka de Nic. Tijdschr. Ent. 72: 245–262, 1929 De soort als functie van plaats en tijd, getoetst aan de Lycaenidae van het Australaziatisch gebied, 198 pp., 1930 Over eenige Bijzonderheden van de west-javaansche fauna, die wijzen op haar hybride ontstaanswijze. Hand. Ned. -Ind. naturw. Cong. 6: 417–427, 1931 Over eenige nieuwe of weinig bekende vlindersoorten. Verslagen van de Vergaderingen der Afdeeling Nederlandsch-Oost-Indië van de Nederlandsche Entomologische Vereeninging 1: lxvii–lxxvii, 1932 Over Ruralis absolon (Hew.) Ent. Med. Ned.-Indie. 1: 33–36, 1935 Over twee Lycaenidae: Celastrina lavendularis (Moore) en C. placidula (H. H. Druce). Ent. Meded. Ned. Ind. 4: 68–72, 1935 Entomologische Notities uit Nieuw-Guinea. Ent. Med. Ned-Indie. 6: 17–21, 37–43, 1940
Literatuer „Biografische schets door dr. A. Holleman-Haye“ yn Algemeen Indisch Dagblad, 23 april 1951 W. Roepke: „Professor Dr L.J. Toxopeus ter nagedachtenis.“ Tijdschrift voor Entomologie (1952), fol. 95, Ofl. 1-2, s. 9 Ian W. B. Thornton (1997). Krakatau: the destruction and reassembly of an island ecosystem. Harvard University Press. ISBN 978-0-674-50572-8, S. 307 Overlijdensbericht in Tijdschrift voor Entomologie (1952), vol. 95, s. XLV.
Sjoch ek Toxopeus (famylje) foar de ferklearring fan de namme Toxopeus.
Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk entomolooch Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1894 Kategory:Persoan stoarn yn 1951