Bernard Fullenius (Westfalen, om 1565 – Ljouwert, om 1636) wie in teolooch dy't om 1565 hinne yn it hartochdom Westfalen yn it Hillige Roomske Ryk berne waard.Bernard Fullenius, Biografysk Portaal fan Nederlân, sjoen op 2 maaie 2018.

Biografy Fullenius studearre oan de kalvinistyske hegeskoalle yn Herborn en de akademy yn Wittenberg.Genealogysk Jierboek 2010, útjefte fan de Fryske Akademy. Hy waard doktor yn de teology. Yn 1593 waard er foar fêst predikant yn Ljouwert. Fryslân die in berop op syn kunde fan easterske talen en hy waard beneamd ta revisor foar de oersetting fan it Nije Testamint en letter ek yn't plak fan de ferstoarne Sibrandus Lubbertus foar it Alde Testamint.Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek.

Fullenius boaske yn 1595 yn Ljouwert oan Atje Bockes Abbema.Gezin van Bernardus Fullenius, genealogieonline.nl, sjoen op 21 novimber 2020.Fullenius (Bernard) (1), Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek, rieplachte op 21 novimber 2020.

Kategory:Dútsk teolooch Kategory:Frysk teolooch Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1565 Kategory:Persoan stoarn yn 1636