De Mûne fan Rolde is in muonts oan 'e Grutte Brink yn it Drintske doarp Rolde.

Skiednis De mûne waard yn 1873 op in heuveltsje oan 'e brink boud. In bultmûne is it net, want der ûntbrekt in yn- en útrit foar de karren om mei de fracht ûnder de mûne troch de riden. In offisjele namme hat de mûne net hân en dêrom wurdt de mûne gewoan de 'mûne fan Rolde' neamd.

Krekt foar de Twadde Wrâldkriich like der in ein te kommen oan 'e mûne. De doetiidske mûnder hie noch mar fjouwer bakkers en woe der mei ophâlde. De Feriening De Hollânske Mûne krewearre foar it behâld fan 'e mûne en nei de kriich waard der genôch jild by inoar sammele om de mûne te restaurearjen.

De mûne is mealree en wurket regelmjittich mei de ynset fan frijwillige mûnders.

Beskriuwing De mûne fan Rolde is in achtkante grûnsiler op in stiennen ûnderbou. It achtkant en de kape binne dutsen mei swart daklear. De roeden hawwe in lingte fan 19,10 meter (binnenroede) resp. 18,98 meter (bûtenroede) en binne útrist mei it Van Bussel-systeem.

Keppeling om utens Mûnedatabase (oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne) Allemolens.nl (ôfbylden) De Hollânske Mûne Mûnestifting Drinte

Rolde Kategory:Ryksmonumint yn Aa en Hunze Kategory:Bouwurk út 1873 Kategory:Nôtmole Kategory:Muonts (mole)