thumb|300px|Rekonstruearre goakaart út 1898 fan it ferpartsjen fan it Frankyske Ryk by it Ferdrach fan Ferdun yn 843 In goa (Latynsk: pagus, Nederlânsk: Gouw, Dútsk: Gau, Ingelsk: shire) wie in krite en ynstitúsjoneel ûnderdiel fan in Germaansk stamgebiet.
Yn it part fan Nederlân dat diel útmakke hat fan it Romeinske Ryk, (Nederlân besuden de Ryn), kamen de goaen oerien mei de eardere Romeinske civitates. Yn de Nederlânske skiednis spilen de goaen in rol fan de 4e iuw ôf oant de 11e iuw. Doe't it Frankyske Ryk yn 'e 8e iuw har gesach oer it Nederlânske gebiet útwreide, foarmen de goaen bestjoerlike ryksienheden, laat troch in greve. De greve bestjoerde it goa út namme fan de kening en hienen meastal natuerlike grinzen. Letter gongen de goaen op yn gruttere ferbânnen lykas Hollân of Fryslân.
Rjochterlike funksje yn it goa De sintrale ynstelling yn it goa dêr't rjocht sprutsen waard wie it ding. Dat wie de gearkomste wêr't de "dinggenoaten", de frije en striidbere manlju, byïnoar kamen (meastal trije kear jiers). Dit barde op in fêst stee (oarspronklik yn de iepen loft). De gearkomsten waarden laat troch in foarsitter, dy't Asega of rjochter neamd waard. Hy spruts rjocht neffens it folksrjocht. Op dizze gearkomsten waarden ek oare wichtige beslissings nomd. Nei de ynliving fan de Fryske gebieten yn it Frankyske Ryk wie de greve meastentiids de foarsitter.
Fan de 10e iuw ôf rekken goaen en goadingen yn ferfal troch it útwreidzjen fan de hearigens (wêrtroch it tal frije manlju minder waard) en troch de ferbrokkeling fan de goaen yn grutte ferbannen. De goanamme waard lykwols noch in skoft brûkt as oantsjutting foar it gebiet.
Goaen yn de âlde Fryske lannen thumb|300px|Rekonstruearre goakaart út 1890 yn it gebiet fan it hjoeddeistige Nederlân Regio's yn Hollân: Westflinge (West-Fryslân mei Seefang en Kallantseach) Wiron (pagus Wironi in terra Fresonum) (Wieringen) Kinmerlân Rynlân Masalân
Regio's yn Fryslân: Westergoa (tusken Fly en De Boarn) Eastergoa (tusken De Boarn en Lauwers) Súdergoa, gebiet om Starum hinne, dat foar it grutste part troch de see opslokt waard Boarnegoa nei de 11e iuw; Sânwâlden (pagus Forestensis) Teksla (tusken It Fly en Kallantseach, mei Flylân en Teksel)
Regio's yn Grinslân: Humsterlân (Achtkarspelen, Kollumerlân en Westerkertier) Hunzegoa (tusken Lauwers en Maarvliet) Fivelingoa (tusken Maarvliet en Tsjamme; Fivelgoa en Aldamt) Reiderlân (tusken Tsjamme en Iems) Gorecht (Krite fan de stêd Grins)
Regio's yn East-Fryslân Iemsgoa, benoarden de Iems, waard letter ûnderferparte yn de goaen: Emsigerlân (benoardeasten fan de Iems om Emden hinne) Moarmerlân (Lier en omkriten) Oerledingerlân (súdlik fan Lier) Lengenerlân Auwerkerlân (Auwerk en eastlik gebiet) Federgoa of Federitga Brookmerlân (westlik fan Auwerk) Ostringen Norderlân Harlingerlân (noardlik fan Auwerk) Rjustringen Wangerlân
Goaen yn de rest fan Nederlân Hamalân, wêrút ûntstien binne: Sallân, of Iselgoa Teisterbant (Vijfherenlanden en Neder-Betuwe) Betuwe (Oer-Betuwe) Drinte Fivelgoa Flethite of Flethetti (Feluwe) (Utertse Heuvelrêch, Goai en Gelderske Fallei)
Skelde-Maas-Ryngebiet: Niftarlake (Utert en lâns de Fecht) Hettergoa (eastlike Maasouwer tusken Cuijk en Roermond) Duffelgoa (Lân van Maas en Waal) Keldagoa Mulgoa (lân tusken Maas en Ryn, fan Arcen (Nederlân) oant Erkelenz (Dútslân)) Walcheren (Seelân bewester Skelde, tusken Easterskelde en Westerskelde) Maasgoa, winliken Masau (westlike Maasouwer tusken Cuijk en Maastricht) Tubalgoa Hattuaria
Kategory:Midsiuwen Kategory:Skiednis fan Fryslân Kategory:Skiednis fan Nederlân Kategory:Rjochtsskiednis