De slange-earnfûgels (Circaetinae) binne in ûnderfamylje fan rôffûgels út de famylje fan de haukfûgels (Accipitridae). De ûnderfamylje hat 5 skaaien en 15 soarten.
De measte soarten fan dizze ûnderfamylje binne spesjaliseare yn slangen en gerskrûpers as fiedsel. De slange-earnfûgels binne middelgrutte oant tige grutte rôffûgels mei brede wjukken en in grutte kop. Se hawwe in lichemslingte fan 40 oant 100 cm en in wjukspanwiidte fan 100 oant 200 cm. De lytste slange-ean is de bedrige Nikobaarske slange-earn, de grutste de Afrikaanske brune slange-earn. Noch grutter is de Filipynske ape-earn, dy ‘t noch mar resint ta de slange-earnfûgels rekkene wurdt. Mei útsûndering fan de Jeropeeske of ‘gewoane’ slange-earn (Circaetus gallicus) binne de slange-earnfûgels tropyske of subtropyske fûgels.
Taksonomy Ûnderfamylje: slange-earnfûgels (Circaetinae) Skaai: ape-earnen (Pithecophaga), 1 soarte: ape-earn (Pithecophaga jefferyi) Skaai: Aziatyske slange-earnen (Spilornis), 6 soarten: toefslange-earn (Spilornis cheela) Nikobarslange-earn (Spilornis klossi) berchslange-earn (Spilornis kinabaluensis) Selebesslange-earn (Spilornis rufipectus) Filipynske slange-earn (Spilornis holospilus) Andamanenslange-earn (Spilornis elgini) Skaai: bateleurs (Terathopius), 1 soarte: berchhoanne of bateleur (Terathopius ecaudatus) Skaai: Madagaskarslange-earnen (Eutriorchis), 1 soarte: Madagaskarslange-earn (Eutriorchis astur) Skaai: slange-earnen (Circaetus), 7 soarten: slange-earn (Circaetus gallicus) Sahelslange-earn (Circaetus beaudouini) swartboarstslange-earn (Circaetus pectoralis) brune slange-earn (Circaetus cinereus) dûbelbânslange-earn (Circaetus fasciolatus) bânslange-earn (Circaetus cinerascens)
Keppelings om utens IOC World Bird List 11.1, jan, 2021
Kategory:Haukfûgel