Folkert van der Wei (Wytmarsum, 22 july 1980) is in earder Frysk keatser. Hy wennet yn Wytmarsum.

Keatsen Folkert keatst al lange tiid yn 'e haadklasse. Hichtepunt yn syn karriere is it winnen fan 'e PC yn 2003, tegearre mei Johannes Gerrit Dijkstra en Karel Nijman en yn 2009, tegearre mei Gert-Anne van der Bos en Daniël Iseger. Op 'e PC fan 2006 helle hy in tredde priis mei Johan Abma en Bauke van der Graaf. Op de PC fan 2008 ferlear er yn in tige spannende finale nipt mei Gert-Anne van der Bos en Tjitte Bonnema.

Wat keatsen oanbelanget wiene fierders it winnen fan in fôle op de Fan Aismadei yn 2005 en it winnen fan dy dei yn 2001 hichtepunten dêr't er grutsk op is.

Yn 2009 hat Folkert njonken de PC de klassikers (Rengersdei en de Aldehoupartij) in Ljouwert wûn en is er twadde wurden yn ut jierklassement mei 60 punten. Likefolle as de klassemintswinnaar en Daniël Iseger.

It suksesfolle partoer fan Folkert mei Gert-Anne van der Bos en Daniël Iseger falt nei de earste cyclus ien 2010 ut elkoar. Folkert keatst it jier út mei Rutmer van der Meer en Renze Pieter Hiemstra. De PC falt dat jier letterlyk yn ut wetter en se sneuvelje yn de twadde omloop. Letter yn ut seizoen winne se wol alle trije yn Frysk Hynder op de Fan Aismadagen yn Bitgum.

Oars Neist it keatsen fuotballet Folkert op it fjild en yn de seal. Op it fjild by treddeklasser fuotbalferiening Mulier en yn de seal by haadklasser Exstador. Hy hat al ferskate kampioenskippen behelle en ek hat er it Midwintercup-toernoai op syn namme stean.

Folkert wennet yn Wytmarsum mei syn frou Tessa van der Wei-Huizenga en harren soan Sem (* 31 maart 2010).

Diabetes Djiptepunt yn syn karriêre is dat yn 2003 sûkersykte by him konstatearre is. Hy wie lykwols al gau wer warber, en is hieltyd noch by steat in soad te sporten.

Prizen thumb|200px|Folkert van der Wei op de PC fan 2009 1996 - Freule 5e priis 1997 - Freule 5e priis 1999 - Jong Nederlân 3e priis 2000 - de Bond 6e priis 2000 - Jong Nederlân 2e priis 2001 - de Bond 4e priis 2002 - Jong Nederlân 4e priis 2003 - PC 1e priis 2004 - de Bond 4e priis 2005 - de Bond 6e priis 2006 - de Bond 3e priis 2006 - PC 3e priis 2007 - de Bond 4e priis 2008 - de Bond 3e priis 2008 - PC 2e priis 2009 - PC 1e priis 2011 - de Bond 3e priis 2011 - PC 3e priis 2012 - PC 3e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:Persoan berne yn Wytmarsum Kategory:Persoan berne yn 1980