It Territoarium Hawaï (Ingelsk: Territory of Hawaii; Hawaïaansk: Panalā‘au o Hawai‘i) wie de oantsjutting foar Hawaï as bestjoerlike ienheid fan 1898, doe't it nei de anneksaasje troch de Feriene Steaten omfoarme waard ta in organisearre territoarium, oant 1959, doe't it as folweardige steat opnommen waard yn 'e Amerikaanske Uny. Under it Amerikaansk bestjoer ferwaarden de lânseigen Hawaïanen ta twadderangs boargers en sloegen de blanke Angelsaksyske Amerikanen foar master op. It meast yngripende barren út 'e 61 jier dat Hawaï de status fan territoarium hie, wie de Japanske Oanfal op Pearl Harbor, yn 1941, dy't de Feriene Steaten by de Twadde Wrâldoarloch beloek. Neitiid waard yn Hawaï it boargerlik bestjoer ôfskaft en de steat fan belis ôfkundige, dy't duorre oant 1944.
Geografy It Territoarium Hawaï omfieme it hiele grûngebiet fan 'e lettere Steat Hawaï, d.w.s. de Hawaï-eilannen, mei in oerflak fan 28.311 km². Dêropta hearden ek ferskate oare gebieten yn 'e Stille Oseaan ta it Territoarium Hawaï: de atollen Johnston (2,67 km²), Kingman Reef (70 km²), Midway (66,3 km²) en Palmyra (11,9 km²). It totale oerflak fan it territoarium kaam dêrmei út op 28.462 km².
Skiednis Untstean De Hawaï-eilannen hiene fan 1795 ôf it Keninkryk Hawaï foarme. Geandewei de njoggentjinde iuw kaam dat lân wat langer wat mear ûnder ynfloed fan 'e Feriene Steaten te stean. Yn dy tiid waarden der op 'e eilannen grutte sûkerreidplantaazjes oanlein, dy't eigendom wiene fan blanke (almeast Amerikaanske) plantaazje-eigners en bewurke waarden troch lânseigen en útlânske fjildarbeiders, mei as gefolch dat der in rike blanke elite ûntstie. Hoewol't de Feriene Steaten yn 1842 de ûnôfhinklikheid fan it Keninkryk Hawaï erkend hiene, en de beide lannen diplomatike relaasjes ûnderholden, waard it lânseigen bestjoer fan Hawaï troch Amerikanen net foar fol oansjoen.
Doe't keninginne Lili‘uokalani yn 1893 plannen oankundige foar in nije grûnwet dy't de macht fan 'e blanke elite beheine soe, wie dat foar dyselden oanlieding om by in steatsgreep sels de macht op Hawaï oer te nimmen. Mei militêre stipe fan 'e Feriene Steaten waard Lili‘uokalani begjin 1893 ôfset troch in klyk fan blanke plantaazje-eigners ûnder lieding fan Lorrin A. Thurston. Yn july 1894, nei in perioade fan provisjoneel regear, waard de Republyk Hawaï útroppen, mei Sanford B. Dole as earste (en iennichste) presidint. Wylst de lânseigen Hawaïanen ûnderdrukt waarden, stjoerden de nije blanke machthawwers oan op anneksaasje troch de Feriene Steaten.
De anneksaasje, dy't yn 1893 en 1894 noch op 'e lange baan skood wie troch de anty-ymperialistyske Amerikaanske presidint Grover Cleveland, waard op 4 july 1898 goedkard troch it Amerikaanske Kongres mei de ferrifeljende Newlands-resolúsje (ferneamd nei kongreslid Francis Newlands). Dêrby spile in grutte rol dat der ferlet wie fan Hawaï as marinebasis yn Spaansk-Amerikaanske Oarloch, dy't doe oan 'e gong wie. Presidint William McKinley ûndertekene de resolúsje op 7 july, wêrmei't nettsjinsteande alle eardere betsjûgings fan freonskip troch de Amerikanen oan it adres fan 'e Hawaïanen de Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï in feit waard en de Hawaïanen op snoade wize har eigen lân ûntnadere waard. De Newlands-resolúsje waard op 12 augustus fan krêft as wet. Dy deis waard der by it foarhinne keninklike ‘Iolani Paleis yn 'e Hawaïaanske haadstêd Honolulu in seremoanje holden wêrby't de flagge fan Hawaï delhelle en de Stars and Stripes hyst waard.
Oer de status fan Hawaï wie neitiid yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington D.C. noch witwat te dwaan. Dat kaam om't in protte kongresleden bang wiene dat it takennen fan 'e status fan organisearre territoarium úteinlik liede soe ta it opnimmen fan it gebiet yn 'e Feriene Steaten as in folweardige Amerikaanske steat, wylst it in "net-blanke" mearderheid fan 'e befolking hie. Soks wie doedestiden fral foar politisy it rasistyske Amerikaanske Suden ûnbesprekber. It debat dêroer duorre mear as in jier, en pas yn 1900 gie it Kongres mei weromwurkjende krêft akkoart mei Hawaï as in organisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten. Presidint McKinley ûndertekene de Hawaïaanske Organyske Wet dy't de juridyske wederwarichheden regele, en de eardere Hawaïaanske presidint Sanford B. Dole waard oansteld as territoriaal gûverneur.
Rasserelaasjes Ien fan 'e meast promininte útdagings foar it Territoarium Hawaï wie om 'e ûnderlinge ferhâldings tusken de ferskillende rassen yn goede banen te lieden. Hawaï wie yn dy tiid apart om't it yninoar omtrouwen fan lju fan ferskillende rassen dulde en bytiden sels oanfitere waard. In protte lânseigen Hawaïaanske froulju joegen har op dy wize by de hegerein fan it territoarium. Dêrby moat wol oantekene wurde dat it útslutend gie om blanke manlju dy't mei net-blanke froulju trouden; oarsom, it trouwen fan blanke froulju mei net-blanke manlju, waard net akseptearre. Wol trouden in protte etnyske Sinezen mei Portegeeske froulju, mar de etnyske Portegezen waarden troch de Angelsaksyske Amerikanen net as echt 'blank' beskôge.
Tsjin 1898 bestie de befolking fan Hawaï foar it meastepart út plantaazje-arbeiders dy't ôfkomstich wiene út Sina, Japan en de Portegeeske koloanjes Madeara en de Azoaren. Yn 'e tiid fan it Territoarium kamen dêr noch lju by út Koreä, de Filipinen, de Rjûkjû-eilannen en Porto Riko. Mienskiplike ûnderfinings op 'e plantaazjes skoep in bân tusken al dy ferskillende befolkingsgroepen. Ek Hawaïaansk Pidgin, in pidgintaal foar ûnderlinge kommunikaasje, ûntjoech him yn dy tiid op 'e plantaazjes. It boedisme en sjintoïsme groeiden op Hawaï út ta grutte religyen, en de Roomsk-Katolike Tsjerke waard de grutste kristlike denominaasje.
Yn 1931 die yn 'e Saak-Massie lykwols bliken dat de rasserelaasjes yn Hawaï net sa geunstich wiene as se foarsteld waarden. Op 12 septimber 1931 rekke Thalia Massie, de frou fan in Amerikaanske marine-ofsier, dronken. Letter fertelde se dat se yn dy steat mishannele en ferkrêfte wie troch fiif net-blanke manlju. Dyselde jûns noch pakte it Honolulu Police Department fiif plantaazje-arbeiders op, dy't by Massie yn it sikehûs brocht waarden, dêr't sy harren identifisearre as de dieders. Doe't it lykwols ta in rjochtsaak kaam, oardiele de sjuery dat der net genôch bewiismateriaal wie om ta in skuldichbefining te kommen. Neitiid waard ien fan 'e beklagen troch ûnbekenden slim mishannele, wylst in oarenien, Joseph Kahahawai, fermoarde waard. De plysje arrestearre de dieders: Massie har man Thomas, har mem Grace Fortescue en twa Amerikaanske matroazen. Dy waarden skuldich befûn troch in sjuery en feroardiele ta tsien jier twangarbeid. Yn grutte ferûntweardiging oer dat fûnis drigen de lieders fan 'e blanke mienskip yn Hawaï en 103 leden fan de Territoriale Legislatuer om 'e steat fan belis ôf te kundigjen. Gûverneur Lawrence M. Judd sette de straffen doe om ta in oere 'neibliuwen' yn syn amtskeamer. De gewoane befolking fan Hawaï wie skokt oer dizze gong fan saken.
Twadde Wrâldoarloch Fanwegen oprinnende spannings yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan, dy't ferbân holden mei de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch en oanboaze waarden troch de oangeande Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa, ferhuze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt de Amerikaanske Pasifyske Float begjin 1941 fan San Diego, yn Kalifornje, nei it Marinestasjon Pearl Harbor. Dat wie troch de Amerikaanske Marine fêstige oan 'e súdkust fan it Hawaïaanske eilân Oähû, by de lagune Pearl Harbor, fuort bewesten Honolulu.
Op 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 fierde de Keizerlike Japanske Marine in ferrassingsbombardemint út op it Marinestasjon Pearl Harbor en oare doelen op Oähû. Dat bombardemint wie bedoeld om 'e Amerikaanske Pasifyske Float mei ien ferpletterjende klap út te skeakeljen, sadat de Japanners de hannen frij hawwe soene foar de ferovering fan 'e Amerikaanske, Britske en Nederlânske koloanjes yn Súdeast-Aazje. By dy beruchte Oanfal op Pearl Harbor waarden fjouwer Amerikaanske slachskippen en ferskate oare marineskippen ta sinken brocht en kamen yn totaal oan Amerikaanske kant 2.403 minsken om. De Feriene Steaten, dy't har oant dy tiid ôfsidich holden hiene fan 'e Twadde Wrâldoarloch, waarden dêrtroch op abrupte en ûntsjinkearbere wize by it konflikt belutsen.
Nei it bombardemint waard yn Hawaï de steat fan belis útroppen, wêrby't de opienfolgjende territoriale gûverneurs Jospeh B. Pointdexter en Ingram M. Stainback ôfstân diene fan in grut diel fan harren foech en dat oerdroegen oan in militêre gûverneur dy't oansteld waard troch de Amerikaanske Striidkrêften. De territoriale grûnwet waard opskoarre, en de Territoriale Legislatuer en it Territoriaal Heechgerjochtshôf waarden foar ûnbeskate tiid ûntbûn. De formearring fan in militêr regear foar Hawaï foel foar it meastepart ta oan generaal-majoar Thomas H. Green, in funksjonaris fan it buro fan 'e auditeur-militêr-generaal, dy't sels de militêre minister fan Binnenlânske Saken waard. Generaal Walter Short stelde himsels op 7 desimber 1941 oan as de earste militêr gûverneur, naam it regear fan it territoarium oer en betrok in kantoar yn it ‘Iolani Paleis, dat barrikadearre en fan rinfuorgen foarsjoen waard. Hy waard lykwols op 17 desimber al út syn funksje ûntheft, formeel yn beskuldiging steld foar plichtsfersom en der yn algemiene sin fan beskuldige dat er minne tariedings makke hie foar in eventuele Japanske oanfal op Hawaï.
De Oanfal op Pearl Harbor en fral it dêropfolgjende Niïhau-ynsidint, wêrby't in delstoarte Japanske piloat op it eilân Niïhau blykber sûnder folle muoite help besette koe fan pleatslike Japanske ymmigranten, wiene foar de oerheid fan 'e Feriene Steaten bewiis dat Japanners net te fertrouwen wiene. Dy oertsjûging joech oanlieding foar de ynternearring fan etnyske Japanners. Binnen inkele oeren nei de oanfal waarden hûnderten foaroanlju fan 'e Japanske mienskip op Hawaï oppakt en ûnder hege befeiliging finzenset yn kampen lykas dat op Sand Island, yn 'e mûning fan 'e haven fan Honolulu, yn it Militêr Kamp Kilauea op it eilân Hawaï. Yn 'e legere 48 steaten waarden fan 20 febrewaris 1942 ôf mear as 110.000 Japanske ymmigranten en ôfstammelingen fan Japanske ymmigranten ynternearre yn kampen yn 'e woastyn fan Utah en Colorado, der't se min behannele waarden. Dat wiene frijwol alle etnyske Japanners dy't oan of deunby de Amerikaanske westkust wennen. Op Hawaï, dêr't yn 1941 mear as 150.000 minsken fan etnysk Japansk komôf wiene (oftewol mear as in trêdepart fan 'e befolking), wie soks net praktysk en waarden 'mar' 1.200 oant 1.800 minsken ynternearre.
Under de steat fan belis waard elts faset fan it iepenbiere libben op Hawaï behearske troch de militêr gûverneur. It militêre regear liet alle ynwenners fan it territoarium âlder as seis jier fingerôfdrukken ôfnimme, lei blackouts en in jûnsklok op, stelde benzine en (neffens guon boarnen) itenswaren op rantsoen, lei de media sensuer op, sensurearre alle ynkommende en útgeande post en ferbea (neffens guon boarnen) alkohol, feardige nije ferkearsregels út en bemuoide him sels mei it leegjen fan 'e jiskefetten. Wa't him net oan 'e opleine regels hold, waard foar in militêr tribunaal sleept dat bestrafte sûnder dat der heger berop mooglik wie. Der waard (by Algemien Befel Nû. 91) ek in befriezing fan 'e wurksitewaasje ôfkundige (men mocht inkeld noch fan baan feroarje as jins wurkjouwer dêr tastimming foar joech). Fierders waarden alle rjochtbanken opheft dêr't tsjûgen en sjuerys foar nedich wiene. De útspraken fan 'e militêre tribunalen út dy tiid lieten dúdlik in befoaroardieling fan militêren tsjin boargers blike. Der briek ek in ûnderlinge striid om ynfloed út tusken de ministearjes fan Oarloch, Justysje en Binnenlânske Saken fan it militêr regear, wêrby't Justysje no ris in bemiddeljende rol spile en dan wer mei Oarloch of Binnenlânske Saken ûnder ien tekken skûle.