Jumanji: Welcome to the Jungle is in Amerikaanske fantasy-aventoerekomeedzje út 2017 ûnder rezjy fan Jake Kasdan, mei yn 'e haadrollen Dwayne Johnson en Kevin Hart. De titel betsjut "Jumanji: Wolkom yn it Oerwâld". De film is it twadde diel fan 'e Jumanji-filmsearje, en is as sadanich it ferfolch op 'e film Jumanji, út 1995, mei yn 'e haadrol Robin Williams. It ferhaal giet oer in groepke teenagers dat yn it magyske fideospultsje Jumanji sûgd wurdt. Se krije avatars oanmetten dy't hielendal net by harren passe en moatte it spultsje winne as se der ea wer útkomme wolle. Jumanji: Welcome to the Jungle krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses. In trêde film yn 'e rige, Jumanji: The Next Level, kaam út yn 2019.

Plot Yn 1996 fynt in jogger op it strân yn Brantford, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Hampshire, it spultsje Jumanji, dat heal begroeven leit ûnder it sân. Hy nimt it mei nei hûs en jout it oan syn soan Alex, dy't him ôffreget wa't der no noch boerdspultsjes spilet en it oan 'e kant leit. Letter dy jûns ûntdekt er dat it feroare is yn in fideospultsje. As er fol ûnleauwe it spultsje oan in neier ûndersyk ûnderwerpt, wurdt er yn it fideospultsje sûgd sadree't er in avatar keazen hat. Hy wurdt nea wer weromsjoen.

Tweintich jier letter, yn 2016, wit eltsenien yn Brantford noch fan 'e ferdwining fan Alex Vreeke. Syn treurjende heit is in soarte fan doarpsgek wurden, dy't syn hûs en tún alhiel fertutearzje litten hat, sadat it no (mei in wurdboarterij nei de namme fan 'e man) bekend stiet as it freak house. Op in dei moatte fjouwer teeners dy't learlingen binne oan 'e Brantford High School neibliuwe.

De spjochtige nerd Spencer Gilpin en de reuseftige Amerikaansk fuotbalspiler Anthony "Fridge" Johnson wiene bêste freonen doe't se jonger wiene, mar binne útinoar groeid fanwegen ferskillende belangstellings, en ek om't Fridge him foar syn sportmaten oer eins wat skammet om mei Spencer om te gean. Hy bepraat Spencer wol om syn skripsje foar skiednis foar him te skriuwen, om't er dêr in goed sifer foar nedich hat om lid fan it Amerikaansk fuotbalteam bliuwe te meien. Spencer, dy't altyd goeie sifers hellet, raffelet de skripsje ôf tusken it spyljen fan fideospultsjes troch, mei as gefolch dat er sûnder erch frazen brûkt dy't er yn syn eigen skripsje ek brûkt hat. It bedroch komt út en Spencer en Fridge wurde nei de rektor stjoerd. Dêr komt ek moadepopke Bethany Walker, dy't út 'e les stjoerd is om't se op har mobile tillefoan oant it beljen wie, en de bleue Martha Kaply, op wa't Spencer temûk fereale is, dy't de gymleararesse ferteld hat dat se har libben net ferdwaan wol troch bygelyks gymlearaar te wurden.

Foar straf set rektor Bentley de fjouwer yn 'e kelder fan it skoallegebou oan it opromjen. Dêr ûntdekke se in âld fideospultsje dat Jumanji hjit, en om't se alles leaver dogge as opromjen, beslute se dat te spyljen. Sadree't se alle fjouwer in avatar keazen hawwe, wurde ek sy yn it spultsje sûgd. Dan docht bliken dat de avatar fan Spencer, dr. Smolder Bravestone, in beamlange, alderraarst spierde keardel is, wylst de avatar fan Fridge in lyts mantsje is dat Mouse Finbar hjit (Fridge hie by it kiezen fan syn avatar de bynamme Mouse, "mûs", oansjoen foar Moose, "eland"). Martha har avatar is de superseksy fjochtsportekspêr Ruby Roundhouse, mar de avatar fan Bethany, prof. Shelly Oberon, blykt in obese man yn syn middeljierren te wêzen.

De wrâld fan Jumanji is in tropysk reinwâld dat bewenne wurdt troch alderhanne gefaarlike wylde bisten. Elts fan 'e spilers hat trije swarte streken oer de binnenkant fan 'e lofterpols. Nei't Bethany opfretten is troch in nylhoars en op 'e nij yn it spul ferskynt troch út 'e loft te fallen, hat se noch mar twa fan sokke streken. Spencer liedt dêrút ôf dat de streken it tal libbens oanjouwe dat de spiler noch oer hat. Hy is bang dat se, as se alle trije libbens ferspylje, echt deagean sille.

Koarte tiid letter moetet de groep it non-player character Nigel Billingsley, in gids dy't harren bekend makket mei de plot fan it fideospultsje en mei de persoanlike skiednis fan harren avatars. It doel fan it spultsje blykt it beëinigjen fan in flok te wêzen dy't op 'e wrâld fan Jumanji leit. Dy is feroarsake troch de boasaardige argeolooch Russell Van Pelt, dy't in magysk juwiel stellen hat dat it "Each fan 'e Jagûar" hjit. Dêrmei kin er alle bisten yn it oerwâld syn wil oplizze. Nigel hat it juwiel lykwols oan Van Pelt ûntfytmanne. Hy jout it oan Spencer mei de opdracht om it werom te bringen nei it plak dêr't it thúsheart: in reuseftich stânbyld fan in jagûar djip yn 'e jungle. Nei't se it te plak brocht hawwe, moatte se "Jumanji!" roppe om 'e flok op te heffen, sadat it spul beëinige wurdt.

Nei't Nigel de fjouwer spilers efterlitten hat om it spul te spyljen, moatte de fjouwer teenagers sjen om te gean mei harren avatars, dy't allegear beskate krêften en soms aparte swakten hawwe. Sa ûntploft Mouse Finbar as er cake yt. Bethany hat in protte swierrichheden om yn it reine te kommen mei it feit dat se no in grouwe âlde man is, wylst Martha har net noflik fielt as sekssymboal. In bykommend probleem is de slommerjende wrok tusken Spencer en Fridge. Wylst Fridge Spencer de skuld jout fan it ferlies fan syn plak yn it Amerikaansk fuotbalteam, is Spencer noch altyd lulk dat Fridge him falle litten hat doe't er oare freonen krige. De omkearde lichaamlike ferhâlding tusken de beide, mei Spencer no yn 'e rol fan 'e grutte sterke keardel en Fridge as lyts opljeppend mantsje dat noch gjin dûk yn in pakje bûter slaan kin, feroaret de dynamyk tusken harren. Fan gefolgen wurdt Spencer mûniger, wylst Fridge twongen wurdt om 'e wrâld ris fan 'e oare kant te besjen.

Efterfolge troch de trewanten fan Van Pelt berikke de fjouwer teenagers úteinlik in bazaar dy't befolke wurdt troch non-player characters. Dêr moetsje se de fyfde spiler, Alex, dy't as avatar de piloat Jefferson "Seaplane" McDonough oannommen hat. Hy nimt harren mei nei in hûs yn it oerwâld dat er oantroffen hat sa't it is. (It waard eins boud troch Alan Parrish, de foarrige spiler fan it spul, sjoch: Jumanji.) As Spencer, Fridge, Bethany en Martha beseffe dat Alex eins de al tweintich jier fermiste Alex Vreeke is, binne se skokt. Alex is sels noch slimmer skokt as er dat heart, want foar syn gefoel hat er noch mar in pear moanne yn it spultsje fêstsitten. De fjouwer oaren nimme har foar om Alex te befrijen en mei harren nei de echte wrâld weromkeare te litten. Wylst Bethany as in blok falt foar Alex, bychtet Spencer op dat er al jierren gefoelens foar Martha hat. It docht bliken dat sy ek belangstelling foar him hat. Bethany leart Martha om net sa bleu, mar ynstee grutsk op har lichem te wêzen.

Troch gear te wurkjen, witte de fiif spilers alle obstakels te oerwinnen dy't yn har wei steane, fan in stikkene helikopter oant in keppel minskeslinende noashoarnen. Uteinlik witte se it reuseftige jagûarbyld te berikken, dêr't Van Pelt harren oer it mad komt. Wylst Fridge, Bethany en Alex him ôfliede, binne Spencer en Martha him te fluch ôf troch de regels fan it spul tsjin him te brûken. Nei't Spencer it juwiel wer op syn plak lein hat en alle fiif spilers "Jumanji!" roppen hawwe, wurdt Van Pelt ferneatige en kinne de spilers troch mei de op 'e nij opdûkende Nigel Billingsley te fûstkjen it spul ferlitten en weromkeare nei de echte wrâld.

Spencer, Fridge, Bethany en Martha ûntdekke dat se wer yn 'e kelder fan it skoallegebou binne, mar Alex is net by harren. As se fjouweresom nei hûs rinne, komme se by it freak house lâns, dat der no ta harren ferheardens útsjocht as in normaal hûs. Dêr moetsje se in folwoeksen Alex Vreeke, dy't fertelt dat hy nei it beëinigjen fan it spul weromstjoerd is nei de jûn dat er Jumanji ynsûgd waard, tweintich jier lyn. Hy is no troud en hat in lyts dochterke, dat er Bethany neamd hat, nei it famke dat syn libben rêden hat. Bethany is djip teloarsteld dat it no neat wurde kin tusken har en Alex, mar se is bliid foar him dat er syn âlde libben wer oppakke kinnen hat.

De fjouwer teenagers binne foar altyd feroare troch harren ûnderfinings yn Jumanji. Spencer en Fridge hawwe harren skeel bylein en binne no wer inoars bêste freonen. Bethany is net mear in moadepopke dat inkeld dwaande is mei har imago op 'e sosjale media, mar makket plannen om yn 'e fakânsje as backpacker in tocht troch de natoer te meitsjen. En Spencer en Martha krije ferkearing. As de groep it roffeljen fan trommen wer heart (dat mank giet mei Jumanji), helje se it fideospultsje út 'e kelder fan 'e skoalle en litte se der in bowlingbal op falle om foar te kommen dat immen ea noch yn it spultsje fêst komme sil te sitten.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise dr. Smolder Bravestone, de avatar fan Spencer Gilpin Dwayne Johnson Mouse Finbar, de avatar fan Fridge Johnson Kevin Hart

byrollen personaazje akteur/aktrise prof. Shelly Oberon, de avatar fan Bethany Walker Jack Black Ruby Roundhouse, de avatar fan Martha Kaply Karen Gillan Seaplane McDonough, de avatar fan Alex Vreeke Nick Jonas prof. Russell Van Pelt Bobby Cannavale Spencer Gilpin Alex Wolff Anthony "Fridge" Johnson Ser'Darius Blain Bethany Walker Madison Iseman Martha Kaply Morgan Turner Alex Vreeke Mason Guccione Alex Vreeke as folwoeksene Colin Hanks (net fermeld op 'e ôftiteling) Nigel Billingsley Rhys Darby rektor Bentley Marc Evan Jackson Janice Gilpin, de mem fan Spencer Gilpin Marin Hinkle mem fan Fridge Johnson Tracey Bonner mem fan Bethany Walker Natasha Charles Packer leararesse skiednis frou Mathers Carlease Burke leararesse gymnastyk frou Web Missi Pyle leararesse Ingelsk Maribeth Monroe Lucinda, Bethany har bêste freondinne Kat Altman heit fan Alex yn 1996 Sean Buxton heit fan Alex yn 2016 Tim Matheson Fussfeld, Spencer syn maat Michael Shacket cakeferkeaper yn bazaar William Tokarsky jonkje yn bazaar Rohan Chand

Produksje en distribúsje Produksje Nei it súkses fan 'e film Jumanji, út 1995, mei Robin Williams yn 'e haadrol, makke Sony Pictures Entertainment yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren plannen foar in ferfolchfilm, Jumanji 2. De plot dy't dêrfoar betocht waard, gie oer John Cooper, de presidint fan 'e Feriene Steaten, dy't it boerdspul Jumanji foar syn bern keapet en dan mei harren yn it spul sûgd wurdt. Dat makket de wei frij foar syn boasaardige fise-presidint om 'e macht te gripen. It wie de bedoeling dat de film mei de kryst fan 2000 yn 'e bioskopen komme soe, mar Ken Ralston, de regisseur dy't de studio foar de film op it each hie, seach fan it projekt ôf, dat dêrtroch op 'e lange baan skood waard. Fan útstel kaam meitiid ôfstel.

Yn july 2012 besleat Columbia Pictures om in remake fan Jumanji te meitsjen, dy't de film, yn 'e wurden fan algemien direkteur Doug Belgrad "op 'e nij ynbyldzje" en "by de tiid bringe" moast. Yn augustus 2015 waard bekendmakke dat de nije Jumanji-film yn desimber 2016 yn 'e bioskopen komme moast. Reäksjes dêrop wiene fierhinne negatyf, mei't oer it algemien fûn waard dat de oankundiging te fluch nei it ferstjerren (troch selsmoard) kaam fan Robin Williams. Nettsjinsteande de krityk sette de studio troch. Jake Kasdan waard oanlutsen as regisseur en Chris McKenna, Erik Sommers, Scott Rosenberg en Jeff Pinkner skreaune it senario. De film makke gebrûk fan 'e wurktitel Jumanji, en de úteinlike titel Jumanji: Welcome to the Jungle waard winliken frij let yn it produksjeproses betocht troch akteur Jack Black.