In Bond girl of "Bond-famke" is in tsjep, jong, froulik personaazje út 'e romans en koarte ferhalen fan 'e James Bond-romansearje, de films fan 'e James Bond-filmsearje en de ûnderskate James Bond-fideospultsjes. Sokke personaazjes geane om mei de Britske geheim agint James Bond (faak troch mei him it bêd te dielen), en komme ornaris yn mar ien boek of film foar. Se hawwe soms nammen dêr't in seksuele dûbelsinnichheid yn besletten leit of dy't op oare wize apart binne. Der binne ferskate typen Bond girls: de helpster, de femme fatale en it slachtoffer. De oantsjutting 'Bond girl' kin ek yn it echte libben brûkt wurde foar de aktrises dy't yn in James Bond-film sa'n rol spylje. Foar sokke aktrises jout dy rol faak in tige positive ympuls oan harren karriêre.
Ynspiraasje De ynspiraasje foar alle oarspronklike Bond girls út 'e romans en koarte ferhalen dy't skreaun waarden troch Ian Fleming, de geastlike heit fan it personaazje James Bond, soe skoan syn freondinne Muriel Wright west hawwe kinne. Hja wie 26 jier en neffens doetiidske beskriuwings "útsûnderlike tsjep" doe't hja yn 1935 mei Fleming yn 'e kunde kaam. Wright wie ek in feardich ruter, skyster en polospylster, en boppedat wie se ryk wurden fan har wurk as model. Sy en Fleming krigen in relaasje wêrby't se him trou bleau nettsjinsteande syn oanhâldende gefallen fan oerhoer. Doe't se ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 1944 omkaam by in Dútsk bombardemint wie Fleming der alhiel stikken fan.
Nammen De Bond girls út 'e boeken fan Fleming en de films oer James Bond drage soms nammen dy't apart binne, lykas Vesper Lynd (vesper betsjut "jûnsgebed"), May Day (letterlik: "maaiedei", mar it betsjut eins "1 maaie" of "mayday", in helpoprop fan piloaten), Molly Warmflash (warmflash betsjut "waarmflits" en ropt assosjaasjes mei de oergong op), Christmas Jones (christmas betsjut "kryst"), en Fields ("fjilden"), dy't fan foaren Strawberry ("ierdbei") blykt te hjitten. Ferskate kearen komt it ek foar dat Bond girls in namme drage dy't in seksueel suggestive wurdboarterij befettet, lykas Honey Ryder ("hunichrider"), Pussy Galore ("poeske oeral"), Plenty O'Toole ("genôch ark"), Holly Goodhead ("Holly Pijper")* en Xenia Onatopp ("Xenia Boppe-op"). *) Goodhead is eins in besteande Ingelske efternamme dy't in ferbastering is fan it Angelsaksyske wurd foar "godheid", in betsjutting dy't men yn it hjoeddeistige Ingelsk net mear weromken om't it efterheaksel -head, "-heid", net mear bestiet; head, "holle", is lykwols ek in sprektaalterm foar orale seks, en Goodhead kin sadwaande opfet wurde as "goede orale seks" of "goed yn orale seks".
Ferskillende soarten Bond girls Der besteane gjin regels foar hokker rol in froulik personaazje yn in ferhaal oer James Bond spylje moat om as Bond girl beskôge te wurden. De iennichste betingsten foar dy oantsjutting binne dat se tsjep en jong wêze moat. Faak hawwe Bond girls geandewei it ferhaal seks mei James Bond, mar dat hoecht net. Bond girl Camille Montes yn 'e film Quantum of Solace, bygelyks, dielt nea it bêd mei Bond, hoewol't se yn dy film fierwei it wichtichste jonge, tsjeppe, froulike personaazje is. Los fan 'e fraach oft se no al of net seksuele partners fan Bond binne, besteane der trije soarten Bond girls: de helpster – sy helpt Bond om syn doel te berikken de femme fatale – sy besiket Bond fan syn doel ôf te hâlden, ornaris troch him te ferlieden en dan te besykjen om him te fermoardzjen it slachtoffer – sy komt koart mei Bond yn 'e kunde, rekket faak sûnder wat fan 'e saak ôf te witten by syn aventoeren belutsen en moat dat mei de dea bekeapje
Opsomming fan Bond girls Yn literêre wurken fan Ian Fleming titel (jier fan publ.) Bond girl Casino Royale (1953) Vesper Lynd Live and Let Die (1954) Simone "Solitaire" Latrelle Moonraker (1955) Gala Brand Diamonds Are Forever (1956) Tiffany Case From Russia, with Love (1957) korporaal Tatjana Romanova Dr. No (1958) Honeychile Rider Goldfinger (1959) Pussy GaloreJill MastertonTilly Masterton From a View to a Kill (1960) Mary Ann Russell For Your Eyes Only (1960) Judy Havelock Quantum of Solace (1960) n.f.t. Risico (1960) Lisl Baum The Hildebrand Rarity (1960) Liz Krest Thunderball (1961) Domino VitaliPatricia Fearing The Spy Who Loved Me (1962) Vivienne Michel On Her Majesty's Secret Service (1963) Teresa di Vicenzo (Tracy Bond)Ruby Windsor You Only Live Twice (1964) Kissy SuzukiMariko Ichiban famke sûnder namme The Man with the Golden Gun (1965) Mary Goodnight The Living Daylights (1966) Trigger The Property of a Lady (1966) Maria Freudenstein Octopussy (1966) n.f.t. 007 in New York (1966) Solange
Yn literêre wurken fan oare skriuwers titel (jier fan publ.) skriuwer Bond girl Colonel Sun (1968) Kingsley Amis (pseudonym Robert Markham) Ariadne Alexandrou Licence Renewed (1981) John Gardner Lavender Peacock For Special Services (1982) John Gardner Cedar LeiterNena Bismaquer Icebreaker (1983) John Gardner Paula VackerRivke Ingber Role of Honour (1984) John Gardner Persephone "Percy" Proud Nobody Lives for Ever (1986) John Gardner Sukie Tempesta No Deals, Mr. Bond (1987) John Gardner Ebbie Heritage Scorpius (1988) John Gardner Harriett Horner Win, Lose or Die (1989) John Gardner Clover PenningtonBeatrice Maria da Ricci Brokenclaw (1990) John Gardner Sue Chi-Ho The Man from Barbarossa (1991) John Gardner Stephanie AdoréNina Bibikova Death is Forever (1992) John Gardner Elizabeth "Easy" St. John Never Send Flowers (1993) John Gardner Fredericka "Flicka" von Grüsse SeaFire (1994) John Gardner Fredericka "Flicka" von Grüsse Cold (1996) John Gardner Sukie TempestaBeatrice Maria da Ricci Blast From the Past (1997) Raymond Benson n.f.t. Zero Minus Ten (1997) Raymond Benson Sunni Pei The Facts of Death (1998) Raymond Benson Niki MirakosHera Volopoulos Midsummer Night's Doom (1999) Raymond Benson Lisa Dergan High Time to Kill (1999) Raymond Benson Helena MarksburyHope Kendal Live at Five (1999) Raymond Benson Janet Davies DoubleShot (2000) Raymond Benson Kimberly FeareHeidi TauntHedi Taunt Never Dream of Dying (2001) Raymond Benson Tylyn Mignonne The Man with the Red Tattoo (2002) Raymond Benson Reiko TamuraMayumi McMahon Devil May Care (2008) Sebastian Faulks Scarlett Papava Carte Blanche (2011) Jeffery Deaver Felicity Willing Ophelia "Philly" Maidenstone Solo (2013) William Boyd Bryce Fitzjohn Efua Blessing Ogilvy-Grant Trigger Mortis (2015) Anthony Horowitz Jeopardy LaneLogan FairfaxPussy Galore Forever and a Day (2018) Anthony Horowitz Joanne "Sixtine" Brochet
Yn films fan Eon Productions Yn 'e films fan Eon Productions wurdt aktrise Ursula Andress yn har rol as Honey Ryder yn Dr. No (1962) rûnom beskôge as de earste Bond girl. It wie lykwols pas de film Goldfinger (1964) dy't de Bond girl ta in fêst ûnderdiel fan 'e James Bond-films makke.
film bêdpartner helpster femme fatale slachtoffer Dr. No Sylvia Trench (Eunice Gayson) Miss Taro (Zena Marshall) Honey Ryder (Ursula Andress) Honey Ryder Miss Taro n.f.t. From Russia with Love Sylvia Trench (Eunice Gayson) Vida (Aliza Gur) Zora (Martine Beswick) Tatjana Romanova (Daniela Bianchi) Tatjana Romanova Rosa Klebb (Lotte Lenya) n.f.t. Goldfinger Jill Masterson (Shirley Eaton) Pussy Galore (Honor Blackman) Pussy Galore Bonita (Nadja Regin) Jill Masterson Tilly Masterson (Tania Mallet) Thunderball Patricia "Pat" Fearing (Molly Peters) Fiona Volpe (Luciana Paluzzi) Domino Derval (Claudine Auger) Domino Derval Fiona Volpe Paula Caplan (Martine Beswick) You Only Live Twice Aki (Akiko Wakabayashi) Helga Brandt (Karin Dor) Kissy Suzuki (Mie Hama) Kissy Suzuki Helga Brandt Aki On Her Majesty's Secret Service Teresa di Vicenzo (Diana Rigg) Ruby Bartlett (Angela Scoular) Nancy (Catherine Schell) Teresa di Vicenzo Irma Bunt (Ilse Steppat) Teresa di Vicenzo Diamonds Are Forever Tiffany Case (Jill St. John) Tiffany Case Bambi (Lola Larson) Thumper (Trina Parks) Plenty O'Toole (Lana Wood) Live and Let Die Miss Caruso (Madeline Smith) Rosie Carver (Gloria Hendry) Solitaire (Jane Seymour) Solitaire n.f.t. Rosie Carver The Man with the Golden Gun Andrea Anders (Maud Adams) Mary Goodnight (Britt Ekland) Mary Goodnight n.f.t. Andrea Anders The Spy Who Loved Me fanke yn blokhutte (Sue Vanner) fanke yn haremtinte (Dawn Rodrigues) majoar Anja Amasova (Barbara Bach) Anja Amasova Naomi (Caroline Munro) Felicca (Olga Bisera) Moonraker Corinne Dufour (Corinne Cléry) Manuela (Emily Bolton) Holly Goodhead (Lois Chiles) Holly Goodhead stewardess yn priveefleantúch (Leila Shenna) blondine (Irka Bochenko) Corinne Dufour For Your Eyes Only grevinne Lisl von Schlaf (Cassandra Harris) Melina Havelock (Carole Bouquet) Melina Havelock n.f.t. grevinne Lisl von Schlaf Octopussy Magda (Kristina Wayborn) Octopussy (Maud Adams) Octopussy n.f.t. n.f.t. A View to a Kill Kimberley Jones (Mary Stävin) May Day (Grace Jones) Pola Ivanova (Fiona Fullerton) Stacey Sutton (Tanya Roberts) Stacey Sutton May Day Jenny Flex (Alison Doody) Pan Ho (Papillon Soo Soo) May Day The Living Daylights Linda (Kell Tyler) Kara Milovy (Maryam d'Abo) Kara Milovy n.f.t. n.f.t. Licence to Kill Pam Bouvier (Carey Lowell) Lupe Lamora (Talisa Soto) Pam Bouvier n.f.t. Della Churchill (Priscilla Barnes) GoldenEye Caroline (Serena Gordon) Natalja Simonova (Izabella Scorupco) Natalja Simonova Xenia Onatopp (Famke Janssen) n.f.t. Tomorrow Never Dies prof. Inga Bergstrøm (Cecilie Thomsen) Paris Carver (Teri Hatcher) Lin Wai (Michelle Yeoh) Lin Wai n.f.t. Paris Carver The World Is Not Enough dr. Molly Warmflash (Serena Scott Thomas) Elektra King (Sophie Marceau) dr. Christmas Jones (Denise Richards) dr. Christmas Jones Giulietta da Vinci (Maria Grazia Cucinotta) Elektra King n.f.t. Die Another Day Jinx Johnson (Halle Berry) Miranda Frost (Rosamund Pike) Jinx Johnson Miranda Frost n.f.t. Casino Royale (2006) Vesper Lynd (Eva Green) Vesper Lynd Valenka (Ivana Miličević) Solange Dimitrios (Caterina Murino) Quantum of Solace Strawberry Fields (Gemma Arterton) Camille Montes (Olga Kurylenko) n.f.t. Strawberry Fields Skyfall minneresse fan Bond (Tonia Sotiropoulou) Sévérine (Bérénice Marlohe) Miss Moneypenny (Naomie Harris) n.f.t. Sévérine Spectre Lucia Sciarra (Monica Bellucci) dr. Madeleine Swann (Léa Seydoux) dr. Madeleine Swann n.f.t. n.f.t. No Time to Die dr. Madeleine Swann (Léa Seydoux) dr. Madeleine SwannPaloma (Ana de Armas)Nomi (Lashana Lynch) n.f.t. n.f.t.
Yn oare films Der binne trije James Bond-films dy't net troch Eon Productions makke waarden. Yn dy films binne de ûnderskate rollen fan 'e Bond girls folle dreger te kategorisearjen. film Bond girl Casino Royale (1954) Valerie Mathis (Linda Christian) Casino Royale (1967) Vesper Lynd (Ursula Andress)Miss Goodthighs (Jacqueline Bisset)Miss Moneypenny (Barbara Bouchet aginte Mimi/Lady Fiona McTarry (Deborah Kerr)The Detainer (Daliah Lavi)Mata Bond (Joanna Pettet)Buttercup (Angela Scoular) Never Say Never Again Domino Petachi (Kim Basinger) Fatima Blush (Barbara Carrera) Patricia Fearing (Prunella Gee) dame yn 'e Bahama's (Valerie Leon) Nicole (Saskia Cohen Tanugi)
Yn fideospultsjes