James Bond is in fan oarsprong Britske (no Britsk-Amerikaanske) mediafranchise dy't draait om James Bond, in geheim agint mei it koadenûmer 007 fan 'e Britske bûtenlânske ynljochtingetsjinst MI6. Dat no wrâldferneamde personaazje waard yn 1953 skepen troch de Britske skriuwer Ian Fleming. James Bond spile de haadrol yn tolve romans en twa ferhalebondels fan Fleming, en nei dy syn ferstjerren yn 1964 binne der fan acht oare skriuwers autorisearre romans en koarte ferhalen út 'e James Bond-searje ferskynd. Fan 1962 ôf rint der ek in filmsearje oer James Bond, wêrfan't yn 2021 it 25e of 28e diel ferskynde (ôfhinklik fan 'e fraach oft men de films meirekkenet dy't net troch Eon Productions makke binne). Dêrnjonken binne der stripboeken, fideospultsjes, in tekenfilmsearje, in companionboek en in rige soundtrackalbums yn it ramt fan 'e James Bond-franchise ferskynd. Fral de James Bond-films binne útwrydske populêr; se foarmje de langst rinnende filmsearje aller tiden (yn 2022 60 jier) en hawwe (sûnder ynflaasjekorreksje) yn totaal mear as $7 miljard opbrocht.

Romansearje Ian Fleming skreau tusken 1952 en syn ferstjerren yn 1964 alle jierren op fakânsje yn Jamaika in nij diel fan 'e James Bond-romansearje, dat hieltyd in jier letter útjûn waard. Uteinlik soe syn rige bestean út tolve romans en twa bondels mei koarte ferhalen.

1953 – Casino Royale 1954 – Live and Let Die 1955 – Moonraker 1956 – Diamonds Are Forever 1957 – From Russia, with Love 1958 – Dr. No 1959 – Goldfinger 1960 – For Your Eyes Only (ferhalebondel) From a View to a Kill For Your Eyes Only Quantum of Solace Risico The Hildebrand Rarity 1961 – Thunderball 1962 – The Spy Who Loved Me 1963 – On Her Majesty's Secret Service 1964 – You Only Live Twice 1965 – The Man with the Golden Gun 1966 – Octopussy and The Living Daylights (ferhalebondel) Octopussy The Living Daylights The Property of a Lady (net yn 'e oarspronklike edysje, mar tafoege oan lettere edysjes) 007 in New York (net yn 'e oarspronklike edysje, mar tafoege oan lettere edysjes)

Wurken fan oare skriuwers Nei it ferstjerren fan Fleming, yn augustus 1964, waarden der ferskate oare auteurs autorisearre ta it skriuwen fan nije James Bond-romans of 'ferboekings' fan James Bond-films. troch Kingsley Amis (ûnder it pseudonym Robert Markham) 1968 – Colonel Sun (roman) troch Christopher Wood (senarioskriuwer) 1977 – James Bond, The Spy Who Loved My (ferboeking) 1979 – James Bond and Moonraker (ferboeking) troch John Gardner 1981 – Licence Renewed (roman) 1982 – For Special Services (roman) 1983 – Icebreaker (roman) 1984 – Role of Honour (roman) 1986 – Nobody Lives for Ever (roman) 1987 – No Deals, Mr. Bond (roman) 1988 – Scorpius (roman) 1989 – Win, Lose or Die (roman) 1989 – Licence to Kill (ferboeking) 1990 – Brokenclaw (roman) 1991 – The Man from Barbarossa (roman) 1992 – Death is Forever (roman) 1993 – Never Send Flowers (roman) 1994 – SeaFire (roman) 1995 – GoldenEye (ferboeking) 1996 – Cold (roman) troch Raymond Benson 1997 – Blast from the Past (koart ferhaal) 1997 – Zero Minus Ten (roman) 1997 – Tomorrow Never Dies (ferboeking) 1998 – The Facts of Death (roman) 1999 – Midsummer Night's Doom (koart ferhaal) 1999 – Live at Five (koart ferhaal) 1999 – The World Is Not Enough (ferboeking) 1999 – High Time to Kill (roman) 2000 – DoubleShot (roman) 2001 – Never Dream of Dying (roman) 2002 – The Man with the Red Tattoo (roman) 2002 – Die Another Day (ferboeking) troch Sebastian Faulks 2008 – Devil May Care (roman) troch Jeffery Deaver 2011 – Carte Blanche (roman) troch William Boyd 2013 – Solo (roman) troch Anthony Horowitz 2015 – Trigger Mortis (roman) 2018 – Forever and a Day (roman)

Spin-off-searjes Twa spin-off-romansearjes binne út 'e James Bond-rige fuortkommen: in searje oer de jonge James Bond (de Young Bond-rige) en in trilogy oer Miss Moneypenny, de sekretaresse fan MI6-sjef M, dy't fereale is op Bond (The Moneypenny Diaries). Young Bond troch Charlie Higson 2005 – SilverFin (roman) 2006 – Blood Fever (roman) 2007 – Double or Die (roman) 2007 – Hurricane Gold (roman) 2008 – By Royal Command (roman) 2009 – A Hard Man to Kill (koart ferhaal) troch Steve Cole 2014 – Shoot to Kill (roman) 2016 – Heads, You Die (roman) 2016 – Strike Lightning (roman) 2017 – Red Nemesis (roman) The Moneypenny Diaries troch Samantha Weinberg (ûnder it pseudonym Kate Westbrook) 2005 – The Moneypenny Diaries: Guardian Angel (roman) 2006 – The Moneypenny Diaries: Secret Servant (roman) 2008 – The Moneypenny Diaries: Final Fling (roman)

Oare literatuer Njonken fiksje is der ek non-fiksje oer James Bond ferskynd. Sa publisearre Kingsley Amis yn 1965 de literêre stúdzje The James Bond Dossier. Yn 1984 ferskynde fan 'e hân fan Raymond Benson in companionboek by de James Bond-rige, mei as titel The James Bond Bedside Companion.

Filmsearje James Bond is it bekendst wurden troch de filmsearje oer him. De titels fan hast alle romans en koarte ferhalen fan Ian Fleming binne oernommen foar de James Bond-films. Yn 'e measte gefallen is der lykwols net folle ferbân tusken de film en it literêre wurk mei deselde titel. De earste James Bond-ferfilming wie in Amerikaanske tillefyzjefilm út 1954. Sûnt 1962 wurde der bioskoopfilms oer James Bond makke, dy't foar it meastepart produsearre wurde troch de Britske filmstudio Eon Productions.

Yn 'e James Bond-films út 'e tweintichste iuw sieten njonken aksje en yntriizje ek in protte humor en brûkte Bond eltse kear in soad technyske gadgets. Yn 'e ienentweintichste iuw waard de searje mei yngong fan Casino Royale reboot, wêrnei't alle humor en de measte gadgets út 'e ferfilmings ferdwûnen. De James Bond-films binne sa populêr dat de titelsongs faak útgroeiden ta grutte hits. Der binne ek ferskate parodyen op James Bond-films útbrocht, wêrfan't de bekendsten de films oer Austin Powers binne.

Films fan Eon Productions Dr. No

Yn Dr. No wurdt James Bond, in geheim agint foar de Britske ynljochtingetsjinst MI6, nei Jamaika ta stjoerd dêr't in oare Britske agint fermist rekke is. It spoar liedt nei de ûndergrûnske basis fan 'e krimineel dr. No (Joseph Wiseman), in lid fan 'e skimige organisaasje SPECTRE, dy't fan doel is om in iere Amerikaanske lansearring fan 'e space shuttle te dwerseidzjen mei in radioweachwapen. Dr. No waard regissearre troch Terence Young nei in senario fan Richard Maibaum, Johanna Harwood en Berkely Mather. De rol fan James Bond waard spile troch Sean Connery. Dr. No gie op 5 oktober 1962 yn premiêre, en brocht $59,5 miljoen op tsjin in budget fan $1,1 miljoen.

From Russia with Love

Yn From Russia with Love wurdt Bond nei Turkije ta stjoerd om korporaal Tatjana Romanova (Daniela Bianchi), in administratyf meiwurkster fan it konsulaat fan 'e Sovjet-Uny dêre, te helpen om oer te rinnen nei it Westen. Wylst er yn Turkije is, besiket SPECTRE om Bond út 'e ljochten te helpen út wraak foar it feit dat hy (yn 'e foargeande film) dr. No deade hat. From Russia with Love waard regissearre troch Terence Young nei in senario fan Richard Maibaum en Berkely Mather. Sean Connery spile James Bond. From Russia with Love gie op 10 oktober 1963 yn premiêre, en brocht $79 miljoen op tsjin in budget fan $2 miljoen.

Goldfinger

Yn Goldfinger wurdt Bond útstjoerd om it smokkeljen fan goud te ûndersykjen, dêr't de rike sakeman Auric Goldfinger (Gert Fröbe) him skuldich oan makket. Nei in rige yntriizjes ûntdekt er dat Goldfinger fan doel is de Amerikaanske Goudopslach yn Fort Knox te fersmoargjen mei radioaktive strieling sadat syn eigen goud mear wurdich wurdt. Goldfinger waard regissearre troch Guy Hamilton nei in senario fan Richard Maibaum, Paul Dehn en Berkely Mather. De rol fan James Bond waard op 'e nij spile troch Sean Connery. Goldfinger gie op 17 septimber 1964 yn premiêre, en brocht $125 miljoen op tsjin in budget fan $3 miljoen.

Thunderball

Yn Thunderball moat Bond twa atoombommen weromfine dy't troch de kriminele organisaasje SPECTRE stellen binne fan 'e NATO. SPECTRE easket £100 miljoen yn diamanten, oars sille de bommen op in net neier neamde stêd smiten wurde (letter blykt it om Miami te gean). It ûndersyk liedt Bond nei de Bahama's, dêr't er Emilio Largo (Adolfo Celi), de twadde yn rang binnen SPECTRE, op it spoar komt mei help fan CIA-agint Felix Leiter (Rik Van Nutter) en Largo syn eigen mêtresse Domino Derval (Claudine Auger). Thunderball waard regissearre troch Terence Young nei in senario fan Richard Maibaum en John Hopkins. De rol fan James Bond waard wer spile troch Sean Connery. Thunderball gie op 9 desimber 1965 yn premiêre, en brocht $141,2 miljoen op tsjin in budget fan $9 miljoen.

You Only Live Twice

Yn You Only Live Twice wurdt Bond nei Japan ta stjoerd nei't twa bemanne romtefartúgen, ien fan 'e Feriene Steaten en ien fan 'e Sovjet-Uny, yn in baan om 'e Ierde spoarleas ferdwûn binne. De beide supermachten jouwe inoar de skuld en it ynsidint bringt harren op 'e râne fan in oarloch. Bond ûntdekt lykwols dat de man efter de ferdwinings nimmen oars is as Ernst Stavro Blofeld (Donald Pleasence), it haad fan 'e kriminele organisaasje SPECTRE. Dy wurket yn dizze saak yn opdracht fan in net by namme neamd Aziatysk lân (wêrby't de ymplikaasje is dat it om 'e Folksrepublyk Sina giet). Oan Bond de taak om Blofeld te dwerseidzjen en it útbrekken fan in atoomoarloch foar te kommen. You Only Live Twice waard regissearre troch Lewis Gilbert nei in senario fan Roald Dahl. De rol fan James Bond waard spile troch Sean Connery. You Only Live Twice gie op 12 juny 1967 yn premiêre, en brocht $111,6 miljoen op tsjin in budget fan $10,3 miljoen.

On Her Majesty's Secret Service

Yn On Her Majesty's Secret Service komt Bond yn 'e kunde mei grevinne Teresa "Tracy" di Vincenzo (Diana Rigg), dy't er derfan tebekhâldt om selsmoard te dwaan. Har heit blykt de Korsikaanske maffiabaas Marc-Ange Draco (Gabriele Verzetti) te wêzen, dy't wol dat Bond mei syn dochter troud om't er in positive ynfloed op har libbenslust hat. Bond hat dêr gjin boadskip oan, mar wol it spultsje wol meispylje as Draco him fertelt wêr't er Blofeld (Telly Savalas), it haad fan 'e kriminele organisaasje SPECTRE, fine kin. Sa ûntdekt Bond it bestean fan in ûndersyksynstitút yn 'e Switserske Alpen, dêr't Blofeld fan doel is om 'e drinkwetterfoarrieden fan 'e wrâld te besmetten troch bakteriologyske oarlochfiering. Bond dwerseidet dy plannen, rekket ûnderwilens fereale op Tracy en trout mei har, mar ferliest har fuort nei de brulloft by in drive-by shooting dy't útfierd wurdt troch Blofeld.

On Her Majesty's Secret Service waard regissearre troch Peter R. Hunt nei in senario fan Richard Maibaum y.g.m. Simon Raven. De rol fan James Bond waard spile troch de Australyske akteur George Lazenby. On Her Majesty's Secret Service gie op 18 desimber 1969 yn premiêre, en brocht $82 miljoen op tsjin in budget fan $7 miljoen.

Diamonds Are Forever

Yn Diamonds Are Forever docht Bond himsels foar as in smokkelder fan diamanten om in kriminele organisaasje te ynfiltrearjen. Al rillegau komt er dêrby in plan fan op it spoar fan syn aartsfijân Blofeld (Charles Gray) om 'e diamanten te brûken foar it bouwen fan in laserwapen yn 'e romte. Bond moat it noch ien lêste kear tsjin Blofeld opnimme om sawol it diamantsmokkeljen as Blofeld syn plan om Washington, D.C. te ferneatigjen tsjin te hâlden. Diamonds Are Forever waard regissearre troch Guy Hamilton nei in senario fan Richard Maibaum en Tom Mankiewicz. De rol fan James Bond waard spile troch Sean Connery. Diamonds Are Forever gie op 14 desimber 1971 yn premiêre, en brocht $116 miljoen op tsjin in budget fan $7,2 miljoen.

Live and Let Die