Casper Jansen (Badhoevedorp, 24 juny 1977) is in Nederlânske akteur, benammen bekend troch syn rol as Julian Verduyn yn de RTL 4-soap Goede Tijden, Slechte Tijden.
Biografy Jonge jierren Doe't er 11 jier wie spile Jansen by it Amsterdamske Jeugdtheater De Krakeling yn Gestrand (in Nederlânske oersetting fan Lord of the Flies fan William Golding). Ek wie hy op toaniel te sjen yn Ubu Roi (1993) en Kening Lear (1995).
Karriêre Fierder spile Jansen yn ferskate telefyzjerigen, wêrûnder Fort Alpha (1996–1997), en yn de telefyzjesoap Goede tijden, slechte tijden, as Julian Verduyn. Dêrnei krige hy in roltsje yn de film Karakter (1997) en wie hy te sjen yn de telefyzjerige All Stars as de ivich blowende Nemo. De rige is basearre op de lykneamde film út 1997; dêryn is Jansen lykwols in tel te sjen as syn karakter út GTST. Ungefear tagelyk spile hy de plysje Eddy Dolstra yn de film Lek (2000). In jier letter fertolke hy twa seizoenen lang de rol fan resjersjeur Chris Luifel yn de telefyzjerige Luifel & Luifel op SBS6. Yn dizze rige lost hy tegearre mei syn heit (Ebenezer Luifel) moardsaken op. Jansen spile dêrnei ûnder mear yn Volle maan (2002) en De dominee (2004), basearre op it libben fan drugsbaron Klaas Bruinsma, en yn Vet Hard (2005). Dêrneist die hy telefyzjewurk.
Yn 2005 spile Jansen yn it toanielstik Tape fan Stephen Belber. Yn it teäterseizoen 2006–2007 fertolke hy in haadrol neist Jelka van Houten yn it stik Sexual Perversity, regisearre troch Marcus Azzini. Dit toanielstik giet oer freonskip, biningseangst en tagelyk ferlittingseangst, oerjaan en jin oerjaan, mei leafde as heechste priis.
Yn desimber 2005 spruts Jansen tegearre mei Tygo Gernandt de haadrollen fan de kompjûteranimaasjefilm Elephants Dream yn.Actors Cas Jansen and Tygo Gernandt sign up Elephants Dream (12 desimber 2005)
Jansen is sûnt 5 jannewaris 2006 te sjen as Timo de Brauw yn de AVRO-rige Spoorloos verdwenen, wêrfan ein 2008 it tredde en tagelyk lêste seizoen útstjoerd waard.
Yn de simmer fan 2006 makke Jansen syn debút as radio-dj by de stjoerder Arrow Caz. Hy ferfong mei syn presintaasje fan Cas op Caz trije wiken lang it programma Timur Open Air fan Timur Perlin. Yn 2009 fertolke Jansen ien fan 'e haadrollen yn 'e histoaryske film De Hel van '63, oer de Tolfde Alvestêdetocht fan 1963.
Yn 2010 spile hy ek yn de gangsteropera PIMP fan teätergroep ZEP yn teäter de Veste. Hy spile dêryn mei ûnder oaren Nadja Hüpscher. Ek waard hy dat jier de stim fan de telefyzjestjoerder Veronica TV.
Yn 2017 wie hy te sjen yn de rige Vaders & Moeders. De rige bestiet út tolve ôfleverings dy’t elk seis oant acht minuten duorje. De rige waard makke foar on-demandplatform Videoland.
Yn 2019 kaam Jansen nei 20 jier ôfwêzichheid werom yn de RTL 4-soap Goede tijden, slechte tijden as it personaazje Julian Verduyn. Hy kaam werom doe't meardere personaazjes om de famylje Verduyn yntrodusearre waarden."GTST introduceert nieuwe familie rond personage Cas Jansen", 12 desimber 2019, Televizier.nl
Yn 2019 waard bekend dat Cas Jansen in rol krige yn it Fryske filmprojekt Grutte Pier fan regisseur Steven de Jong.filmambassade.nl
Privee Jansen is troud mei aktrise Annelieke Bouwers en hat mei har in dochter en in soan. Zoontje voor Cas Jansen. www.telegraaf.nl seksje Privé. Besjoen op 11 maart 2013
Filmografy 1995: Pisvingers! 1996: Fort Alpha – Jonas van Nieuwenhuizen 1996: Goede tijden, slechte tijden – Julian Verduyn (1996–1999, 2019-no) 1997: Karakter (film) – Opstandeling 1999: All Stars (telefyzjerige)' – Nemo (1999–2001) 2000: Lek (film) – Eddy 2002: Volle maan (film) – Hans 2002: Luifel & Luifel – Chris Luifel 2002: Deadline (2002) – Mike8 2004: De dominee – Pieter 2004: Baantjer (telefyzjerige): De Cock en de gemaskerde moord – Boris Soetens 2005: Vet Hard– Martin 2005: Stuntnacht – Hugo Haren 2006: Spoorloos verdwenen – Resjersjeur Timo de Brauw (2006–2008) 2006: Elephants Dream – Emo 2009: 't Vrije Schaep – Peter 2009: S1NGLE (telefyzjerige): Een jaartje ouder – Melle 2009: De Hel van '63 – Henk Brenninkmeijer 2011: All Stars 2: Old Stars – Nemo van Loen 2012: De club van lelijke kinderen (2012) – heit Paul 2012: Mees Kees (film) – heit Sep 2012: Balans (film) – klimmer Graef 2013: Leve Boerenliefde – Jelte 2013: Mees Kees op kamp – heit Sep 2014: Mees Kees op de planken – heit Sep 2014: Wiplala – dokter Vink 2015: Meiden van de Herengracht – Steven Bergman 2017: De 12 van Oldenheim – Thomas Wisse 2018: De Kameleon (telefyzjerige) - Gerben Zonderland 2020: Flikken Maastricht – Henk Kuyt 2021: The Passion 2021 – plysje 2023: Make Up Your Mind – Kimmy Counter
Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk stimakteur Kategory:Nederlânsk radio-discjockey Kategory:Persoan berne yn 1977