De Amerikaanske Marine (Ingelsk: United States Navy of U.S. Navy, ôfkoarte ta USN) is ien fan 'e tûken fan 'e Amerikaanske Striidkrêften, de kriichsmacht fan 'e Feriene Steaten fan Amearika. It is in marine en ien fan 'e acht unifoarmearre tsjinsten fan 'e Feriene Steaten. De Amerikaanske Marine hat (de reserve ynbegrepen) in sterkte fan krapoan 430.000 man, en beskikt oer in totaal fan 430 marineskippen. It is dêrmei de grutste en sterkste marine fan 'e wrâld. Bestjoerlik ressortearret de Amerikaanske Marine ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Definsje. De marine waard yn 1775 oprjochte as de Kontinintale Marine, en hat sûnt yn likernôch santich oarloggen en oare konflikten fochten. De ofsiersoplieding fan 'e Amerikaanske Marine wurdt fersoarge troch de Amerikaanske Marine-akademy te Annapolis.
Sterkte De Amerikaanske Marine is de grutste marine fan 'e wrâld, dy't tarist is mei it meast avansearre marinematerieel fan 'e wrâld. Kwa mankrêft bestie de marine anno 2015 út 328.194 man yn aktive tsjinst, oanfolle mei in militêre reserve fan 101.199 man. Opteld komt dat del op in totale mankrêft fan krapoan 430.000 man. Op it mêd fan materieel beskikte de Amerikaanske Marine (ek yn 2015) oer 272 direkt ynsetbere marineskippen, mei dêropta in reservefloat fan nochris 158 skippen dy't net direkt ynsetber binne, mar binnen reedlike tiid wol wer ynsetber makke wurde kinne. Yn totaal binne dat 430 skippen, mei in mienskiplike tonnaazje dy't de grutste fan alle floaten fan 'e wrâld is. De grutste skippen binne de fleandekskippen, wêrfan't de Amerikaanske Marine op elts momint tsien yn aktive tsjinst hat, mei dêropta twa yn 'e reservefloat en trije nijen yn oanbou. It Amerikaanske flottylje fleandekskippen is dêrmei ek fierwei it grutste fan 'e wrâld. De Amerikaanske Marine hie fierders yn febrewaris 2016 mear as 3.700 militêre fleantugen yn aktive tsjinst.
Doelen De Amerikaanske Marine tsjinnet as it diel fan 'e Amerikaanske Striidkrêften dat him taleit op oarloch op see. Dêrby binne de doelen: tarieding foar it effektyf fieren fan oarloch op see; dêrta it ûnderhâlden en ûntwikkeljen fan wapens, materieel, taktiken en oare plannen om soks mooglik te meitsjen; it ôfslaan fan agresje fan oer see dy't rjochte is tsjin 'e Feriene Steaten, syn oerseeske gebietsdielen en besittings en syn bûnsgenoaten, oft dy agresje no ôfkomstich is fan oare lannen, fan partikuliere entiteiten (terrorisme) of troch ferrie fan binnenút; it ferdigenjen fan it rjocht fan 'e Feriene Steaten en syn bûnsgenoaten op frije trochfeart troch de ynternasjonale wetters.
Bestjoer It haadkertier fan 'e Amerikaanske Marine is fêstige yn it Pentagon, yn Arlington County yn Firginia, fuort besuden de Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C. De Amerikaanske Marine falt bestjoerlik ûnder it Amerikaansk Departemint fan 'e Marine, oan it haad wêrfan't de ûnderminister fan 'e Marine stiet. It Departemint fan 'e Marine makket diel út fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje, en de ûnderminister fan 'e Marine is ûnderhearrich oan 'e minister fan Definsje. De stêfsjef fan 'e marine (Chief of Naval Operations, CNO) is in ofsier mei de militêre rang fan admiraal, en de heechste marine-ofsier yn it Departemint fan 'e Marine. It kin lykwols wêze dat hy (of sy) net de marine-ofsier mei de alderheechste rang is, yn it gefal dat de foarsitter of de fise-foarsitter fan 'e Mienskiplike Stêfsjefs ek in marine-ofsier is.
De Amerikaanske Kustwacht is in tûke fan 'e Amerikaanske Striidkrêften dy't bestjoerlik folslein los stiet fan 'e Amerikaanske Marine, en dy't ek hiele oare taken hat as de marine. It Amerikaansk Marinierskorps is ek in selsstannige tûke fan 'e Amerikaanske Striidkrêften, dy't net ûnderhearrich is oan, mar wol nau gearwurket mei de marine.
Ynfrastruktuer De Amerikaanske Marine hat in protte marinebases en oare fasiliteiten yn gebrûk, dy't benammen konsintrearre binne yn it noardeasten fan 'e legere 48 steaten, oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan tusken súdlik Maine en sintraal Firginia, en fierders oan 'e noardeastkust fan 'e Golf fan Meksiko, en oan 'e Amerikaanske westkust, oan 'e Stille Oseaan, fral yn Súdlik Kalifornje en yn 'e krite fan 'e Puget Sound by Seattle. It grutste kompleks fan 'e Amerikaanske Marine is it Marine Loftwapenstasjon China Lake, yn Kalifornje, in militêr oefenterrein mei in oerflak fan 4.500 km². It op ien nei grutste kompleks is yn Hampton Roads, yn Firginia, dêr't in stikmannich bases mei-inoar 150 km² beslane.
De wichtichste bases fan 'e Amerikaanske Marine binne it Marinestasjon Norfolk, yn Firginia, dat de thúshaven fan 'e Amerikaanske Atlantyske Float is, en de Marinebasis San Diego yn Súdlik Kalifornje, de wichtichste thúshaven fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float (hoewol't it haadkertier dêrfan eins fêstige is yn it Marinestasjon Pearl Harbor, sûnt 2010 de Mienskiplike Basis Pearl Harbor-Hickam, yn Hawaï). De ofsiersoplieding fan 'e Amerikaanske Marine wurdt fan âlds fersoarge oan 'e Amerikaanske Marine-akademy yn Annapolis, yn Marylân, hoewol't spesifike ofsiersopliedings no op oare plakken fêstige binne. De oplieding ta marinepiloat wurdt bgl. fersoarge op it Marinefleanfjild Pensacola yn 'e Panhandle fan Floarida, wylst de oplieding ta dûkboatofsier fêstige is yn it Marine Undersee-oarlochsfieringssintrum yn Newport, yn Rhode Island.
Bûten it grûngebiet fan 'e eigentlike Feriene Steaten ûnderhâldt de Amerikaanske Marine ek wichtige bases yn ûnynkorporearre territoaria fan 'e Feriene Steaten, lykas de grutte Marinebasis Gûam op Gûam en oare wichtige fasiliteiten yn Porto Riko en Amerikaansk-Samoä. Yn it bûtenlân is de grutste Amerikaanske marinebasis de Marinebasis Yokosuka op it Japanske eilân Okinawa, yn 'e Rjûkjû-eilannen. Dy tsjinnet as basis foar alle aktiviteiten fan 'e Amerikaanske Marine yn it westen fan 'e Stille Oseaan. Oare wichtige oerseeske bases fan 'e Amerikaanske Marine binne de Amerikaanske Marinebasis Napels yn Itaalje (de thúshaven fan 'e Amerikaanske Sechsde Float yn it Middellânske-Seegebiet), de Amerikaanske Marinebasis Bachrein (de thúshaven fan 'e Amerikaanske Fyfde Float yn 'e Perzyske Golf) en de Marinebasis Guantanamo Bay op Kuba (dy't bekend kommen is te stean as in plak dêr't lju dy't fan terroristyske aktiviteiten foar Al-Qaida fertocht wurde, sûnder foarm fan proses finzenset binne).
Skiednis Iere jierren Doe't yn 1775 de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch útbriek, wie der ûnder de leden fan it Twadde Kontinintaal Kongres diskusje oer de fraach oft de trettjin opstannige koloanjes wol in mienskiplike marine oprjochtsje moasten. Massachusetts hie bgl. yn 't earstoan syn eigen marine. De oerbefelhawwer fan it Koninintale Leger (de foarrinner fan it Amerikaanske Leger), generaal George Washington, makke in ein oan it redendielen troch op 13 oktober 1775 sân sylskippen as oarlochsskippen ta te rissen om Britske befoarriedingsskippen te ûnderskeppen. Dat wie it oanbegjin fan 'e Kontinintale Marine.
Nei't de Amerikanen yn 'e Unôfhinklikheidsoarloch de oerwinning behelle hiene, waard yn 1785 de Kontinintale Marine opheft en it lêste marineskip, de USS Alliance, ferkocht. Hast in desennium moasten de Feriene Steaten it doe sûnder marine dwaan, wat Amerikaanske keapfardijskippen bleatstelde oan 'e eigenwille fan seerôvers. De iennichste seemacht dy't it lân yn dy tiid hie, waard foarme troch de United States Revenue Cutter Service, in soarte fan dûane op see dy't in foarrinner wie fan 'e hjoeddeistige Amerikaanske Kustwacht. Yn 1794 naam it Amerikaanske Kongres de Marinewet fan 1794 oan, wêryn't de oprjochting fan in permaninte, steande marine regele waard. Pas yn oktober 1797 kamen lykwols de earste marineskippen ree, dy't ommers noch boud wurde moasten. Dy waarden sa gau mooglik ynset yn it Middellânske-Seegebiet, tsjin 'e Barbarijske seerôvers.
Njoggentjinde iuw It earste grutte konflikt dêr't de weroprjochte Amerikaanske Marine by belutsen rekke, wie de Oarloch fan 1812 tsjin 'e Britten. Hoewol't it net slagge en kom foar dat de fijân Amerikaanske havens blokkearre en troepen oan lân sette, waarden de Britten wol ferdreaun út 'e Eriemar, wat bydroech oan 'e nederlaach op lân fan harren en har Yndiaanske bûnsgenoaten. Fan 1819 ôf waard it saneamde Afrika-eskader fan 'e Amerikaanske Marine ynset om 'e yllegale oanfier fan nije slaven út Afrika de kop yn te drukken.
Yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1846-1848) blokkearre de Amerikaanske Marine Meksikaanske havens, ferneatige de Meksikaanske float yn 'e Golf fan Kalifornje, en spile it Pasifysk Eskader ûnder lieding fan kommandeur Robert Stockton in wichtige rol by de ferovering fan Opper-Kalifornje. De Amerikaanske Marine fierde yn dat konflikt ek syn earste grutskalige amfibyske operaasje út, doe't der 12.000 man fan it Amerikaanske Leger yn 'e Meksikaanske havenstêd Veracruz oan lân set waarden. It súkses fan dy operaasje iepene de doar foar de ferovering fan Meksiko-Stêd en dêrmei de Amerikaanske oerwinning.
Fan dy tiid ôf fêstige de Amerikaanske Marine him as in wichtige macht op 'e wrâldseeën, dy't bgl. yn 1853 it isolemint fan Japan trochbriek doe't in eskader ûnder lieding fan kommandeur Matthew Perry de Baai fan Edo ynfear, wat yn 1854 resultearre yn 'e Konvinsje fan Kanagawa.
Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) bleau de Amerikaanske Marine, oars as it Amerikaanske Leger, frijwol hielendal yn Noardlike hannen. Dat stelde de Feriene Steaten by steat om al ier ûnder de boargeroarloch de saneamde Unyblokkade tsjin 'e Súdlike Konfederearre Steaten yn te stellen. It Suden waard dêrtroch ekonomysk úthongere, wat sterk bydroech ta de úteinlike oerwinning fan it Noarden. De Amerikaanske Boargeroarloch wie ek it earste konflikt wêryn't izerbeklaaide oarlochsskippen it tsjininoar opnommen, spesifyk de USS Monitor en de CSS Virginia yn 'e Slach by Hampton Roads yn 1862.
Yn 'e tweintich jier nei de Amerikaanske Boargeroarloch fertutearze de Amerikaanske Marine lykwols trochdat de polityk der net mear nei omseach, mei as gefolch dat it materieel folslein efter de tiid rekke. Yn 'e 1880-er jierren waard lang om let in grutskalich modernisearringsprogramma ynset, wêrby't it tal marineskippen ek útwreide waard. Dat bliek fertuten dien te hawwen doe't de Amerikaanske Marine yn 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch yn 1898 handich ôfweefde mei de Spaanske Marine.
De Amerikaanske Marine rûn neitiid foarop yn 'e ûntwikkeling fan slachskippen (dy't as de takomst fan eltse himsels respektearjende marine sjoen waarden), yn 'e mande mei de marines fan lannen as it Feriene Keninkryk, it Keizerryk Dútslân en it Keizerryk Japan. Yn 1907 stjoerde de Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt de measte Amerikaanske slachskippen mei harren eskorteskippen (de saneamde Grutte Wite Float) op in fjirtjin moannen duorjende reis om 'e wrâld, mei as doel om 'e Amerikaanske macht op see út te stallen. Tsjin 1911 koe de Amerikaanske Marine yn sterkte de Britske Keninklike Marine belykje.
Earste Wrâldoarloch en Ynterbellum Yn april 1917 rekken de Feriene Steaten behelle yn 'e Earste Wrâldoarloch. Fanwegen in slim stookoaljetekoart yn it Feriene Keninkryk koene yn dat konflikt lykwols inkeld âldere, op stienkoal stokende Amerikaanske marineskippen ynset wurde. Under de Marinewet fan 1916 groeide de Amerikaanske Marine yn 'e folgjende jierren fluch troch in ambisjeus skipsbouprogramma. Nei ôfrin fan 'e Earste Wrâldoarloch waard troch it Marineferdrach fan Washington yn 1922 de ynternasjonale wapenwedrin op see oan bannen lein, benammen wat it bouwen fan slachskippen en krusers oanbelange. Dêrom waarden inkele fan 'e earste Amerikaanske fleandekskippen, de USS Lexington en de USS Saratoga, op rompen boud fan slachkrusers dy't healôf wiene doe't se omreden fan 'e beheinings yn it ferdrach skrast wurde moasten.