Paramaribo is de haadstêd fan Suriname. De stêd leit oan de westside fan de rivier de Suriname, likernôch 23 kilometer fan de see ôf. De stêd Paramaribo en de omkriten hawwe de bestjoerlike status fan in distrikt. Yn 2004 wennen der 242.946 minsken yn de stêd.
Skiednis De stêd is faaks om 1630 hinne út in Nederlânske faktorij ûntstien by it yndianedoarp Parmurbo. Yn 1630 of 1631 waard it plak beset troch de Ingelsken en yn 1650 wie de stêd part fan it Britske Ryk en krige de status fan haadstêd. De sizzenskip oer Paramaribo wikselle tusken de Britten en de Nederlanners, de Nederlanners krigen fan 1815 ôf de sizzenskip oant 1975. Troch slavehannel en kontraktwurkers hat Paramaribo in ryk ferskaat oan etnisyteiten fan Yndiaanske, Afrikaanske, Aziatyske en Nederlânske komôf.
Paramaribo hat in tige âlde Joadske mienskip. Ien fan de âldste synagoges op it westlik healrûn stiet yn Paramaribo. Dy waard boud yn 1685 oan de Surinamerivier.
Yn jannewaris 1821 hat in grutte brân mear as 400 huzen ferneatige. In twadde brân yn septimber 1832 ferneatige op 'en nij 46 huzen yn it westlike part fan de 'Waterkant
Bestjoerlike yndieling thumb|left|250px|De ressorten fan Paramaribo.
It distrikt Paramaribo bestiet út de stêd en it gebiet dat noardlik fan de stêd leit. It wurdt beheine troch de distrikten Wanika yn it westen, Kommewijne yn it easten en de mûning fan de rivier de Suriname yn it noarden.
It distrikt Paramaribo bestiet út tolve ressorten, dy't yn it steedlik gebiet fan Paramaribo mear de funksje fan in wyk hawwe:
Beekhuizen Blauwgrond Centrum Flora Latour Livorno Munder Pontbuiten Rainville Tammenga Weg naar Zee Welgelegen
Demografy It distrikt Paramaribo hat in oerflak fan likernôch 183 kante kilometer, by de folkstelling fan 2004 wennen der 242.946 minsken. Nei oerflak is Paramaribo it lytste distrikt fan Suriname, mar nei tal ynwenners it meast befolke; De helte fan de Surinaamske befolking wennet yn Paramaribo, it is dan ek it tichtst befolke gebiet.
48% fan de ynwenners fan Paramaribo hinget it kristlik leauwe oan, 14% is hindû, 9% moslim en 4% hat in oar leauwe, noch iens 4% hat gjin leauwe en 21% woe gjin antwurd jaan op de fraach.
It Nederlânsk is by fier de meast sprutsen taal yn de húshâldens fan Paramaribo. Yn 66,4% fan de húshâldens is it de meast sprutsen taal en yn de measte oare húshâldens wurdt it sprutsen as twadde taal. Oare talen dy't in soad sprutsen wurde binne Surinaamsk (Sranantongo), Sarnami Hindûstani en Javaansk.
Foto's
Berne yn Paramaribo Jan Ernst Matzeliger (1852 - †1889), útfiner Johan George Spalburg (1866 - †1917), skriuwer Charles Rodolph Weytingh (1871 - †1956), distriktskommissaris en agint-Generaal Adriaan Alberga (1887 - †1952), jurist en politikus Willem Hendrik Campagne (1891 - †1973), ûnderwizer en kultuerkenner Goedoe Goedoe Thijm (1891 - †1966), sjonger en spotdichter Anton de Kom (1898 - †1945), nasjonalist en publisist Alfred Morpurgo (1899 - †1973), sjoernalist en politikus F.A. Langguth Oliviera (1900 - †?), lânboukundige en politikus Julius Caesar de Miranda, (1906 - †1956) jurist en politikus Sophie Redmond (1907 - †1955), dokter, politika, toanielskriuwster, aktrise en feministe H.L. de Vries (1909 - †1987), politikus en sakeman Johan Ferrier (1910 - †2010), earste presidint fan Suriname Kid Dynamite (1911 - †1963), musikus Max Woiski sr. (1911 - †1981), musikus Leo Glans (1911 - †1980), keunstskilder Hugo Pos (1913 - †2000), jurist en skriuwer Rudie van Lier (1914 - †1987), wittenskipper en skriuwer Johan Adolf Pengel (1916 - †1970), politikus Frank Essed (1919 - †1988), politikus Jules Sedney (1922), politikus Eddy Bruma (1925 - †2000), politikus en skriuwer Henk Heidweiller (1929 - †1989), diplomaat Humphrey Mijnals (1929), fuotballer Erwin de Vries (1929), byldzjend keunstner Hans Faverey (1933 - †1990), dichter Lieve Hugo (1934 - †1975), sjonger en grûnlizzer fan de muzykstyl Kaseko R. Dobru (1935 - †1983), dichter, skriuwer en politikus Cynthia Mc Leod (1936), skriuwster Ronald Venetiaan (1936), politikus Sigi Wolf (1936 - †2008), teolooch Henck Arron (1936 - †2000), politikus Leo Ferrier (1940 - †2006), skriuwer Pim de la Parra (1940), filmregisseur Jules Wijdenbosch (1941), politikus Lygia Kraag-Keteldijk (1941), politika Carry-Ann Tjong-Ayong (1941), skriuwster John de Bye (1942), skriuwer Rudy Polanen (1943 - †2008), dûminy en minskerjochtenaktivist John Lie A Fo (1945), keunstskilder Subhas Mungra (1945), diplomaat en politikus Gerda Havertong (1946), aktrise Gerard Spong (1946), advokaat Henk Goedschalk (1946), bankier Ewald Krolis (1947 - †2006), sjonger Edgar Cairo (1948 - †2000), skriuwer Errol Alibux (1948), politikus Errol Snijders (1948), politikus Eddy Monsels (1948), atleet Frank Dragtenstein (1949), histoarikus Ronald Snijders (1951), musikus Orlando Bottenbley (1951), baptistepredikant Jetty Mathurin (1951), kabaretiêre en kollumniste Edgar Burgos (1953), musikus John Serkei (1953), akteur Alida Neslo (1954), aktrise Etienne Urka (1954), misdiediger Yvette Laclé (1955), eks-prostituee, predikante, politika en helpferlienster Denise Jannah (1956), sjongeres en sangpedagoge Philomena Bijlhout (1957), sjoernaliste en politika Kathleen Ferrier (1957), politika Rick van Ravenswaay (1957), politikus Anil Ramdas (1958), esseeïst en sjoernalist Achmed de Kom (1959), atleet Gregory Rusland (1959), politikus Rabella de Faria (1960), politika en sakefrou Ruth Jacott (1960), sjongeresse Juan Wells (1961), akteur en sjonger Hennie Meijer (1962), fuotballer Aldith Hunkar (1962), telefyzjepresintatrise Guno Castelen (1962), politikus Prem Radhakishun (1962), advokaat, telefyzjemakker, kollumnist Martin Sitalsing (1962), korpsjef plysje Twinte (NL) Stanley Menzo (1963), fuotbaldoelman, - trener Nelli Cooman, (1964), atlete Laetitia Griffith (1965), VVD-politika Humberto Tan (1965), telefyzjepresintator, skriuwer en kleanûntwerper Ernst-Paul Hasselbach (1966 - †2008), telefyzjepresintator Regilio Tuur (1967), bokser Aron Winter (1967), fuotballer Abdullah Haselhoef (1968), imam John Veldman (1968), fuotballer Regi Blinker (1969), fuotballer , útjouwer John Williams (1969), akteur, presintator Dean Gorré (1970), fuotballer Def Rhymz (1970),Rapper Ulrich van Gobbel (1971), fuotballer Sylvana Simons (1971), tf/radio-presintatrise Roué Verveer (1971), kabaretier Jimmy Floyd Hasselbaink (1972), fuotballer Quintis Ristie (1972), tf/radio-presintator Edgar Davids (1973), fuotballer Mark de Vries (1975), fuotballer Urta Rozenstruik (1975), bobsliidster Remy Bonjasky (1976), fjochtsporter Clarence Seedorf (1976), fuotballer Alice Amafo (1977), politika Kurt Elshot (1977), fuotballer Lorenzo Wiebers (1977), fuotballer Andwelé Slory (1982), fuotballer Romeo Castelen (1983), fuotballer Sigourney Bandjar (1984), fuotballer Damaru (1986), zanger Lorenzo Davids (1986), fuotballer Leroy George (1987), fuotballer Keizer (rapper) (1987), rapper Karin Amatmoekrim (1976), skriuwster, kollumniste
Keppeling om utens Side mei algemiene ynformaasje
Kategory:Plak yn Suriname Kategory:Haadstêd yn Súd-Amearika Kategory:Plak stifte yn 1630