De Braaktuolle (Russula emetica) is in reade poddestoel, dy't de namme te tankjen hat om't er giftich is.

Beskriuwing De braaktuolle hat in bolfoarmige reade hoed fan 3 oant 7/8 sintimeter breed. Mei't er âlder wurdt kriget de braaktuolle in flakke hoed. De stâl is wyt en by de basis breder.

Alhoewol't de braaktuolle giftich is, waard er yn dielen fan Europa wol iten nei't er earst trochsean waard. Dochs is it perfoarst ôf te rieden; minsken kinne der goed siik fan wurde.

Fynplakken De braaktuolle hâldt fan wiete bosken yn Europa, Aazje, Noard-Amearika en Noard-Afrika.

Keppeling om utens Soartebank Poddestoelen yn Fryslân

Kategory:Poddestoel Kategory:Lânseigen skimmel yn Jeropa Kategory:Lânseigen skimmel yn Afrika Kategory:Lânseigen skimmel yn Aazje Kategory:Lânseigen skimmel yn Noard-Amearika Kategory:Skimmelsoarte Kategory:Echte tuolle