Ons Genoegen oan 'e J.H. Huyssenstrjitte is ien fan 'e wynmûnen fan de stêd Middelburch yn 'e provinsje Seelân. De mûne stiet oars as de oare trije mûnen net yn it histoaryske sintrum, mar súd dêrfan.

De nôtmûne waard yn 1847 boud en bleau oan 1964 yn bedriuw. Yn dat jier feroarsake in fûle brân de ferneatiging fan it mealwurk. Yn 1956 naam de gemeente Middelburch it eigendom oer. De mûne is yn 1971 wer yn oarder makke, mar it binnenwurk waard net rekonstruearre. De mûne wurdt nei dy tiid goed ûnderholden en frijwilligers litte de mûne regelmjittich draaie.

De yn 1999 fernijde roeden fan 'e mûne binne goed 25 meter lang en hawwe Ald-Hollânsk hekwurk. Yn 2001 krige de mûne in nije stelling.

Sjoch ek de oare wynmûnen yn de stêd De Seismûne (Baarnselaan 22) De Koning (Veerseweg 80) De Hoop (Vlissings Bolwerk)

Keppeling om utens Mûnedatabase feriening De Hollânske Mûne Monumintnregister

Kategory:Bouwurk yn Middelburch Kategory:Ryksmonumint yn Middelburch Kategory:Mole yn Seelân Kategory:Bouwurk út 1847 Kategory:Nôtmole Kategory:Stellingmole