Jan Popkema (yn Fryslân, 1949) is in Frysk learaar, oersetter en publisist.
Libben en karriêre Popkema is in learaar Nederlânsk en Frysk, dy't yn it ferline û.m. lesjûn hat oan 'e learare-oplieding yn Ljouwert. Ek wied er aktyf as publisist fan Fryske learmiddels en as oersetter fan literêr wurk fan bgl. Gysbert Japiks.
Yn 2018 sette Popkema foar Utjouwerij Regaad de Dútske roman Das Parfum fan skriuwer Patrick Süskind oer nei it Frysk. It boek ferskynde dêrnei as It Parfum. Yn 2020 wûn er dêrfoar de dr. Obe Postmapriis foar oersettings nei it Frysk út 'e perioade 2016-2019.
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk oersetter Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Persoan berne yn 1949