thumb|Ruïnen fan Kartago thumb|De termen fan Antoninus Pius, Kartago thumb|Rekonstruksje fan Kartago Kartago (Gryksk: Καρχηδών: Kargedon, fan Punyske Kart-hadasht, dat 'nije stêd' betsjut, Arabysk: قرطاج of قرطاجة, Latyn: Carthago) wie in stêd yn de 'âldheid, tichtby it hjoeddeiske Tunis yn it gebiet dat troch de Romeinen Afrika neamd waard. De stêd lei oan de eastkant fan de mar Tunis, foar it sintrum fan de nije haadstêd fan Tuneezje, Tunis, oer.
Yn de Aldheid wie Kartago de haadstêd fan it Kartaachske Ryk, dêr't de ynwenners fan troch de Romeinen Púnjers (Latyn: Punici) neamd waarden. Fan de fyfde iuw f.Kr. ôf waard it de machtichste hannelstêd yn it Middellânske Seegebiet en yn de tredde iuw f.Kr. in grutte rivaal fan Rome. Nei de Punyske oarloggen waard Kartago yn 146 f.Kr. troch de Romeinen ferwoastge en waard de stêd part fan de Romeinske provinsje Afrika. Kartago waard troch de Romeinen wer opboud en it woeks út ta de twadde stêd fan it Romeinske Ryk. De stêd waard foargoed ferwoastge yn 698 n.Kr. by de islamityske oermastering fan de Magreb.
De ruïnen fan Kartago lizze likernôch 10 kilometer eastnoardeastlik fan Tunis en is in UNESCO-Wrâlderfgoed.
Namme De namme Kartago komt fan it Latynske Carthago of Karthago, it Grykske Karkhēdōn (Καρχηδών) en it Etruskyske *Carθaza, dat fan it Punyske qrt-ḥdšt (𐤒𐤓𐤕 𐤇𐤃𐤔𐤕) "nije stêd" ôfkomt. It soe de "Nije Tyrus" wêze moatte. It Latynske wurd Punicus komt fan it Grykske Phoinikes (Φοίνικες) foar Fenysjers.
De hjoeddeistige Arabyske foarm قرطاج (Qarṭāj) komt fan it Frânske Carthage.
Skiednis
Oarsprong De stêd waard troch de Fenysjers stifte yn 814 f.Kr. Guon skiedkundigen tinke dat it om 725 f.Kr. west hawwe moat, om't it âldste diggelguod op dat jiertal datearre waard. Der waard lykwols ek âlder guod fûn, dus tinke de measte skiedkundigen dat de stifting earder wie. Kartago moast fan in lytse hannelspost ta in gruttere koloanje útwoeksen wêze.
Neffens in leginde waard Kartago troch prinsesse Dido út Tyrus stifte, dy't op 'e flecht wie.
Yn werklikheid wie it ien fan de ferskate hannelsposten dy't de Fenysjers yn it Middellânske Seegebiet stiften. Kartago ûntwikkele him hurd ta in wichtige seemacht yn it westlik bekken fan de Middellânske See, dy't it allinnichrjocht opeaske oer de seehannel.
De Fenysjers namen harren taal Fenisysk, dat in Kanaänityske taal, dy't wer in part fan de Semityske talekloft wie, mei nei harren koloanjes. It Fenisysk dat yn de koloanjes yn it westlike Middellânske Seegebiet sprutsen waard, waard Punysk neamd, dat himsels letter ta in selsstannige sprake ûntjoech. Taalkundigen binne it der net alhiel oer iens oft it Punysk as in selsstannige taal of as in dialekt fan it Fenisysk beskôge wurde moat. Mar it Punysk skrift ûntjoech him fan it Fenisysk alfabet en de útspraak fan guon letters feroare ek.
Punyske Republyk
Nei't it Fenisyske heitelân tusken 550 en 500 f.Kr. ûnder ynfloed fan it Perzyske Ryk kaam, en Tyrus syn hannel beheind ta it eastlik Middellânske Seegebiet waard, ûntjoech Kartago him ta in wichtige seemacht yn it westlike Middellânske Seegebiet. In soad Fenisyske hannelskoloanjes kamen ûnder Kartaachsk bestjoer en dy stiften ek sels wer nije koloanjes. Ek op de Marokkaanske kust fan de Atlantyske Oseaan waarden hannelsposten stifte. Ek waarden der ekspedysjes útfierd oant de Britske eilannen en de Golf fan Guinea ta. Hanno de Seefarder spile dêrby in wichtige rol en dy beskreau de lânseigen folken. Neffens guon skiedskriuwers reizge er om gâns Afrika hinne yn opdracht fan de farao fan Egypte.
Kartago woe it monopoalje fan de seehannel hawwe en Kartaachske skippen lieten de skippen fan rivalen sinke dy't se yn harren "territoarium" oantroffen. De Kartagers waarden de konkurrinten fan de westlike Griken en der ûntstie in skeel oer Sisylje tusken dy twa, dat ta de Sisyljaanske oarloggen late. Gauris ferbûnen de Kartagers harren mei de Etruskyske stêdsteaten om sterker yn harren konkurrinsje mei de Griken te stean. Ynearsten libben Kartago en de opkommende Romeinske Republyk yn frede mei-inoar, mar troch it machtiger wurden fan Rome late dat ta rivaliteit mei Kartago. Lang om let late dat ta de Punyske oarloggen (264-146 f.Kr.). De Kartagers waarden troch de Romeinen Púnjers neamd, dat ôflaat waard fan "Fenysjers".
De Punyske oarloggen thumb|300px|Sizzenskip fan Kartago krekt foar de Earste Punyske Oarloch (264 v. Chr.) De Earste Punyske Oarloch wie benammen in kriich tusken de seefloaten fan Rome en Kartago en fûn plak tusken 264 en 241 f.Kr. Oan de ein hienen de Romeinen derby de macht krigen oer de westlike Middellânske Seerûtes. It Kartaachske oerwicht oer de seehannel einige dêrmei. Fan need leine de Kartagers harren ta op it fergrutsjen fan lânbesit, benammen yn Spanje. Nei ferrin fan tiid kamen hja op 'e nij mei Rome yn konflikt, diskear troch in skeel oer it sizzenskip oer it gebiet yn Spanje.
Mei de Twadde Punyske Oarloch, fan 218 oant 202 f.Kr., stuts Hannibal mei in mânsk leger de Alpen oer nei Rome. Neffens de Romeinske skriuwer Livius die hy dat yn oktober/novimber 218 f.Kr. en hie hy 37 oaljefanten by him. Yn it begjin boekte hy grutte súksessen tsjin de Romeinen mar doe't se troch hienen dat sy Hannibal net yn in slacht ferslaan koene, snien de Romeinen de oanfierwegen fan de Katagers út Spanje ôf. Nei likernôch tweintich jier kriich yn Itaalje stienen de Romeinen der it bêst foar en moast Hannibal him werom lûke. De Romeinen koenen Spanje oermasterje en stutsen oer nei Afrika. Dêr waard Kartago besingele en twongen har oer te jaan. De Kartagers behâlden allinnich de stêd en hienen inkeld mar ynfloed om Kartago hinne.
De Tredde Punyske Oarloch ûntstie doe't Kartago de Numydjers, dy't bûnsmaten fan de Romeinen wiene, oan as reaksje op harren oanfallen op Kartago. Dat bruts it fredesferdrach dy't Kartago nei de Twadde Punyske Oarloch mei Rome sletten hie. En de Romeinen hiene noed dat de Numidyske kening Massinissa nei in Kartaachsk belies dy stêd as syn haadstêd meitsje koe. De Romeinen woene dat tefoaren komme en keazen in nije kriich mei it ferswakke Kartago en dat fûn plak tusken 149 en 146 f.Kr. Nei it Belis fan Kartago late it lang om let yn in folsleine ferneatiging fan Kartago.
Under Rome thumb|In plattegrûn fan it Romeinske Kartago Nei de folsleine ferneatiging fan Kartago mocht nimmen mear har op 'e ruïnen nei wenjen te setten. Troch de gaadlike posysje stifte Gaius Sempronius Gracchus yn 122 f.Kr. de delsetting Colonia Junonia. Dat projekt hold it net lang út troch it tsjinwurkjen fan Gracchus syn politike tsjinstanners yn de Romeinske Senaat. Yn de earste iuw f.Kr. besleat Julius Caesar en bou in nije stêd, mar yn 44 f.Kr. waard er fermoarde ear't er mei de bou úteinsette koe. Caesar syn adoptearre soan, keizer Augustus, liet nei Caesar syn dea in nije stêd op it plak bouwe dy't fannijs de namme Kartago krige, en de stêd woeks al rillegau út ta in stêd fan grutte betsjutting. De Púnjers setten har krekt likegoed fannijs nei wenjen op it plak fan harren foarfaars. Yn 'e rin fan de earste iuw n.Kr. woeks it tal ynwenners fan de stêd nei 500.000 en waard it de twadde stêd fan it westlike Romeinske Ryk. Allinnich Rome hat mei 800.000 wichtiger en grutter west.
De Púnjers dy't harren fannijs yn Kartago fêstigen, wiene ek warber as hannelers, kreksa as harren foarfaars, en guon waarden sels politisy yn it Romeinske Ryk. Keizer Septimius Sevearus wie fan Punysk komôf en wie der ek grutsk op. Der waard fan him sein dat er Latyn mei in Punysk aksint spriek. Under syn bewâld waarden Kartagers part fan de hege elite en harren goaden waarden part fan de keizerkultus.
Doe't it kristendom him oer it Romeinske Ryk fersprate, waard it tige warber yn Noard-Afrika en waard Kartago it sintrum dêrfan. Kartago hie ferskate konsyljes holden, lykas de Konsylje fan Kartago (397), en trochdat biskop Augustinus fan Hippo dêr studearre hie, bleau it in wichtich plak. De kristenen dêre ferfolgen de heidenen en ferskate heidenske timpels waarden ferneatige.
Nei de Romeinen thumb|De situaasje om 500 n.Kr. hinne mei it Fandaalske Ryk mei Kartago as sintrum Yn de disoarder fan de fyfde iuw n.Kr. kamen de Fandalen nei Noard-Afrika en fêstigen se harren keninkryk dêre. Harren kening Geiserik naam yn 439 Kartago yn en makke de stêd de haadstêd fan syn ryk. Hy oermastere al rillegau Sisylje, Sardynje, Korsika en de Baleären en yn 455 plonderen de Fandalen Rome. Byzantynske (Eastromeinske) strafekspedysjes tsjin de Fandalen smieten neat op en de Fandalen wisten wol hast in iuw lang harren macht yn it Middellânske Seegebiet te hâlden. Lang om let wist de Byzantynske generaal yn 533 Kartago yn te nimmen yn de Fandaalske Oarloch, en it Fandaalske Ryk waard troch keizer Justinianus I by it Byzantynske Ryk foege. De stêd waard it sit fan de Pretoriaanske prefektuer fan Afrika, dat letter feroare ta it Eksarchaat fan Afrika ûnder keizer Maurisius, itjinge Ravenna yn Itaalje ek wie. Dy twa eksarchaten wiene de twa westlike bolwurken fan it Byzantynske Ryk. De Punyske taal bleau njonken it offisjele Latyn as in folkstaal fan betsjutting.
Under de islamiten thumb|250px|In pylder yn Kartago De Romeinske Eksarchaat fan Afrika wie net sterk genôch om de islamityske bemastering fan de Magreb tsjin te hâlden. It Kalifaat fan de Omajjaden ûnder Abd al-Malik ibn Marwan stjoerde yn 686 troepen en fersloech de Romeinen en Berbers by it plak Kairouan. Yn 695 waard Kartago troch de Omajjaden ynnaam en dy lutsen oant it Atlasberchtme ta. In Byzantynske float naam Kartago fannijs yn, mar yn 698 waarden de Byzantinen yn de Slach om Kartago (698) ferslein. De Romeinen lutsen harren foargoed út Afrika wei, útsein út Ceuta. Ut noed dat de Byzantinen besykje soene Kartago fannijs yn te nimmen, waard Kartago ferneatige om it te teskroeien en it politike sintrum waard yn in oar plak oansteld. De muorren waarden ôfbrutsen, it wetteroanfier troch de akwadukten waarden ôfsnien en de havens waarden ûnbrûkber makke. It ferneatigjen fan it Eksarchaat fan Afrika betsjutte foargoed de ein fan de Byzantynske ynfloed yn de omkriten.
De betsjutting fan Kartago naam dêrnei hurd ôf, om't de Arabieren fanâlds harren hannel oer lân oer karavaanrûtes diene, en dus gjin ferlet oan havenstêden hiene. It fierderop lizzende Kairouan waard dêrtroch in wichtiger hannelsplak foar Arabyske karavanen dy't troch Noard-Afrika lutsen. Ek in soad Kartaachske hannelers fêstigen harren dêre.
Neffens archeologysk bewiis, waard Kartago net alhiel ferlitten. De buorren Bjordi Djedid bleau lykwols bewenne. De Termen fan Antoninus holden harren funksje yn de Arabyske tiid en de skriuwer al-Bakri fan dy tiid sei dat se noch hieltyd yn goede steat wiene. Der wiene ek oare gebouwen dy't harren funksjes holden. It is slim nei te gean oft de bewenning fan oare gebouwen yn de Letbyzantynske of yn de Ierarabyske tiid wie.
De Medina fan Tunis, dat oarspronklik in Berberske delsetting wie, waard as it nij regionaal sintrum ûnder de Omajjaden stifte. Under de Achlabiden waard Kairouan lykwols harren haadstêd, mar Tunis profitearre fan it ferbetterjen fan de ekonomy yn dy tiid en waard de twadde wichtige stêd yn dat keninkryk. It waard fan 902 en 909 de haadstêd fan it keninkryk, doe't Sjiïtyske Berbers Ifriqiya oernamen en dêr it Kalifaat fan de Fatimiden stiften.
Kartago wie oant fier yn de Midsiuwen noch hieltyd in biskopssit, dat yn twa brieven fan paus Leo X út 1053 neamd waard. Dy brieven wiene in andert foar in oplossing fan in skeel tusken de biskoppen fan Kartago en Gummi. Yn dy brief ferklearre de paus dat, nei de Biskop fan Rome, de biskop fan Kartago de earste aartsbiskop fan gâns Afrika wie. Letter yn de alfde iuw waard der noch oer biskoppen fan Kartago skreaun, mar dêrnei wurdt der neat mear oer it bisdom neamd.