Sint Kruis is in doarp yn Siuwsk-Flaanderen yn 'e provinsje Seelân. It plak leit likernôch 4 kilometer fan Aardenburg en falt ûnder de gemeente Sluis.

In grut part fan 'e befolking fan Sint Kruis is tsjintwurdich fan Belgyske komôf.VRT, 01.08.2016

Gemeentlike yndieling Oant 1941 wie Sint Kruis in selsstannige gemeente. Yn dat jier waard it doarp weryndield by de gemeente Aardenburg, dy't yn 2003 opgyng yn 'e gemeente Sluis.

It besjen wurdich

De tsjerke fan Sint Kruis wurdt fanwegen de stompe toer "De Peperbusse" neamd en datearret út de 15e-16e iuw. Sûnt de 16e iuw wie de tsjerke in folle gruttere krústsjerke, mar nei de fernielings fan 'e Tachtichjierrige Kriich is it gebou lytser makke. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke op 'e nij slim skeind, mar neitiid folge in restauraasje. De tsjerke is in ryksmonumint en oansletten by de PKN.

Keppeling om utens Staatspareltjes: Sint Kruis ademt rust en ruimte

Kategory: Plak yn Seelân Kategory:Sluis (gemeente)