Colmar is op Straasburch en Mülhausen nei de grutste stêd fan 'e Elzas en de haadstêd fan it departemint Haut-Rhin yn 'e Frânske regio Grand Est.
De stêd leit yn in wyngebiet en is ferneamd fanwegen it goed bewarre arsjitekturale erfgoed út seis iuwen en foar de musea yn 'e stêd. It neamen wurdich is it Unterlinden-Museum mei it Isenheimer alter. Colmar is de stêd dêr't ferneamde keunstners lykas Martin Schongauer, Frédéric-Auguste Bartholdi, Ernst Stadler en Jean-Jacques Waltz berne binne.
De stêd waard yn 823 foar it earst dokumintêr fêstlein. Yn 1226 krige de stêd fan keizer Freark II de status fan frije ryksstêd. Mei de Frede fan Nijmegen yn 1679 waard Colmar oan Frankryk tawiisd. Demografy Jier 1793 1821 1841 1861 1875 1890 1910 1946 Ynwenners 13.000 14.300 19.908 22.629 23.990 30.399 43.808 46.124 Jier 1962 1968 1975 1982 1999 2007 2017 Ynwenners 52.355 59.550 64.771 62.483 65.118 66.560 69.105
It besjen wurdich De wyk Petite Venise leit oan it rivierke de Lauch en is ryk oan fakwurkhûzen. Karakteristyk binne ek de wiken Quartier des Tanneurs (Learloaierswyk) en de Quartier de la Poissonnerie (Wyk fan 'e fiskôfslach). Oan it Place du Cathédrale steane in tal 16e-iuwske hûzen. Yn 'e Rue Mercière stiet it Maison Pfister, in gebou út 1537. It Maison des Têtes yn 'e Rue des Têtes is in monumintaal hûs út it begjin fan 'e 17e iuw, dat fersierd is mei in grut tal koppen.
Tsjerken Alhoewol't Colmar nea de sit west hat fan in biskop wurdt de Eglise St.-Martin ek wol Cathédrale Saint-Martin neamd. De monumintale tsjerke stiet ek bekend as Collégiale Saint-Martin om 't de tsjerke yn it ferline in kollegiale tsjerke wie. Yn 'e Dominikanertsjerke hinget de Madonna im Rosenhag (La vierge au buisson de roses; Madonna yn 'e roazetún), in wurk fan Martin Schongauer út 1473. Fanwegen de goede akûstyk wurdt yn ; e protestantske Eglise St.-Mathieu, in Fransiskaanske kleastertsjerke út 'e 14e iuw, alle jierren in ynternasjonaal muzykfestival organisearre. It 14e-iuwske Couvent Sainte-Catherine (ek bekend ûnder de namme Eglise des Catherinettes) oan 'e Rue Kléber tsjinne oarspronklik as kleastertsjerke fan 'e Dominikanessen fan Sint-Katarina. It kleaster waard mei de Frânske Revolúsje sletten.
Musea It Musée d'Unterlinden oan 'e Rue des Unterlinden yn 'e 13e-iuwske kleastergebouwen fan 'e Dominikanessen is fral bekend fanwegen it Isenheimer alter fan Matthias Grünewald. It Musée Bartholdi oan 'e Rue des Marchands is wijd oan 'e Frânske byldhouwer Frédéric Auguste Bartholdi, de ûntwerper fan it Frijheidsbyld yn New York.
Ofbylden
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Plak yn it Grutte Easten Kategory:Gemeente yn Frankryk