Kirchberg is in stêd yn 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It is it bestjoerlike sintrum fan 'e ferbânsgemeentemei deselde namme. Kirchberg leit 10 kilometer westlik fan Simmern en 12 kilometer eastlik fan it Frankfurt-Hahn.
De stêd leit op 'e top fan in berch en krige yn 1259 stedsrjochten. Dêrmei is Kirchberg de âldste stêd op 'e Hunsrück. Oant de 16e iuw bleau de stêd ien fan 'e wichtichste sintra op 'e Hunsrûck.
It besjen wurdich Tsjerken De roomske Sint-Michaeltsjerke (Kirche St. Michael) út de 13e-15e iuw mei it tsjerkeplein en de katolike pastory (1765). De Michaeltsjerke waard oant de bou fan 'e protestantske Fredestsjerke (Friedenskirche) oan 'e Simmerner Straße yn 'e jierren 1965–1967 troch sawol de roomske as de protestantske mienskip brûkt.
Oare monuminten It út de 17e iuw datearjende riedshûs, Marktplatz 5; Fakwurkhûs Marktplatz 6 mei in fiifsidige erker (1698); De Swanne-Apteek, Marktplatz 4, 17e-iuwsk fakwurkhûs; Fakwurkhûs Marktplatz 11 (twadde helte 17e iuw) njonken de poarte nei it Kirchplatz; Ealshôf oan 'e Hauptstraße 75 mei in slingertrep út 1578; Wettertoer út 1899.
Museum Heimatmuseum yn de Eifelgasse (fakwurkgebou út 1732).
Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts