Cold Days is in roman fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Kâlde Dagen", mar it is in wurdboarterij, mei't it yn it Ingelsk krekt klinkt as cold daze, "ferdôving fan kjeld". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it fjirtjinde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Ghost Story. Yn Cold Days makket Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, nei syn weropstanning út 'e dea foar it earst syn opwachting yn it Winterhôf fan 'e ierdgeasten as de nije Winterridder. Cold Days waard yn 2012 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. __TOC__ Ynhâld Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, hat der, om it libben fan syn dochterke Maggie te rêden, yn tastimd om 'e Winterridder te wurden, de persoanlike opknapper fan smoarge putsjes fan Mab, de keninginne fan it Winterhôf fan 'e ierdgeasten (sjoch: Changes). Hy hat besocht om ûnder dy oerienkomst út te kommen troch himsels om hals bringe te litten (sjoch: Ghost Story), mar Mab hat him yn libben witten te hâlden. As Cold Days begjint, is Harry stadichoan oan it opbetterjen fan syn ferwûnings yn Arctis Tor, it iiskastiel fan Mab yn it Nevernever, de parallelle wrâld fan 'e ierdgeasten. Dêrby wurdt er holpen troch de kreaze fysioterapeute Sarissa, in minsklike frou dy't yn 'e skuld stiet by Mab. (Se fertelt Harry dat se in ûngenêslike genetyske foarm fan demintens hat dy't Mab mei magy ûnderdrukke kin.) Op har hiel eigen wize wurket Mab sels ek mei oan Harry syn refalidaasje, troch eltse dei in kear op ynvintive en faak bizarre wize te besykjen om him te fermoardzjen. Harry wurdt dêrtroch twongen om hurd te trainen as er it faaie libben derôf rêde wol. Underwilens kriget er as gids oan it Winterhôf de yn 'e folkloare fan Skotlân ferneamde kateftige ierdgeast Cat Sith tawiisd.
As Harry fierhinne wer de âlde is, wurdt der in grut galafeest ta syn eare holden, dat, net tafallich, lykfalt mei syn jierdei. Hy wurdt dêrhinne beselskippe troch de tsjeppe Sarissa. It feestlik barren fynt plak yn in reuseftige seal, dêr't yn iis op in ûnbidige skaal fan 8:1 Harry syn âlde appartemint yn it sûterrên fan in flatgebou yn Chicago neimakke is. Sarissa fertelt him dat der twa regels binne op it brekken wêrfan't de deastraf stiet: der mei gjin drip bloed fergetten wurde en nimmen mei Mab oansprekke sûnder dêrfoar earst har tastimming krigen te hawwen.
Op it feest treft Harry ferskate âlde bekenden, mei as earste de Winterfrouwe Maeve, de dochter en erfgenamte fan Mab, mei wa't er yn it ferline ferskate kearen gedoente hân hat (sjoch û.m. Summer Knight). It is him noch net fergetten dat hja har trewante Jenny Greenteeth stjoerd hat om syn freonen Billy en Georgia op harren troudei te fermoardzjen (sjoch: Something Borrowed). No besiket Maeve Harry te ferlieden en him sa oan Mab har ynfloed te ûntlûken, mar Harry wol neat fan har witte en seit har yn it iepenbier it mannewaar op. Oare bekenden dy't Harry op it feest weromsjocht, binne de âldste gruff (sjoch: Small Favor), mei wa't er op goede foet stiet, en de Erlkönig (waans foarnamme "Herne" blykt te wêzen), de lieder fan 'e Wylde Jacht, fan wa't Harry noch wat te goede hat (sjoch: Dead Beat). Harry komt ek yn 'e kunde mei in reuseftich, grou, beburde figuer klaaid yn read-mei-wyt, dy't himsels foarstelt as Kris Kringle (in oare namme foar de krystman). Dyselde is in goekunde fan 'e Erlkönig en giet nei eigen sizzen gauris mei him út te jeien.
Ien fan 'e sídhe, de Readkap, brûkt Sarissa om in konfrontaasje mei Harry út te lokjen. Harry hat wol foar it ferstân dat de Readkap in ûnderhearrige fan Maeve is, dy't him safier besiket te krijen dat er op it feest bloed ferjit en de wet fan Mab brekt, sadat de keninginne him deadzje moatte sil. Hy beseft lykwols ek dat er in foarbyld stelle moat as er net wol dat er allegeduerigen op sa'n manear op 'e proef steld wurde sil. Sarissa jout him dêrta de mooglikheid as se de oger dy't har fêsthâldt, in trewant fan 'e Readkap, safier kriget dat dy har in tosk troch de lippe slacht, sadat har it bloed by it kin delrint. Mab jout dan de Winterridder opdracht om regaad te meitsjen, en Harry deadet net allinnich de oger, mar ek in sídhe dy't protest oantekenet as er neitiid seit dat fan no ôf oan net ien yn syn oanwêzigens noch stjerlike minsken tenei komt. Mab, dy't fuort dêrnei mei him dûnset, is rjocht ynnommen mei de ôfrin fan 'e sitewaasje. Harry beseft dan dat wat der bard is net allinnich Maeve har plantsje wie om fan him ôf te kommen, mar dat ek Mab sels de sitewaasje doelbewust manipulearre hat om it ta in konfrontaasje komme te litten. Mab hat wat yn 't sin, en dat fermoeden fan Harry wurdt befêstige as se him yn it ear flústeret dat se wol dat er Maeve fermoardet.
Neitiid reizget Harry mei help fan Cat Sith werom nei Chicago. Cat Sith fertelt Harry dat Mab derfoar soarge hat dat net ien foar de moarnsdage út 'e gebieten fan it Winterhôf of it Simmerhôf fan it Nevernever oerstappe kin nei de minskewrâld. Harry sil him yn Chicago dus oriïntearje kinne sûnder dat er oanhâldend oer syn skouder hoecht te sjen nei Maeve har trewanten. Dy lockdown wurket lykwols net foar ierdgeasten dy't har al yn 'e minskewrâld befine, lykas it elfke Toet-toet en syn maten, dy't Harry as harren lienhear beskôgje om't er op geregelde basis pizza foar harren keapet. Se jouwe har by him sadree't er yn Chicago arrivearret. Harry is in bytsje ûntrêstge as Toet-toer him ferteld dat de pizzatraktaasjes ûnder syn ôfwêzigens fuortset binne troch syn peetmuoike, de Leanansídhe, dy't heech yn 'e rangoarder fan it Winterhôf stiet. Soks kin ta alderhanne ferplichtings liede dêr't Harry net om sit te springen.
Harry wol oer Mab har opdracht om Maeve te fermoardzjen te rie by Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy. Dyselde bewennet in skedel dy't foarhinne op 'e boekeplanke yn Harry syn laboratoarium stie. Sûnt syn hûs ôfbaarnd is en Harry letter sels dearekke (sjoch: Changes), is Bob op 'e noed kommen fan Harry syn freon, de patolooch-anatoom Waldo Butters. Om't Harry op it stuit in hiele rige nije en machtige fijannen oan it meitsjen is, en om't er net wol dat dy him fia syn freonen treffe sille, brekt er yn it appartemint fan Butters yn as dy nachttsjinst hat. It docht lykwols bliken dat de dingen ûnder Harry syn ôfwêzigens feroare binne: Butters wennet no gear mei de wielderige wearwolvinne Andi Macklin. Nei in konfrontaasje wit Harry Andi fan syn identiteit te oertsjûgjen en jout er har opdracht om 'e plysje te skiljen om oanjefte te dwaan fan in ynbraak.
As er neitiid yn 'e auto, yn 'e âlde Rolls Royce dy't Cat Sith foar him regele hat, Bob fertelt oer de opdracht fan Mab, seit dy dat der foar Harry letterlik gjin begjinnensein is oan it fermoardzjen fan Maeve, mei't it foar in stjerlike minske lykas hy ûnmooglik is om in ûnstjerlik wêzen as de Winterfrouwe om te bringen. Harry wiist derop dat er ek alris de Simmerfrouwe ombrocht hat (sjoch: Summer Knight), mar Bob leit út dat dat inkeld mooglik wie trochdat se har op 'e Stiennen Tafel befûn, in plak dat de Simmer- en Winterkeninginnen skepen hawwe mei de bedoeling om sokke feroarings mooglik te meitsjen. Harry merkt lykwols dat Bob wat efterhâldt, en nei lang oantrúnjen komt it hege wurd derút: Bob wit in oare manear om ûnstjerliken te deadzjen, en dat is no persiis de reden dat er it Nevernever ûntflechte is, want alle ûnstjerliken wolle sokke kennis it leafst hielendal útrûgje. Harry ornearret dat Mab wist dat er fuort nei Bob ta drave soe om rie as se him sa'n opdracht joech, dat hy riddenearret dat Mab wol dat Bob him fertelt wat er wit. Mei tsjinnichheid leit Bob út dat op Halloween de grins tusken de wrâlden fan 'e libbenen en de deaden sa tin wurdt, dat dan sels wêzens dy't normaalwei ûntstjerlik binne, komme kinne te ferstjerren. En lit it no de oare deis krekt Halloween wêze. Dat betsjut dat Harry likernôch seisentweintich oeren de tiid hat om Maeve te deadzjen.
It petear fan Harry en Bob komt ta in abrupte ein as immen in bom nei harren auto smyt. It is oan in warskôging fan Toet-toet te tankjen, dêr't Harry troch op 'e rem trapet, dat er wat dúdlik in moardoanslach is, oerlibbet. De auto is swier skansearre mar blykt pânsere te wêzen, dat hy docht it noch. Harry sels is lykwols net alhiel by sûpe en stút en knoffelet út 'e auto. Ear't er wer hielendal ta himsels komme kin, wurdt er oanfallen troch in swaarm elfkes, dy't him spikers yn 'e lea stekke. It docht bliken dat Harry mear ferwûnings oprûn hat yn it gefjocht mei de Readkap as dat er tocht hie, want as er mei it izer fan 'e spikers yn kontakt komt, en dêrtroch syn krêften as Winterridder bûten wurking steld wurde, kin er fan alle pine suver net iens mear oereinkomme. De piranja-elfkes, sa't Harry de wêzens by himsels neamt, soene him deade hawwe kinne, mar hy wurdt rêden troch Toet-toet en syn maten. Toet-toet sels giet de striid oan mei de lieder fan 'e piranja-elfkes, dy't like grut is as hy, wat bot mânsk is foar in elfke. It wêzentsje draacht in wapenris dy't oeral foarsjoen is fan fiskheakjes, sadat Harry him by himsels 'Kaptein Heak' neamt. Toet-toet rekket yn it gefjocht ferwûne, mar syn yngripen hat Harry de tiid jûn om wer ta himsels te kommen. Harry ropt in betsjoende wyn op dy't de piranja-elfkes oan 'e kant blaast, wylst er him mei Bob syn skedel en de ferwûne Toet-toet út 'e fuotten besiket te meitsjen. Hy komt lykwols net fier, en as er te wurch rekket om syn betsjoening noch langer fol te hâlden, liket er foar de dea opskreaun te wêzen.
Op dat stuit ferskynt der lykwols in hûskat njonken him, dat de aartsfijân fan 'e elfkes is. Dêr jouwe har almar mear oare katten by, dy't langjend omheech dikerje nei de swevende piranja-elfkes. As dy Harry alhiel omjûn troch katten sjogge, kieze se it hazzepaad. Sadree't de elfkes fuort binne, ferdwine alle katten fan it iene op it oare momint: it wie in yllúzjebetsjoening fan Molly Carpenter, Harry syn eardere learling-tsjoenster, wa har lessen sûnt Harry syn dea oernommen binne troch syn peetmuoike, de Leanansídhe. Molly nimt Harry-en-dy mei nei har wente, in grut en lúkse appartemint yn 'e kelder fan in flatgebou dat de svartálfar foar har makke hawwe foar bewiisde tsjinsten (sjoch: Bombshells). Nei ûndersyk blykt Toet-toet net slim ferwûne te wêzen. Molly warskôget Harry dat it mei him ferbûne Demonreach, in ferburgen eilân yn 'e Michiganmar foar de kust fan Chicago (sjoch: Turn Coat), de lêste tiid safolle enerzjy opboud hat, dat it op ûntploffen stiet. Harry makket fluch wat berekkenings en ûntdekt dat er krekt foar de moarnsdage hinne en werom kin nei it eilân om mei dy nije krisis ôf te weven. Hy is der frij wis fan dat Mab dat foar eagen hie mei har lockdown. Op Molly har fraach wêrom't se dat dan net gewoan tsjin him sein hat, antwurdet Harry dat er hieltyd mear it idee kriget dat Mab de lju helpt dy't harrensels helpe.
Mei Molly bejout Harry him nei de haven fan Chicago, dêr't er de Water Beetle, de boat fan syn healbroer Thomas Raith, "liene" wol om nei Demonreach ta. It docht lykwols bliken dat Thomas op dat stuit oan board is. Hy is in fampier fan it Wite Hôf; sokken libje net fan bloed, mar fan libbensenerzjy, dy't se minsken ôfhandich meitsje troch it hawwen fan seksuele omgong. (It binne dus eins mear ynkuby en sukkuby as 'tradisjonele' fampieren.) Thomas mient noch altyd dat Harry dea is, dat hy kriget de ferrassing fan syn libben as er syn broer ynienen libbensliif foar him sjocht. Hy is begryplikerwize lulk dat Harry him net earder witte litten hat dat er noch libbe. Nei't er Harry bêst it mannewaar opsein hat, is er lykwols rare bliid him wer te sjen.