thumb|Noard- en midden Ingelân om 802 hinne

Noardumbrje (Ingelsk: Northumbria) wie ien fan de wichtige Angelsaksyske keninkriken yn Ingelân foar Willem de Oermasterder. It hearde ta wat wol de heptargy neamd wurdt. De namme ferwiist nei it gebiet, noardlik fan de rivier de Humber.

Dat gebiet strekte him út fan de Humber oant de Forth. It keninkryk ûntstie út de gearfoeging fan twa oare riken: Deira en Bernisia. Kening Edwin ( 616 - 632 ) fierde yn 627 it kristendom yn en wie Bretwalda fan Ingelân fan 627 oant 632. Ek syn opfolgers Oswald (633-641) en Oswiu (641-670) droegen dy titel.

Yn 810 of koart dêrfoar kaam Eanred, soan fan Eardwulf, op de troan en hearske oant 841. Under syn regear erkende Noardumbrje yn 827 it oppergesach fan Egbert, kening fan Wesseks. Yn 954 hâlde Noardumbrje op te bestean as selsstannich keninkryk.

De namme Noardumbrje wurdt om histoaryske en toeristyske redenen tsjintwurdich hieltyd faker brûkt. Fierders wurdt de namme fan it âlde keninkryk noch fuortset yn it greefskip Noardumberlân.

Keningen fan Noardumbrje De data, de nammen en feiten oer de earste hearskers oer Bernisia en Deira (lykas yn gefal fan oare hearskers yn de heptargy) binne net hieldal wis. Namme Perioade Opmerkingen Esa ± 500 fan Bernisia Eoppa ± 520 fan Bernisia Ida 547 - 559 fan Bernisia Glappa 559 - 560 fan Bernisia; soan fan Ida Aelle 559 - 589 fan Deira Adda 560 - 568 fan Bernisia; soan fan Ida Aethelric 568 - 572 fan Bernisia; soan fan Ida Theodric 572 - 579 fan Bernisia; soan fan Ida Frithuwald 579 - 585 fan Bernisia; soan fan Ida Hussa 585 - 592 fan Bernisia; soan fan Ida Aethelric 589 - 604 fan Deira Aethelfrith 593 - 616604 - 616 fan Bernisia; soan fan Aethelricfan Deira Edwin 616 - 633 fan Deira + Bernisia; soan fan Aelle Eanfrith 633 - 634 fan Bernisia; soan fan Aethelfrith Osric 633 - 634 fan Deira; neef fan Edwin Oswald 633 - 642634 - 642 fan Deira; soan fan AethelfrithBernisia Oswiu 642 - 655 fan Bernisia; soan fan Aethelfrith Oswine 644 - 651 fan Deira; soan fan Osric Aethelwold 651 - 655 fan Deira; soan fan Oswald 655 Deira foarmet mei Bernisia it keninkryk Noardumbrje Oswiu 655 - 670 656 - 664 Aelhfrith, ûnder-kening yn Deira; soan fan Oswiu; Ecgfrith 670 - 688 soan fan Oswiu 670 - 679 Aelfwine, ûnder-kening yn Deira; soan fan Oswiu Aldfrith 688 - 704 soan fan Oswiu Eadwulf 704 - 705 soan fan Aldfrith Osred I 705 - 716 soan fan Aldfrith Coenred 716 - 718 Osric 718 - 729 (mooglik) soan fan Aldfrith Ceolwulf 729 - 737 broer fan Coenred Eadberht 737 - 758 Oswulf 758 - 759 soan fan Eadberht Aethelwald Moll 759 - 765 Alhred 765 - 774 Aethelred I 774 - 778 soan fan Aethelwald Moll Aelfwald I 778 - 779 soan fan Oswulf Osred II 779 - 790 soan fan Alhred Aethelred I 790 - 796 (op 'en nij) Osbald 796 Eardwulf 796 - 806 Aelfwald II 806 - 808 soan fan Oswulf Eardwulf 808 - 830 (op 'en nij) Eanred 810 - 844 soan fan Eardwulf Aethelred II 840 - 844 soan fan Eanred Readwulf 844 Aelfwald II 844 - 848 (op 'en nij) Osbaht 848 - 862 Aelle 862 - 867 Osberht 867 Untfongen fan "http://nl.wikipedia.org/wiki/Koninkrijk_Northumbria"

Kategory:Histoarysk lân yn Jeropa Kategory:Angelsaksen Kategory:Skiednis fan Ingelân Kategory:Keninkryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 653 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 954