Bridge of Spies is in Amerikaansk-Dútsk-Yndiaaske histoaryske dramafilm út 2015 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen Tom Hanks en Mark Rylance. De titel betsjut: "Spionnebrêge", en ferwiist nei de Glienicker Brücke op 'e grins fan West- en East-Berlyn, dêr't ûnder de Kâlde Oarloch troch de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny fjouwer kear finzennommen spionnen útwikselje waarden. It ferhaal giet oer de histoaryske Amerikaanske abbekaat James B. Donovan út New York, dy't yn 1957 frege wurdt de ferdigening op him te nimmen yn 'e rjochtsaak fan it Iepenbier Ministearje tsjin 'e oppakte Sovjet-spion Rudolf Abel. Dêrtroch rekket er neitiid behelle yn in spionneruil yn Berlyn, wêrby't Abel oan 'e Sovjet-Uny oerdroegen wurdt yn ruil foar de frijlitting fan 'e Amerikaanske piloat Francis Gary Powers, dy't boppe de Sovjet-Uny delsketten is, en de Amerikaanske studint Frederic Pryor, dy't yn East-Berlyn fêstholden wurdt. Bridge of Spies krige rûnom lof fan 'e filmkritisy en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in kommersjeel súkses. Mark Rylance wûn yn 2016 de Oscar foar bêste byrol fan in akteur foar syn fertolking fan 'e rol fan Abel.

Plot Yn 1957 wurdt yn New York Rudolf Abel arrestearre en oanklage foar spionaazje foar de Sovjet-Uny. Eltsenien is it deroer iens dat er in earlik proses krije moat, en dêrta moat him in abbekaat tawiisd wurde. De kar falt op James B. Donovan, hoewol't dy him de lêste jierren eins útslutend mei fersekeringssaken dwaande holden hat. Nettsjinsteande dat giet Donovan akkoart mei de ûntankbere taak as dy oan him foarlein wurdt, om't er fynt dat it syn demokratyske plicht is. Hy is der lykwols fan oertsjûge dat eltse kliïnt de bêste ferdigening fertsjinnet dy't er fiere kin, ek as dy kliïnt in Sovjet-spion is. Sa ferset er him tsjin 'e talitting fan it bewiismateriaal yn 'e saak, om't dat allegear krigen is troch in hûssiking dêr't gjin hûssikingsbefel foar ôfjûn wie. Dêrmei ropt er de argewaasje fan sawol de ofsier fan justysje as rjochter Byers op. As de CIA kontakt mei him siket om him derta te bringen syn amtsgeheim te skeinen troch de ynhâld fan syn fertroulike petearen mei Abel troch te spyljen, stegeret er dat fersyk misledige ôf.

Abel wurdt feroardiele, mar Donovan wit rjochter Byers te bepraten om him net de deastraf te jaan (dy't it Iepenbier Ministearje tsjin him easke hie). Hy riddenearret dat hoewol't Abel in "ferrieder" neamd wurdt, de man dat eins net is. Mei't er gjin Amerikaan is, kin er de Feriene Steaten ommers net ferret hawwe. Krektoarsom, Abel is trou oan syn oannommen heitelân, de Sovjet-Uny, en hat plichtsgetrou besocht út te fieren wat syn oerhearrigen by de KGB him opdroegen. Dêropta hâldt Donovan de rjochter foar, dat de Feriene Steaten ek spionnen yn 'e Sovjet-Uny hat, en dat in libbene Abel letter noch wolris fan pas komme kin as dêr in Amerikaanske spion oppakt wurdt dy't de Feriene Steaten graach weromhawwe wolle. Byers liket net bot sjarmearre te wêzen fan lykfol hokker argumint dat Donovan oandraacht, mar úteinlik blykt er dochs harke te hawwen en feroardielet er Abel ta tritich jier finzenisstraf.

Ta ferbjustering en lulkens fan eltsenien, syn baas Thomas Watters en syn eigen frou Mary ynbegrepen, beslút Donovan yn heger berop te gean tsjin it fûnis. Foar it Amerikaansk Heechgerjochtshôf besiket er jitris om it bewiismateriaal ûnjildich ferklearje te litten omreden fan it missende hûssikingsbefel. Foar dy prinsipiële opstelling wurde Donovan en syn húshâlding lestich fallen, wêrby't der op in stuit sels by syn hûs troch de ruten nei binnen sketten wurdt. De feroardieling fan Abel wurdt úteinlings troch it Heechgerjochtshôf bekrêftige mei fiif stimmen tsjin fjouwer.

Yn 1960 wurdt Francis Gary Powers, in piloat fan it topgeheime programma fan 'e CIA om mei U-2-spionaazjefleantugen fan grutte hichte ôf bylden fan 'e Sovjet-Uny te meitsjen, delsketten boppe Sibearje. It giet sa hurd dat er net de kâns kriget om syn fleantúch te ferneatigjen of himsels fan kant te meitsjen, sa't er troch syn opdrachtjouwers hjitten wie te dwaan as er delsketten waard. Hy wurdt finzen nommen en nei in skynproses feroardiele ta tsien jier finzenisstraf.

Net lang dêrnei ûntfangt Donovan in brief út Leipzig, yn 'e DDR, dy't sabeare skreaun is troch Abel syn frou. Dêryn wurdt er betanke foar syn tsjinsten oan har man en oanfitere om kontakt op te nimmen mei har abbekaat, in Vogel. Abel stelt mei ien blik op it brief fêst dat it net fan syn frou komt. De CIA fermoedet dat it in berjocht fia ûnoffisjele kanalen is wêrmei't de Sovjet-Uny in spionneruil bewurkmasterje wol. De ynljochtingetsjinst freget Donovan om nei Berlyn te reizgjen om in ruil fan Abel tsjin Powers te regeljen. Mocht it misbeteare, dan kin it Amerikaanske regear folhâlde net by de saak belutsen te wêzen, mei't Donovan gjin (offisjele) bannen mei it regear hat. Donovan, dy't yn 'e tuskenlizzende tiid befreone rekke is mei de lakonike Abel, beslút foar de man te dwaan wat er kin en fertelt syn frou dat er mei in kliïnt te angelfiskjen giet yn Skotlân.

Underwilens wurdt yn Berlyn de Berlynske Muorre oplutsen, dy't de beide stedsdielen West-Berlyn en East-Berlyn fan inoar skiedt mei in miniatuerferzje fan it Izeren Gerdyn. De Amerikaanske ekonomystudint Frederic Pryor glûpt East-Berlyn binnen om te besykjen en bepraat syn faam, in Dútsk famke, om nei it westen te flechtsje ear't de grins tichtgiet. Hy is lykwols te let, en komt sels yn it easten fêst te sitten, dêr't er oppakt wurdt en sûnder oanklacht yn in Eastdútske sel bedarret.

Nei't Donovan yn West-Berlyn arrivearre is, stekt er oer nei East-Berlyn, dêr't er ûnderweis nei de ambassade fan 'e Sovjet-Uny berôve wurdt fan syn oerjas. Op syn bestimming oankommen, bepraat er de saak mei in Ivan Sjistsjkin, dy't himsels foarsteld as de twadde sekretaris fan 'e ambassade, mar oer wa't CIA-agint Hoffman Donovan letter ferteld dat er eins in agint fan 'e KGB is. Hoewol't de CIA inkeld belangstelling hat foar in ruil fan Abel tsjin Powers, besiket Donovan Abel te ruiljen tsjin sawol Powers as Pryor. Sjistsjkin hâldt lykwols fol dat er oer Pryor neat te sizzen hat, mei't dy fêstholden wurdt troch de DDR en net troch de Sovjet-Uny. Hy ferwiist Donovan troch nei Vogel, dy't de prokureur-generaal fan 'e DDR blykt te wêzen. Vogel fertelt Donovan dat syn lân Pryor wol gean litte wol yn ruil foar offisjele erkenning fan 'e DDR as ûnôfhinklik lân troch de Feriene Steaten. Donovan makket Vogel dúdlik dat dat der net yn sit, en liket mei de man ta oerienstimming te kommen oer in ruil fan Abel tsjin Pryor.

De oare deis hat Sjistsjkin it griene ljocht krigen foar de ruil fan Abel tsjin Powers, dy't plakfine sil op 'e Glienicker Brücke, op 'e grins fan East- en West-Berlyn. De CIA is yn 'e wolkens en set Abel fuortendaliks op it fleantúch nei Berlyn. Vogel hat lykwols lucht krigen fan 'e ruil dy't tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny op hannen is, en trapet no op 'e rem. Hy beskuldiget Donovan derfan dat dy twa foar de priis fan ien keapje wol. Donovan besiket him derfan te oertsjûgjen dat de ruil fan Abel tsjin Powers mei de Sovjet-Uny gjin ynfloed hat op 'e ruil fan Abel tsjin Pryor mei de DDR. Vogel bliuwt lykwols by syn ôfwizing en soarget der sels foar dat Donovan in nacht yn in Eastdútske sel trochbringe moat. Donovan lit him lykwols net yntimidearje. As de oare deis it berjocht komt dat Vogel syn baas Harald Ott mei him prate wol, reizget er wer nei East-Berlyn ta, ek al besiket agint Hoffman, dy't mear as tefreden is mei de ruil fan Abel tsjin Powers, him dat te ûntpraten.

Mei Ott komt Donovan net folle fierder, en harren petear wurdt abrupt ôfbrutsen as Ott in wichtich tillefoantsje kriget. Nei't er in oere op 'e gong sitten hat te wachtsjen, kriget Donovan te hearren dat Ott dy deis gjin tiid mear foar him hat. Hy jout dan oan 'e assistint fan Ott dy't him dat berjocht oerbringt, in berjocht foar Ott mei werom: as de DDR Pryor net frijlit, giet de hiele spionneruil net troch, en dan mei de DDR oan 'e Sovjet-Uny útlizze hoe't it komt dat Abel yn Amerikaanske finzenskip bliuwt. Let dy jûns komt it ferlossende wurd: Pryor sil tagelyk mei de spionneruil op 'e Glienicker Brücke frijlitten wurde by Checkpoint Charlie.

De oare moarns ier steane Donovan, Hoffman mei in kloft CIA-minsken en Abel by de Glienicker Brücke ree foar de útwikseling. Oan 'e oare kant fan 'e brêge arrivearret de KGB mei Powers. De spanning wurdt om te snijen as by Checkpoint Charlie, dêr't de CIA in direkte tillefoanline mei hat, alles stil bliuwt. Donovan ynterpretearret dat as it ôfwachtsjen fan 'e DDR om te sjen oft de spionneruil ek trochgean sil sûnder de frijlitting fan Pryor. Hoffman, dy't noch altyd gjin belangstelling foar Pryor hat, fiteret Abel oan om 'e brêge oer te gean, mar Abel seit dat er noch wol eefkes de tiid hat. Sadree't Pryor by Checkpoint Charlie oan 'e Amerikanen oerdroegen wurdt, stekke Abel en Powers de brêge oer. Neitiid keart Donovan werom nei hûs, dêr't er fuortendaliks, mei alle klean noch oan, op bêd yn 'e sliep falt, wylst syn frou en bern op it nijs op 'e tillefyzje hearre dat der yn Berlyn in spionneruil plakfûn hat, dy't fasilitearre is troch abbekaat James B. Donovan út New York.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise James B. Donovan Tom Hanks Rudolf Abel Mark Rylance

byrollen personaazje akteur/aktrise CIA-agint Hoffman Scott Shepherd Mary Donovan Amy Ryan Wolfgang Vogel Sebastian Koch Thomas Watters jr. Alan Alda rjochter Mortimer W. Byers Dakin Matthews Francis Gary Powers Austin Stowell Frederic Pryor Will Rogers Doug Forrester Billy Magnussen Carol Donovan Eve Hewson Roger Donovan Noah Schnapp Peggy Donovan Jillian Lebling Joe Murphy Jesse Plemons CIA-agint Williams Michael Gaston minister Allen Dulles Peter McRobbie CIA-agint Blasco Domenick Lombardozzi Harald Ott Burghart Klaußner Ivan Sjistsjkin Michail Gorevoj William F. Tompkins Stephen Kunken

Produksje en distribúsje Produksje Bridge of Spies is in Amerikaansk-Dútsk-Yndiaaske ko-produksje ûnder rezjy fan Steven Spielberg. It senario waard skreau troch Matt Charman en de bruorren Coen. Charman krige foar it earst belangstelling foar it ferhaal fan Rudolf Abel nei't er in fuotnoat oer de man lêzen hie yn 'e biografy An Unfinished Life: John F. Kennedy, 1917–1963. Nei't er yn New York mei de soan fan Donovan praten hie, besocht er syn idee foar in film oer Abel en Donovan by ferskate filmstudio's oan 'e man te bringen, mar dat slagge net, oant Spielberg syn DreamWorks Pictures tahapte.

As produsinten wiene by it projekt belutsen Spielberg sels, Marc Platt en Kristie Macosko Krieger, foar de filmstudio's DreamWorks Pictures, Afterworks Limited, Amblin Entertainment, Marc Platt Productions, Participant Media, Fox 2000 Pictures, it Dútske Studio Babelsberg en Reliance Entertainment út Yndia. Foar de film wie in budget fan $40 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Janusz Kamiński, wylst Thomas Newman de filmmuzyk fersoarge.

De opnamen foar Bridge of Spies setten op 8 septimber 2014 ûnder de wurktitel St. James Place útein yn 'e New Yorkske wyk Brooklyn. Nei't it filmjen yn New York ôfrûne wie, ferhuze de produksje nei Dútslân, dêr't oant ein novimber filme waard yn Berlyn en Potsdam. Oare opnamelokaasjes wiene Wrocław, yn Poalen, en de Loftmachtbasis Beale by Marysville yn Kalifornje, dêr't mids desimber de lêste sênes filme waarden.

Distribúsje