Ghost Story is in roman fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Spûkferhaal". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it trettjinde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Changes. Oan 'e ein fan dat boek waard Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, deasketten. Yn Ghost Story moat er as spûk syn eigen moard oplosse. Ghost Story waard yn 2011 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. __TOC__ Ynhâld Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, is dea. Hy is troch in slûpskutter yn 'e haven fan Chicago delsketten (sjoch: Changes) op 'e boat de Water Beetle, fan syn healbroer Thomas Raith, en is doe oerboard fallen en stoarn oan bloedferlies of ferdrinking (dat wit er sels net). As er wer ta himsels komt, befynt er him yn in aparte, spûkeftige en lege ferzje fan Chicago dy't er "it Tusken-Chicago" neamt. Dêr moetet er Ron Carmichael, foarhinne resjersjeur by de Spesjale Undersyksienheid fan it Chicago Police Department en de partner fan Harry syn goede freondinne Karrin Murphy. Carmichael is al mear as tsien jier dea, nei't er ombrocht waard troch in mâle loup-garou (sjoch: Fool Moon). Hy nimt Harry mei nei in troch beskermingels bewekke plysjeburo dêr't plysjelju út Chicago fan 1840 oant no oan it wurk binne. Dêr komt Harry yn 'e kunde mei it burohaad, in man dy't himsels "kommissaris" of "Jack" neame lit, en dy't neitiid kommissaris Colin J. Murphy blykt te wêzen, Karrin Murphy har heit, dy't mear as tritich jier lyn selsmoard dien hat.

Kommissaris Murphy leit Harry út dat er him tusken de wrâld fan 'e libbenen en it hjirneimels yn befynt, en dat er net fierder kin nei himel of hel om't der "ûngeregeldheden" wiene yn ferbân mei syn dea. Koartsein: de "oare kant" (Satan en syn trewanten) wiene derby belutsen en se hawwe falskspile. Harry syn iennichste kâns om net foargoed yn it Tusken-Chicago fêstsitten te kommen, is om as spûk werom te kearen nei de wrâld fan 'e libbenen, dêr't er syn eigen moard oplosse moat. Dêrby sil er lykwols gjin beskikking oer tsjoenderij hawwe en mar in hiel lyts bytsje fermogen om mei libbene minsken te kommunisearjen en fysike dingen te beynfloedzjen. As it him net slagget om syn misje te folbringen, sil er boppedat foar ivich as spûk yn 'e wrâld fan 'e libbenen fêstsitte. Harry fielt eins hielendal neat foar soks, om't er fynt dat er wol genôch dien hat yn syn libben en dat er as deade einlings fan in wolfertsjinne rêst genietsje moatte kinne soe. As Murphy lykwols fertelt dat trije minsken fan wa't Harry hâldt, troch slim kwea troffen wurde sille as er syn eigen moard net oplost, jout Harry ta.

Mei't er útkieze mei wêr't er yn it echte Chicago ôfset wurdt, lit Harry him nei it hûs fan it medium Mortimer Lindquist bringe, dêr't er by jûn arrivearret. Lindquist is ien mei wa't er ferskate kearen earder gedoente hân hat (sjoch: Grave Peril, Death Masks en Dead Beat), hoewol't se net op al te bêste foet mei-inoar steane. Nettsjinsteande dat is de leffe lytse kealjende man Harry syn iennichste hoop om syn misje te folbringen. It hûs fan Lindquist blykt bewekke te wurden troch in twahûndert jier âld spûk fan ien fan syn foarâlden: kaptein sir Stuart Winchester fan 'e Koloniale Mariniers. Dy wol Harry earst net talitte, mar it is in sympatyk man en Harry kin him lokkigernôch mei wurden wol oer. Under harren petear docht bliken dat Harry al seis moannen dea is. Dat wol him suver net oan, mei't it foar syn gefoel amper in oerke lyn is dat er delsketten waard. Boppedat is Chicago oerdutsen troch tsjûk pak snie. Mei't Harry yn novimber stoarn is, soe it dan no maaie wêze moatte. Sir Stuart befêstiget dat en jout oan dat meteorologen út 'e hiele wrâld har besauwe oer it ûntidige winterwaar dat de stêd yn syn gryp hâldt.

Wylst se steane te redendielen wurdt Harry oanfallen troch in skym, in spûk dat syn identiteit ferlern hat en inkeld noch hongerich is nei de oantinkens fan oaren. Sir Stuart rêdt Harry syn 'libben' en bringt him dan by Lindquist. Dyselde wol alhiel neat witte fan help oan Harry. Hy mei Harry net lije, it kin him neat skele wat Harry fan him wol, en hy wol út noch yn net by Harry syn gefaarlike aventoeren belutsen reitsje. As it hûs oanfallen wurdt troch in kliber skimen dy't sammele binne troch guon lemurs (spûken dy't harrensels mei opsetsin oerjûn hawwe oan it kwea), is Harry der tsjûge fan hoe't sir Stuart en in legerke oare spûken de wente ferdigenje. It docht bliken dat de lemurs dy't de skimen brûke sels wer oanstjoerd wurde troch in yn in grize mantel klaaide ferskining dy't Harry by himsels de Grize Geast neamt.

As dat wêzen sir Stuart driget te 'deadzjen', grypt Harry yn en rekket er yn in fûstgefjocht mei it wêzen behelle. De Grize Geast ropt in swevende skedel ta syn help op, wêryn't Harry syn freon Bob weromken, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewenne op 'e boekeplanke yn Harry syn geheime laboratoarium, yn 'e kelder ûnder syn appartemint. Sir Stuart wit sawol de skedel as de Grize Geast op 'e flecht te jeien troch te bluffen. Neitiid sjogge de spûken ta hoe't in libbene ynbrekker de doar fan it hûs forsearret en himsels in paad nei binnen ta ferskaft. Tsjin libbene fijannen kinne se neat dwaan. Harry warskôget Lindquist, dy't suver yn panyk rekket as er heart dat der in wapene ynslûper yn syn hûs is. As Harry stroffelet en boppe-op, of eins yn, Lindquist falt, ûntdekt er dat er, as er him yn it lichem fan in libbene befynt, syn tsjoenderij weromkriget. Hy brûkt in betsjoening om Lindquist te beskermjen as de ynbrekker krekt op dat stuit besiket it medium dea te sjitten. Neitiid smyt Lindquist Harry út syn lichem wei en ropt ynstee inkele oare spûken nei him ta, ûnder wa sir Stuart. Mei harren kennis fan man-tsjin-mangefjochten weeft er mei de ynbrekker/slûpmoardner ôf.

Neitiid slút Lindquist ûnder bemiddeling fan sir Stuart in oerienkomst mei Harry: as Harry him helpt om út te finen wa't him blykber dea hawwe wol, sil er Harry helpe om kontakt te meitsjen mei syn freonen. Harry lit him troch Lindquist en sir Stuart nei it hûs fan Karrin Murphy bringe, in eardere resjersjeur fan it Chicago Police Department dy't har baan kwyrekke is om't se Harry te faak holpen hat (sjoch: Changes). Dêr oankommen sjocht Harry in frjemde auto stean, dat hy giet earst allinne op ûndersyk út. Hy sjocht troch it rút hoe't Murphy ûnderhannelet mei Childs, in assistint fan "Gentleman Johnnie" Marcone, de maffiabaas fan Chicago, en ûntdekt ek dat syn kat Mister no by Murphy ynwennet.

Letter is er tsjûge fan in gearkomste fan Murphy mei ferskate âlde bekenden: Will Borden en oare leden fan 'e Alpha's, de pleatslike ridel wearwolven; Abby, in licht paranormaal bejeftige frou dy't in fertsjintwurdiger is fan it Paranet, in lanlike organisaasje fan sokke lju dy't Harry mei-oprjochte hat (sjoch: White Night); Daniel Carpenter, de âldste soan fan Harry syn freon Michael Carpenter; en pastoar Anthony Forthill fan 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels. Ek oanwêzich is Felicia, dy't it Wite Hôf fan 'e fampieren fertsjintwurdiget. Hoewol't Harry hearre kin wêr't se it oer hawwe, kin er der net in protte fan neikomme; der liket yn it heal jier sûnt syn dea in protte feroare te wêzen. Wol makket er út harren praat op dat de groep kontakten ûnderhâldt mei Marcone, warder Carlos Ramirez fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij en Harry syn eardere faam, de tsjoenster Elaine Mallory.

Nei ôfrin fan 'e gearkomste makket Harry mei Lindquist as kommunikaasjekanaal kontakt mei Murphy. Dy hie harsels al dy tiid foarholden dat Harry noch yn libben wêze moast om't syn lyk nea fûn wie, dat it nijs fan syn dea komt by har hurd oan. Se ropt in stikmannich freonen werom om Lindquist fragen te stellen dêr't inkeld Harry it antwurd op witte kin, om sa fêst te stellen dat it medium echt oan it tolkjen is foar Harry syn geast en harren net op 'e iene of oare manear besiket te bedragen. Om hielendal wis fan har saak te wêzen, hellet Murphy úteinlik Molly Carpenter derby, Harry syn tsjoenderslearlinge. As tsjoenster hat sy it fermogen om streekrjocht mei Harry te kommunisearjen, en se befêstiget dat hy it wier is.

Molly, dy't yn de slach by Chichén Itzá (sjoch: Changes) yn har boppeskonk sketten wie, is it lêste healjier bot feroare. Om't se troch de Wite Ried fan Tsjoenderij inkeld akseptearre waard salang't Harry har de hân boppe de holle hold (sjoch: Proven Guilty), is se foar dy organisaasje no in sochte krimineel. Hoewol't de warders it op 't heden te drok hawwe om folle tiid oan har opspoaring te besteegjen, ferbliuwt Molly sa min mooglik op ien plak en sliept se op 'e strjitte. Trochdat Harry yn Chichén Itzá it hiele Reade Hôf fan 'e fampieren yn ien kear útskeakele hat (sjoch: Changes), op mooglik inkelen fan 'e alderjongsten nei, is der in machtsfakuum ûntstien yn 'e boppenatuerlike wrâld. Ferskate boppenatuerlike naasjes en faksjes binne deilis rekke om dat gat op te foljen, wêrby't de Fomoaren fierhinne as winner út 'e bus kommen binne. De Fomoaren binne gjin oangename wêzens, en se lykje it fersjoen te hawwen op lju mei paranormale jeften, dy't se om ûnbekende redens finzennimme en ûntfiere nei harren ûnderwetterwrâld, wêrnei't der nea wer wat fan dy persoanen fernommen wurdt (sjoch: Aftermath). Plakken dy't ûnder beskerming fan in tsjoender steane, fergiet it yn 'e nije reäliteit better as oare plakken, en om't Molly no de iennichste tsjoender is yn Chicago, hat sy de mantel fan beskermer fan 'e stêd opnommen. Se hat it foar de moade om lapkes stof efter te litten as se mei in fijân ôfweeft, en wurdt dêrom no "de Foddefrou" neamd. Har freonen sitte oer har yn, om't se dúdlik psychyske problemen hat en net mear mei folslein spul kaarten liket te spyljen.

Harry freget Molly yn bedutsen termen nei syn dochter Maggie (sjoch: Changes) en sy antwurdet dat alles goed mei it famke is en dat Harry syn grizelich yntelliginte Tibetaanske mastyf Mouse by har is. Wylst Harry-en-dy noch sitte te praten fynt der in drive-by shooting plak, wêrby't Murphy har hûs mei mitrailleurs ûnder fjoer nommen wurdt. Sir Stuart en Harry, de iennichste beide oanwêzigen dy't ûnkwetsber binne foar kûgels, hastigje har nei bûten ta. Spûken kinne net folle yn 'e fysike wrâld beynfloedzje; se kinne bgl. noch gjin sint oppakke. Mar komplekse masines mei in protte ûnderdielen dy't al yn beweging binne, kinne se wol manipulearje. Sir Stuart lit Harry sjen hoe't dat moat troch de auto fan 'e sjitters yn 'e etalaazje fan in winkel ride te litten.

Wylst sir Stuart him wer by Lindquist jout, folget Harry de sjitters, dy't har rinnend út 'e fuotten meitsje. It blike allegear teenagers te wêzen, en harren lieder is in jonge fan in jier as santjin dy't Fitz hjit. Harry folget harren nei in rynkrank leechsteand fabryksgebou, dêr't er, as er tsjin himsels praat, ûntdekt dat Fitz in beskate paranormale gefoelichheid hat dy't him by steat steld om Harry te hearren (mar net te sjen). De teenerjonges binne de helpkes fan in warlock dy't himsels Aristedes neamt, dy't harren sa ûnder syn ynfloed brocht hat dat it suver in sekte wurden is. Inkeld Fitz liket fierhinne ymmún te wêzen foar syn swarte magy. Aristedes is der min oer te sprekken dat Fitz de mitrailleurs, dêr't er safolle foar betelle hat, yn in sniebank efterlitten hat om't se net rinnende mei de wapens troch de stêd koene. Hy bestraft Fitz troch de jonge te mishanneljen en keart him dan de rêch ta. Harry sjocht dat Fitz op it punt stiet om te besykjen en bring Aristedes om hals, mar hy beseft ek dat de warlock dêr krekt op stiet te wachtsjen. Hy warskôget Fitz en rêdt sa dy syn libben. Neitiid stjoert Aristedes Fitz fuort om 'e wapens op te heljen, en Harry riedt him oan om dat de oare jûns nei tsjuster te dwaan. Hy ûnthjit de jonge dat er him helpe sil.