Shawn Speakman (12 novimber 1975) is in Amerikaansk skriuwer, redakteur en útjouwer fan fantasyliteratuer.

Libben en karriêre Speakman waard yn 1975 berne en groeide op op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Washington.[boarne nedich] Yn 2011 publisearre er syn earste roman, The Dark Thorn, dy't it earste diel fan syn romansearje The Annwn Cycle wie.

Datselde jiers waard by Speakman non-hodgkinlymfoom (in foarm fan kanker oan 'e lymfeklieren) fêststeld. Nei in lange behanneling waard er wer sûn ferklearre, mar lykas in protte Amerikanen hied er gjin syktekostefersekering, yn syn gefal om't er dy net krije koe fanwegen in foarôf-besteande sykte. Dat betsjutte dat er mei in skuld fan mear as $200.000 oan sikehûskosten sitten bleau.

Om dy skuld ôf te beteljen, stalde Speakman de ferhalebondel Unfettered gear, dêr't mear as tweintich fan syn kollega-auteurs (ûnder wa grutte nammen as Jacqueline Carey, Tad Williams, Naomi Novik en Brandon Sanderson) gehiel belangeleas koarte ferhalen foar oanleveren. Ek de fierde omslachkeunstner Todd Lockwood wurke belangeleas oan 'e útjefte mei.

Foar de útjefte fan 'e bondel rjochte Speakman de útjouwerij Grim Oak Press op. Neitiid brocht er yn 2015 de ferhalebondel Unbound út, en yn 2016 en 2019 de ferhalebondels Unfettered II en Unfettered III.

Wurk referinsje Fiksje The Annwn Cycle 2011 – The Dark Thorn 2013 – The Unfettered Knight (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Unfettered) 2014 – The Twilight Dragon (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Unfettered) 2014 – Unused Chapter from The Dark Thorn 2015 – The Dead's Revenant (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Unbound) 2016 – The Unlocked Tome (koart ferhaal) 2017 – The Darkness within the Light (koart ferhaal) 2019 – The Fire-Risen Ash (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Unfettered III) oare fiksje 2015 – The White Rose Thief (koart ferhaal) 2016 – The Last Flowers of the Spring Witch (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Unfettered II) 2017 – The Tempered Steel of Antiquity Grey (koart ferhaal)

Non-fiksje 2013 – On Becoming Unfettered (essay; ynlieding ta Unfettered) 2014 – Untitled Essay (Altered Perceptions) (essay) 2015 – A Geek Trying to Do Good (essay, yn Unbound) 2016 – Publisher Roundtable (mei Geoff Brown, Katie Cord en Tim Marquitz) 2016 – Even More Unfettered (essay, yn Unfettered II) 2016 – The End of Magic's Beginning (essay) 2019 – The Power of Three (essay; ynlieding ta Unfettered III)

Redaksje 2013 – Unfettered (blomlêzing) 2015 – Unbound (blomlêzing) 2016 – Unfettered II (blomlêzing) 2019 – Unfettered III (blomlêzing)

Keppelings om utens Offisjele webside fan Shawn Speakman

Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk boekeredakteur Kategory:Amerikaansk útjouwer Kategory:Persoan berne yn 1975