Harmen Monsma, ek Hermanus Mensma en Hermannus Monsma By de Ottema-Kingma Stichting yn Ljouwert bekend as: Hermannus Monsma, Mensma RKD (Ljouwert, foar 1640 - dêre beïerdige 10 novimber 1687) wie in Frysk portretskilder dy't wenne en wurke yn Ljouwert.
Monsma boaske yn novimber 1660 yn Ljouwert oan Bauckien Metz (? - ?). http://www.vondel.humanities.uva.nl
Wurk Der binne portretten fan him bekend út 1635/36, ien sinjearre mei Mens(ma), ien dêrfan is in portret fan Jeepke Lycklama, dy't letter troude mei Johannes fan Glinstra. Fan kaptein Schelte Hotzes fan Aysma (1655-<1708) makke Monsma in berneportret, dat yn it Stedsk Museum Swolle hinget.
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn de 17e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1687 Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert