Toni L.P. Kelner (Pensacola, 1961) is in Amerikaansk skriuwster fan romans en koarte ferhalen. Se brûkt ek wol it pseudonym Leigh Perry. It meastepart fan har wurk bestiet út detektivefiksje, mei dêropta wat fantasy.
Libben en karriêre Kelner waard yn 1961 berne yn Pensicola, yn 'e Panhandle fan Floarida. Hja groeide op yn Gulf Breeze (Floarida) en yn Charlotte, yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina. Foar't se fan har fiksje libje koe, hie Kelner in baan as technysk skriuwer.
Kelner is de auteur fan trije searjes detektiveromans en byhearrende koarte ferhalen: de Laura Fleming-searje, de Where Are They Now?-rige en de Family Skeleton-searje. Foar dy lêste rige brûkt se it pseudonym Leigh Perry. Dêrnjonken hat se ek as redaktrise by de gearstalling fan ferskate blomlêzings belutsen west, tegearre mei har kollega Charlaine Harris.
Kelner is troud mei Stephen Paul Kelner jr., mei wa't se twa dochters hat, dy't Maggie en Valerie hjitte. It gesin wennet yn Malden, yn Massachusetts. Kelner is lid fan 'e American Crime Writers League, de International Thriller Writers, de Mystery Writers of America, de Short Mystery Fiction Society en de Sisters in Crime.
Wurk Romans Laura Fleming 1993 – Down Home Murder 1994 – Dead Ringer 1995 – Trouble Looking for a Place to Happen 1996 – Country Comes to Town 1998 – Tight as a Tick 1999 – Death of a Damn Yankee 2001 – Mad as the Dickens 2003 – Wed and Buried 2015 – Crooked as a Dog's Hind Leg Where Are They Now? 2009 – Curse of the Kissing Cousins (oarspronklike titel: Without Mercy) 2010 – Who Killed the Pinup Queen? 2011 – Blast from the Past 2020 – The Adventure of the Six Sherlocks (novelle) Family Skeleton (ûnder it pseudonym Leigh Perry) 2013 – A Skeleton in the Family 2014 – The Skeleton Takes a Bow 2015 – The Skeleton Haunts a House 2017 – The Skeleton Paints a Picture 2018 – The Skeleton Makes a Friend 2019 – The Skeleton Stuffs a Stocking Koarte ferhalen 2007 – How Stella Got Her Grave Back (yn 'e blomlêzing Many Bloody Returns) 2008 – Keeping Watch over His Flock (yn 'e blomlêzing Wolfsbane and Mistletoe) 2010 – Taking the Long View (yn 'e blomlêzing Crimes by Moonlight) 2010 – Pirate Dave's Haunted Amusement Park (yn 'e blomlêzing Death's Excellent Vacation) 2012 – Pirate Dave and the Captain's Ghost (yn 'e blomlêzing An Apple for the Creature) 2015 – Laura Fleming Collection: Crooked as a Dog's Hind Leg (ferhalebondel) Gift of the Murderer Marley's Ghost The Death of Erik the Redneck An Unmentionable Crime Bible Belt Old Dog Days Lying-in-the-Road Death Blomlêzings (redaksje) 2007 – Many Bloody Returns (mei Charlaine Harris) 2008 – Wolfsbane and Mistletoe (mei Charlaine Harris) 2010 – Death's Excellent Vacation (mei Charlaine Harris) 2011 – Home Improvement: Undead Edition (mei Charlaine Harris) 2012 – An Apple for the Creature (mei Charlaine Harris)
Keppelings om utens Offisjele webside fan Toni L.P. Kelner
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk misdieskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk boekeredakteur Kategory:Persoan berne yn 1961