Marinus Adrianus Koekkoek (Amsterdam, 29 jannewaris 1873 – Amsterdam, 30 maaie 1944) of M.A. Koekkoek II wie in Nederlânske tekener en skilder fan benammen bisten en fûgels. Hy kaam út de skildersfamylje Koekkoek. Syn âlde pake wie Johannes Hermanus Koekkoek (1778-1851), syn pake wie Hermanus Koekkoek (1815-1882), syn heit Willem Koekkoek (1839-1895) en syn broer wie Hermanus Willem Koekkoek (1867-1929).
Skoalplaten Koekkoek makke de akwarellen foar rigen fan 12 skoalplaten dy't brûkt waarden by it fak 'kennis fan de natuer': Searje In ons land Searje Buiten ons landHet Naardermeer In de weide In sloot en plas Zoetwatervissen In de Noordzee Wintervogels Aan het strand In het duin Bij de ruïne Aan de rivier Op de heide In het boschBewoners van de Karpaten Te midden van sneeuw en ijs In een Duitsch bergwoud In het gebied van de Boven-Nijl Aan de rand van de Kalahari Onder de dadelpalmen Noord-Amerikanen woudbewoners In het Braziliaansche oerwoud In de Syberische vlakte Op Borneo In de Rimboe Uit de Australische dierenwereld
Fûgelyllustraasjes Ornithologia Neerlandica thumb|175px|Pappegaaien Koekkoek wie fan 1 jannewaris 1918 ôf oan as wittenskippelik tekener yn tsjinst fan it Ryksmuseum fan Natuerlike Histoarje yn Leien, dêr't er tweintich jier arbeide. Tusken 1922 en 1935 makke er 407 yllustraasjes foar it boek Ornithologia Neerlandica, better bekend as De Vogels van Nederland fan Eduard Daniël van Oort. Dy yllustraasjes waarden kopiearre yn The Handbook of British Birds fan Harry Forbes Witherby.
As frij keunstner skildere Koekkoek ympresjonistyske lânskippen mei fûgels en plomfee.
Ferskaat Om him te earjen waard e slangesoarte Typhlops koekkoeki nei him ferneamd.Beolens, Bo; Watkins, Michael; Grayson, Michael (2011). The Eponym Dictionary of Reptiles. Baltimore: Johns Hopkins University Press. xiii + 296 pp. . ("Koekkoek", s. 144).
Keppelingen om utens Biografyske gegevens: Marinus Adrianus Koekkoek (II). Yn: RKD-Nederlands Instituut voor Kunstgeschiedenis Marinus Adrianus Koekkoek. Yn: Biografysk Portaal fan Nederlân Marinus Adrianus Koekkoek the Younger. Wurken fan Marinus Adrianus Koekkoek op artnet.com Gerrit van Hezel: Het schildersgeslacht Koekkoek en de Zuiderzee (1800 – 1956). Yn: Skoklân Museum, 11 maart 2014
Kategory:Nederlânsk yllustrator Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1873 Kategory:Persoan stoarn yn 1944