thumb|Famyljewapen fan Aebinga van Humalda De famylje Aebinga van Humalda hearde ta de âlde adel fan Fryslân. De stamfaar is Andlef Abbengha, neamd yn 1438, eigener fan Abbengha state yn Blije. De neifolgjende generaasjes hiene de nammen Abbema, Abingen, Humalda, van Humalda en Aebinga van Humalda.
Nederlânske adel In lid fan de famylje waard by S.B. fan 28 augustus 1814 erkend as edele fan Fryslân en hearde sadwaande ta de Nederlânske adel mei it predikaat fan jonkhear. Dat wie mr. Idzerd Aebinga van Humalda (1754-1834). Hy waard yn 1825 bij KB beneamd yn de ridderskip fan Fryslân. Hy hie gjin bern dat mei him stoar de famylje út yn 1834.
Inkelde leden Siuck (van) Humalda († foar desimber 1586), grytman fan Eastdongeradiel (1582-1585) (?) Binnert Philip Aebinga van Humalda (1709-1791), grytman fan Ferwerderadiel, Tytsjerksteradiel -1767 en Hinnaarderadiel 1767-†1791 Jhr. mr. Idzerd Aebinga van Humalda (1754-1834), gûverneur fan Fryslân 1814-1826, Steatsried y.b.t. 1826-†1834
Kategory:Frysk aadlik laach