My Big Fat Supernatural Wedding is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redaktrise en skriuwster P.N. Elrod. De titel betsjut "Myn Grutte Fette Boppenatuerlike Brulloft", en is in ferwizing nei de tige populêre Amerikaanske komeedzjefilm út 2002 My Big Fat Greek Wedding ("Myn Grutte Fette Grykske Brulloft").

It boek omfettet 9 koarte ferhalen fan it fantasysjenre dy't allegearre wat mei in brulloft te krijen hawwe. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Elrod sels, Charlaine Harris en Jim Butcher. Alle ferhalen út My Big Fat Supernatural Wedding waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels.

My Big Fat Supernatural Wedding waard yn 2006 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij St. Martin's Griffin. Yn 2007 waard fan deselde redaktrise by deselde útjouwerij in ferfolchferhalebondel útbrocht ûnder de titel My Big Fat Supernatural Honeymoon.

Ferhalen Esther Friesner, The Wedding of Wylda Serene P.N. Elrod, All Shook Up Charlaine Harris, Tacky Sherrilyn Kenyon, A Hard Day's Night-Searcher Jim Butcher, Something Borrowed (ûnderdiel fan The Dresden Files) L.A. Banks, Spellbound Rachel Caine, Dead Man's Chest Lori Handeland, Charmed by the Moon Susan Krinard, … Or Forever Hold Your Peace

Kategory:Literêr wurk fan P.N. Elrod Kategory:Fantasyferhalebondel Kategory:Ingelsktalige ferhalebondel Kategory:Ferhalebondel út 2006