Straight Outta Tombstone is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteur David Boop. De titel betsjut "Streekrjocht út Tombstone", en is in ferwizing nei de bekende Amerikaanske film út 2015 Straight Outta Compton ("Streekrjocht út Compton") oer de hiphopgroep N.W.A. út Compton (Kalifornje). Dat Compton yn 'e titel ferwiksele is foar Tombstone (Arizona), is in ferwizing nei it westernsjenre, mei't Tombstone in bekend plak út it Wylde Westen wie (dêr't bgl. de Sjitpartij by de O.K.-Kraal plakfûn).
It boek omfettet 16 koarte ferhalen fan it fantasysjenre dy't allegear yn it Wylde Westen spylje. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Jody Lynn Nye, Sarah A. Hoyt, Kevin J. Anderson en Jim Butcher. Alle ferhalen út Straight Outta Tombstone waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Straight Outta Tombstone waard yn 2017 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Baen Books.
Ynhâld wurd foarôf troch David Boop Larry Correia, Bubba Shackleford's Professional Monster Killers Jody Lynn Nye, Trouble in an Hourglass Sam Knight, The Buffalo Hunters Robert E. Vardeman, The Sixth World Phil Foglio, Easy Money Nicole Givens Kurtz, The Wicked Wild Michael A. Stackpole, Chance Corrigan and the Lord of the Underworld Bryan Thomas Schmidt en Ken Scholes, The Greatest Guns in the Galaxy Maurice Broaddus, Dance of Bones Sarah A. Hoyt, Dry Gulch Dragon Alan Dean Foster, The Threefold Problem David Lee Summers, Fountains of Blood Kevin J. Anderson, High Midnight Naomi Brett Rourke, Coyote Peter J. Wacks, The Key Jim Butcher, A Fistful of Warlocks (ûnderdiel fan The Dresden Files) biografyen
Kategory:Fantasyferhalebondel Kategory:Ingelsktalige ferhalebondel Kategory:Ferhalebondel út 2017