Turn Coat is in roman fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Draai [de] Jas [om]", mar as it stavere wêze soe as turncoat (oaninoar), wie it in Ingelsk wurd dat "ferrieder" betsjut. It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it alfde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Small Favor. Yn Turn Coat wurdt de help fan Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, ynroppen troch in âlde fijân dy't troch al syn eardere freonen no as ferrieder sjoen wurdt. Turn Coat waard yn 2009 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. __TOC__ Ynhâld Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, hat de lêste moannen mei oanboazjende riten fan pineholle te krijen. In ûndersyk yn it sikehûs hat resultearre yn 'e fernieling fan in CAT-scanner (tsjoenderij en technyk kinne mar min oerinoar), en ien bad yn blusskom fûn Harry wol genôch, dat hy doar der fierders net mear yn te fersjen. Op in gleone simmerdei as er wer flink lêst hat, stiet ynienen in ferwûne Donald Morgan by him foar de doar. Morgan is in warder fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, dy't Harry syn libben lange tiid soer makke hat om't er derfan oertsjûge wie dat Harry him mei swarte magy dwaande hold (sjoch: Storm Front). Underwilens is Harry sels ek warder wurden, al wurdt er noch altyd net alhiel fertroud troch guon fan 'e âldere tsjoenders. Syn relaasje mei Morgan is nea wer goed kommen, en it is dan ek in ferrassing dat er by Harry oankloppet.

In noch gruttere ferrassing is dat Morgan seit dat er socht wurdt troch de warders fan 'e Wite Ried en dan bewusteleas yninoar sakket. Harry oerwint syn oanstriid om him bûten lizze te litten en de doar wer ticht te smiten. Ynstee sleept er Morgan nei binnen ta. De man hat dúdlik in dokter nedich, mar as er socht wurdt, sil er yn it sikehûs grif maklik te finen wêze. Dêrom skillet Harry in freon fan him op, patolooch-anatoom Waldo Butters, dy't delkomt en Morgan rûchwei oplapet. Nei't er wer by bewustwêzen kommen is, fertelt Morgan dat er twa dagen lyn thús op bêd gie en de oare moarns wekker waard yn 'e keamer fan Aleron LaFortier, in lid fan 'e Hege Ried (it bestjoer fan 'e Wite Ried), yn it haadkertier fan 'e Wite Ried yn Edinburgh. Hy hie in seare holle dy't derop wiisde dat er yn syn sliep delslein wie, en in beblet mês yn 'e hân dêr't LaFortier mei deastutsen wie. Wylst er oer it lyk fan LaFortier hinne stie en noch besocht om te begripen wat der bard wie, stoarmen inkele warders nei binnen ta en sloegen him yn 'e hechten foar moard. Nei't Morgan foar it ferstân krige hokker kant it mei him útgie (sûnder mis de deastraf), ûntsnapte er en socht er beskûl op it lêste plak dêr't er socht wurde sil: by syn âlde fijân Harry Dresden.

Harry mei Morgan net lije, mar hy is derfan oertsjûge dat de man gjin ferrieder is. Hy is him der lykwols fan bewust dat der àl in ferrieder aktyf is yn of deunby de Hege Ried, eat dat de lêste jierren al ferskate kearen bleken is troch útlekte ynformaasje yn 'e oarloch fan 'e Wite Ried mei it Reade Hôf fan 'e fampieren. It liket derop dat dy ferrieder no Morgan de skuld op 'e lea skowe wol, sadat er sels trochgean kin mei syn sabotaazje fan 'e Wite Ried, wylst de warders tagelyk ien fan harren kundichste oanfierders ferlieze soene. Morgan fertelt dat de warders him in betsjoening oplein hawwe wêrmei't se him wer opspoare kinne, mar dat er dy foar teminsten 48 oeren bûten wurking steld hat. Dat betsjut dat Harry twa dagen de tiid hat om út te finen wa't de echte ferrieder is. Om't it oandacht lûke soe as er no ynienen út it neat wei by de Wite Ried fragen begûn te stellen, beslút Harry op in oare manear oan ynformaasje te kommen. Hy giet nei syn healbroer Thomas Raith ta, dy't in fampier fan it Wite Hôf is, en bepraat him om 'e frou fan wa't er hâldt, Justine, om help te freegjen. Justine is no in neiste meiwurkster fan Thomas syn suster Lara Raith, dy't yn alles behalven namme de hearskeresse oer it Wite Hôf is. Thomas stimt mei tsjinnichheid mei dat foarstel yn.

Underweis werom nei hûs merkt Harry dat er folge wurdt. It blykt te gean om in boppenatuerlik wêzen fan sa'n kweadaardichheid, dat er der letterlik beroerd fan wurdt. Hy siket help by syn freonen Billy en Georgia, dy't de lieders fan in ridel wearwolven binne. By in konfrontaasje mei it wêzen wurdt Kirby, ien fan 'e wearwolven, deade, wylst syn partner Andi swierferwûne rekket. Mei help fan Billy en Georgia wit Harry it wêzen lykwols op 'e flecht te jeien. Hy is der ridlik wis fan dat it in yee naaldlooshii is, better bekend ûnder de Ingelske namme skin-walker: in boasaardich boppenatuerlik soarte fan warlock út 'e mytology fan 'e Navaho. Wat dy yn Chicago moat, safier fan it Amerikaanske Súdwesten ôf, is Harry net dúdlik, mar it liket him gjin tafal dat it wêzen krekt no opdûkt is.

Georgia giet mei Andi nei it sikehûs. Wylst Billy de fragen fan 'e tahastige plysje beäntwurdet, spilet Harry fan ruten om net bestrûpt te reitsjen yn it ûndersyk nei de dea fan Kirby. Op syn rûte troch ferskate steechjes wurdt er lykwols opwachte troch syn freondinne Karrin Murphy, in resjersjeur fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan it Chicago Police Department. Hja wol witte wat der oan 'e hân is, en hoewol't Harry har leaver bûten de saak hâlde soe, jout er ta en fertelt er har alles dat er wit oer sawol Morgan as de skin-walker. Nei't Murphy him thúsbrocht hat, ûnderstiet Harry Morgan oer de skin-walker. Morgan jout ta dat er fia Tucson nei Chicago flechte is, wat him troch it territoarium fan it wêzen brocht hawwe kin. Skin-walkers foegje de magy fan harren slachtoffers by har eigen, dat in machtige mar ferwûne tsjoender as Morgan wie nei alle gedachten genôch om 'e skin-walker efter him oan nei Chicago ta te lokjen. It wêzen kin net lang bûten syn eigen territoarium oerlibje, mar mear as langernôch om syn kâns ôf te wachtsjen om Morgan of Harry te ferslinen.

Harry skillet syn kontakten yn it Paranet op, in organisaasje fan licht paranormaal bejeftige minsken yn Noard-Amearika, dy't er inkele jierren earder sels mei oprjochte hat (sjoch: White Night). Hy doar net tefolle te sizzen, dat hy freget inkeld oft harren ek wat opfallen is dat oars as oars is. Sa kriget er te hearren oer tanommen aktiviteit fan warders fan 'e Wite Ried yn guon plakken. It liket derop dat der in syktocht nei Morgan geande is, mar dat Harry dêr mei opsetsin bûten holden wurdt.

Foar't Harry beslute kin oft dy ynformaasje him in reden jout dy't ûnfertocht genôch is om syn kontakten yn 'e Wite Ried te befreegjen oer wat der geande is, wurdt er opskille troch Thomas, dy't in moeting mei Justine regele hat. De moeting fynt plak yn Zero, in dekadinte nachtklub dêr't de riken hinne geane om harsels út te libjen. It docht bliken dat de klub eins eigendom is fan it Wite Hôf. Harry en Thomas treffe Justine, dy't harren in advertinsje op in webside op it ynternet sjen lit, wêryn't $5 miljoen en bykommende geunsten oanbean wurde foar de yn bedutsen termen omskreaune hiermoard op Donald Morgan. Harry, dy't der folslein wis fan is dat de altyd geheimsinnich dwaande Wite Ried fan Tsjoenderij nea sa'n iepentlike advertinsje pleatse soe, begrypt dat de skimige organisaasje dêr't de ferrieder yn 'e Wite Ried foar wurket (en dy't Harry by himsels de 'Swarte Ried' neamd hat) hjirefter sit.

De moeting mei Justine wurdt ûnderbrutsen troch Madeline Raith, in nicht fan Thomas. Hja is in fampier fan it Wite Hôf dy't harsels folslein troch har ynderlike demon liede lit, en dêrmei it tsjinstelde fan Thomas, dy't oanhâldend mei syn demon wrakselet. Madeline is Justine nei Zero folge, en besiket mei Thomas om te boartsjen troch Justine te bedriigjen en wiidweidich te fertellen wat se mei it fanke dwaan sil as se har ienris yn har macht krigen hat. Wat se net begrypt, is dat Thomas wier fan Justine hâldt, en it komt har dan ek alhiel oer it mad as Thomas ynienen syn selsbehearsking ferliest, mei boppeminsklike krêft in oan 'e flier fêstskroeve metalene stoel losskuort en dy oan stikken slacht op har holle en rêch. As se warleas op in tafel leit, nûget Thomas Justine út om Madeline in tút te jaan. Wite fampieren tarre op gefoelens fan lust, mar wiere leafde kinne se beslist net oer. Thomas hat Justine sadwaande al jierrenlang net oanreitsje kinnen, en as Justine Madeline tutet en dan har lange hier oer har hiele lichem hinne sleept, besoarget se har dêrmei de freeslikste brânwûnen.

Nei't se de slim tramtearre Madeline oan har eigen lot oerlitten hawwe, ferlitte Thomas, Justine en Harry de nachtklub. Justine keart werom nei Thomas syn suster Lara, ûnder wa har beskerming se stiet. Wylst Thomas syn auto ophellet, hat Harry in moeting mei Anastasia Luccio, in tsjoenster dy't oan it haad stiet fan 'e training fan nije rekruten foar de warders fan 'e Wite Ried. Hy ûnderhâldt ek in romantyske relaasje mei har. Se is kommen om Harry te warskôgjen oer de saak mei Morgan, en bringt út dat it syn eardere mentor Ebenezar McCoy wie, dy't woe dat hy bûten de saak holden waard. Harry ornearret dat McCoy benaud is foar syn reäksje as er útfynt dat Morgan, dy't him ommers jierrenlang op 'e hûd sitten hat, no sels op 'e flecht is foar de warders. Mei muoite wit er foar te kommen dat Luccio mei him nei hûs giet troch har wiis te meitsjen dat er nei it sikehûs sil om by Andi te wekjen. Dat is wat dat er oars al dwaan moatte soe, mar hy docht it him net oan tiid. Ynstee lit er him troch Thomas thúsbringe, dêr't er Morgan reemeitsje moat om him earne oars ûnder te bringen. It is nammers langer net fertroud om de man yn syn lytse appartemint te ferbergjen.

As er thús arrivearret, ûntdekt er dat syn tsjoenderslearlinge, Molly Carpenter, ûnderwilens delkommen is. Morgan hat it fanke sa lulk witten te krijen, dat Mouse it iennichste dat har derfan wjerhâldt om him te liif te gean. Mouse is Harry syn reuseftige en grizelich yntelliginte Tibetaanske mastyf, dy't har tsjinholden hat troch simpelwei boppe-op har lizzen te gean. Nei't Harry it spul delbêde hat, beslút er om Molly mar te fertellen wat der allegear geande is, mei't se Morgan no dochs al sjoen hat. Neitiid bringt Harry de ferwûne Morgan mei help fan Thomas nei in hierde opslachromte dy't er ynrjochte hat as skûlplak. Dêr bliuwe Molly en Mouse by him om him te fersoargjen.

Sels set Harry ôf nei de Ferburgene Sealen, it haadkertier fan 'e Wite Ried, dat yn 'e Skotske haadstêd Edinburgh fêstige is. Om dêr te kommen, brûkt er in rûte troch it Nevernever, de parallelle wrâld fan it boppenatuerlike, dêr't him ûnderweis it paad tichtset wurdt troch in ridel meunsterlike spinnen ter grutte fan skiep. Nei't Harry sjen litten hat dat se oan him ferkearden hawwe om ta fijân te meitsjen, litte se him lykwols gewurde. As er in healoerke nei't er út Chicago ôfset is yn Edinburgh oankomt, siket Harry Ebenezar McCoy op, dy't lid is fan 'e Hege Ried, it bestjoer fan 'e Wite Ried. Dy makket er yn bedutsen termen dúdlik wat der oan 'e hân is. Harry heakket dêroan ta dat er ûndersyk dwaan wol nei de moard op LaFortier. McCoy riedt him oan om te begjinnen by "Injun Joe" Listens-to-Wind, in oar lid fan 'e Hege Ried, dy't yn 'e keamer fan LaFortier is. Op it plak delikt is noch neat feroare; sels it stoflik omskot fan LaFortier leit der noch, om't de Merlyn, de foarsitter fan 'e Hege Ried, besykje wol om troch manipulaasje fan 'e enerzjy fan 'e beskermingbetsjoenings om 'e keamer hinne in byld te krijen wat der foarfallen is. Dat liket Harry in hiel drege en fiersochte metoade ta.