Rocky Balboa, soms oantsjut as Rocky VI, is in Amerikaanske sportdramafilm út 2006 ûnder rezjy fan Sylvester Stallone, mei yn 'e haadrollen himsels, Geraldine Hughes en Burt Young. De film is it sechsde diel fan 'e Rocky-searje, en ferfettet it ferhaal fan 'e sympatike bokser Rocky Balboa. Dat is no in widner dy't tsjin 'e sechstich rint, mei in restaurant dêr't er de iters oer syn kampioensjierren fertelt. Oan syn rêstich fuortskolferjende bestean komt in ein as op 'e tillefyzje in kompjûteranimearre gefjocht tusken himsels yn syn heechtijdagen en de hjoeddeistige swiergewichtkampioen Mason Dixon útstjoerd wurdt. Rocky Balboa kaam benammen ta stân om't Stallone fûn dat er neitlittich west hie mei it meitsjen fan Rocky V, dat lange tiid de ein fan 'e searje like hie, en dêr't in protte fans teloarsteld oer wiene. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en die it yn 'e bioskopen better as ferwachte.
Plot Rocky Balboa is no hast sechstich jier. Hy bokst al jierren net mear en libbet in rêstich libben as widner, mei't syn frou Adrian fjouwer jier earder oan kanker komme is te ferstjerren. Hy is de eigner fan in lyts mar deftich restaurant yn syn berteplak Philadelphia, dat er Adrian's Restaurant neamd hat. Dêr fertelt er de iters ferhalen út syn heechtijdagen as bokser. Spider Rico, in oan legerwâl rekke âlde bokser dêr't Rocky eartiids tsjin fochten hat, lit er dêr fergees ite. (De man, dy't God fûn hat, stiet der op in stuit op dat er de ôfwask dwaan mei, en wurdt mei ferrin fan tiid in fêste wurknimmer.) Underwilens wrakselet Rocky noch altyd mei fertriet oer Adrian har dea, en teffens hat er muoite him oan te passen oan 'e feroarjende tiden en om syn muoisume relaasje mei syn soan Robert geande te hâlden.
Robert is in wurknimmer by in grutte finansjele ynstelling, dêr't er net bot wurdearre wurdt. Hy stiet noch altyd yn it skaad dat syn ferneamde heit smyt, en langet om in libben op te bouwen wêryn't er net almar mei syn heit ferlike wurdt. Paulie, Rocky syn sweager, wurket wer yn it slachthûs dêr't er oarspronklik ek begûn is, no yn in liedingjaande funksje, wylst er yn syn frije tiid oan it skilderjen slein is. Hy giet lykwols bûgd ûnder swiere skuldgefoelens, mei't er syn suster Adrian faak min behannele hat, eat dat er no nea mear goedmeitsje kin.
Op 'e jûn fan 'e dei dat it persiis fjouwer lyn is dat Adrian stoar, makket Rocky in rûngong by alle plakken lâns dy't wichtich wiene foar harren relaasje. Robert hat ôfsein om't er wat oars hat, en nei ferrin fan tiid kin Paulie der net mear oer en heakket ek ôf. Rocky bedarret allinnich yn in bar yn syn âlde buert dêr't er foarhinne wolris kaam. Dêr treft er Marie, dy't dêr as servearster wurket. Sy is deselde as it jonge famke dat Rocky tritich jier lyn ris thúsbrocht hat doe't er har jûns let op 'e strjitte oantrof. Se is no in allinnichsteande mem mei in heal negroïde soan dy't Stephenson hjit, mar Steps neamd wurdt. Rocky bringt Marie dy jûns thús as har wurk dien is en set in bargast dy't harren wat neiropt te plak. Hy nûget har en har soan út om ris yn syn restaurant te kommen om dêr as syn gasten te iten, en Marie en Steps geane dêrop yn. De folgjende wiken groeit der in freonskip tusken harren, hoewol't de relaasje tusken Rocky en Marie alhiel platoanysk is, mei't Rocky Adrian noch net gean litte kin. Hy twingt Marie in bettere baan op yn syn restaurant, en nimt letter ek Steps yn 'e tsjinst, foar wa't er min ofte mear in heitfiguer wurdt.
Oan Rocky syn rêstich fuortskolferjende bestean komt in ein as de Amerikaanske sporttillefyzjestjoerder ESPN in kompjûteranimearre bokswedstryd útstjoerd tusken de hjoeddeistige wrâldkampioen yn 'e swiergewichtklasse, Mason Dixon, en Rocky sels yn syn heechtijdagen. De simulaasje einiget mei in oerwinning foar Rocky. Neitiid meitsje de media dêr witwat fan. Dixon is noch nea ferslein, mar hy is tige ympopulêr by de fans fan it boksen, mei't er syn tsjinstanners eltse kear yn 'e earste omgong al knock-out slacht. (Lju dy't in spannende bokswedstryd sjen wolle, hâlde dêr net fan.) Yn 'e media wurdt er bespot om't er him noch nea mei immen fan gelikense statuer metten hawwe soe. (Eltsenien jout trouwens ta dat dat net oan Dixon leit, mar oan 'e jammerdearlike steat fan it hjoeddeiske boksen.) As Dixon te rie giet by syn âlde trainer Martin, fertelt dy him dat er it respekt fan it publyk, en, wat wichtiger is, syn selsrespekt weromwinne sil as er tsjinstanner fynt dy't oan him weage is.
De kompjûtersimulaasje ynspirearret Rocky om wer oan it boksen te gean, mei de bedoeling om wat lytse wedstrydsjes op lokaal nivo te dwaan. Dêrfoar moat er lykwols in fergunning oanfreegje fan it Amerikaanske boksbûn, en as dy him úteinlik takend wurdt, bringe de media dat as grut nijs. De promoaters fan Dixon fetsje dan it plan op om Dixon yn it echt tsjin Rocky fjochtsje te litten yn in demonstraasjegefjocht wêrfan't de opbringst nei it goede doel giet. Sa't sy it foarstelle, hat eltsenien der wat mei te winnen: Rocky kin noch ien kear in grutte wedstryd bokse, Dixon kin syn populariteit oppeppe, it goede doel is der finansjeel mei holpen en sysels kinne der flink wat oan fertsjinje (hoewol't se harren oer dat lêste stilhâlde).
Hoewol't se allebeide sa harren twifels hawwe, geane Dixon en Rocky mei it foarstel akkoart. De media smulle derfan en hawwe de gek mei beide mannen: Dixon om't er it blykber inkeld opnimme kin tsjin âlde mantsjes, en Rocky om't er syn reputaasje te grabbel goaid troch op 'e nij de ring yn te stappen wylst er dúdlik útranzjearre is. Rocky giet wer yn training by Tony "Duke" Evers, de âlde trainer fan syn freon silger Apollo Creed. Dyselde stelt fêst dat Rocky op jierren traach en artritysk wurden is, en dat er ynsette moat op krêfttraining om syn tsjinstanner sa hurd mooglik reitsje te kinnen.
Robert besiket Rocky syn foarnimmen te ûntpraten om oan it gefjocht mei te dwaan, om't Rocky net neitocht hat oer wat it foar him, Robert, betsjut. Rocky hat einlings syn nocht fan it egoïstyske hâlden en dragen fan syn soan en set him teplak: hy is ferantwurdlik foar syn eigen libben, en oaren de skuld jaan fan jins eigen tsjinrampen helpt net. Gebrûk meitsjend fan in boksmetafoar heakket er dêr oan ta: "It giet der net om hoe hurd ast slaan kinst, mar hoe hurd as slein wurde kinst en dochs noch foarút komme kinst." De oare deis komt Robert wer del om him mei Rocky te fermoedsoenjen. Hy fertelt him dat er ûntslach nommen hat om't er syn wurk hate en him tusken syn kollega's net op syn plak fielde.
It gefjocht wurdt holden yn it Mandalay Bay Resort and Casino yn Las Vegas, dêr't Rocky hinne reizget beselskippe fan Robert, Duke, Paulie, Marie, Steps en Spider Rico. As er mei Dixon yn 'e ring stapt, jout net ien fan 'e kommentators him lykfol hokker kâns. De earste omgong wurdt mei gemak dominearre troch de jongere, langere, fierder rikkende Dixon, sadat se gelyk lykje te krijen. Yn 'e twadde omgong ferwûnet Dixon lykwols troch eigen tadwaan syn lofterhân, en dêrnei komt Rocky op dramatyske wize werom. Hy slacht Dixon in kear del, hoewol't dy wer oerein komt, en ferbjusteret it publyk mei wat er op syn jierren noch yn 'e mars hat. De beide boksers hâlde de folle tsien omgongen oan mei opinoar yn te bûkjen. Yn 'e lêste omgong slacht Dixon Rocky del oant er op 'e knibbels leit, en eefkes liket it derop dat de âlde kampioen belies jaan moat, mar mei suver boppeminsklik trochsettingsfermogen komt er wer op 'e fuotten. De wedstryd einiget mei beide mannen noch steande.
Neitiid betanket Rocky Dixon foar de wedstryd en fertelt him dat er in grut bokser is. Dixon hat einlings syn selsrespekt fûn en it respekt fan it publyk wûn, al is dat begryplikerwize entûsjaster oer Rocky syn prestaasje as oer sines. De útkomst fan 'e wedstryd is in net-unanime beslissing fan 'e trijekoppige sjuery, dy't de oerwinning mei minym ferskil oan Dixon jout. Foar syn eigen gefoel hat Rocky lykwols wûn. Werom yn Philadelphia besiket er it grêf fan Adrian, tsjin wa't er seit: "Jo, Adrian, we hawwe it 'm lapt."
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Rocky Balboa Sylvester Stallone Marie Geraldine Hughes Paulie Pennino Burt Young
byrollen personaazje akteur/aktrise Robert Balboa jr. Milo Ventimiglia Antonio Tarver Mason Dixon Steps James Francis Kelly III Tony "Duke" Evers Tony Burton Isabel Ana Gerena Spider Rico Pedro Lovell himsels, as promoater fan Dixon Lou DiBella Martin Henry G. Sanders Adrian Balboa Talia Shire (inkeld op argyfbylden) Mickey Goldmill Burgess Meredith (inkeld op argyfbylden) himsels oankundiger Michael Buffer himsels skiedsrjochter Joe Cortez himsels fersoarger Jacob "Stitch" Duran himsels sportferslachjouwer Jim Lampley himsels sportferslachjouwer Larry Merchant himsels sportferslachjouwer Max Kellerman himsels sportsjoernalist Bert Sugar himsels bokser Mike Tyson (cameo) himsels presintator Brian Kenny himsels presintator Jay Crawford himsels presintator Dana Jacobson himsels presintator Skip Bayless himsels presintator Woody Paige
Produksje en distribúsje Produksje Rocky Balboa waard sechstjin jier nei it foargeande diel yn 'e Rocky-searje makke. Dat wie Rocky V, út 1990. Neffens Sylvester Stallone wie ien fan syn wichtichste driuwfearren foar it meitsjen fan Rocky Balboa syn gefoel dat er mei Rocky V, dat in protte fans fan 'e filmsearje teloarsteld hie, yn syn eigen wurden "neilittich" west hie. Hy woe in better ein oan 'e searje meitsje. Rocky Balboa waard regissearre troch Stallone sels nei in senario fan eigen hân. As produsinten wiene by de film belutsen Charles Winkler, Billy Chartoff, David Winkler en Kevin King foar de filmstudio's Metro-Goldwyn-Mayer, Columbia Pictures, Revolution Studios en Chartoff/Winkler Productions. Der wie in budget fan $24 miljoen foar de produksje beskikber.
Stallone caste de echte bokser Antonio Tarver yn 'e rol fan syn tsjinstanner Mason Dixon. Hy hie eins earst in oare echte bokser, Roy Jones jr., foar de rol op it each, mar doe't dy net reägearre op Stallone syn besykjen om mei him yn kontakt te kommen, keas Stallone foar Tarver. Dyselde sloech him ûnder de opnamen in kear by fersin knock-out. It personaazje fan Marie, dat yn 'e film spile wurdt troch Geraldine Hughes, kaam as teenerfanke foar yn 'e film Rocky, út 1976, dêr't de rol spile waard troch Jodi Letizia. Stallone naam fierders de beslissing om Talia Shire net werom te freegjen om foar de sechsde kear de rol fan Rocky syn frou Adrian op him te nimmen, mar ynstee fan Rocky in widner en sa it ferhaal dramatysker te meitsjen. Shire fûn, nei't se de film sjoen hie, dat yn Rocky Balboa eins it rouproses sintraal stiet, en dat Adrian hast ta in mytysk figuer makke wurdt.
De opnamen foar Rocky Balboa setten yn desimber 2005 útein en duorren 38 dagen. Filmlokaasjes wiene Las Vegas, Los Angeles en Philadelphia. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan J. Clark Mathis. Under de postproduksje waard de filmmuzyk op 'e nij fersoarge troch Bill Conti, dy't ek de soundtrack fan fjouwer fan 'e fiif foargeande films út 'e searje makke hie.
Distribúsje De distribúsje fan Rocky Balboa waard yn Noard-Amearika fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer en dêrbûten troch 20th Century Fox. Yn 'e Filipinen en Switserlân die 20th Century Fox dat yn gearwurking mei Warner Bros. Yn Japan waard Rocky Balboa útbrocht ûnder de titel Rocky: The Final. De film gie yn 'e Feriene Steaten op 20 desimber 2006 yn premiêre en waard op 20 maart 2007 útbrocht op dvd en blu-ray. De fraach oft der fan 'e film in soundtrackalbum bestiet, hat oanlieding jûn ta frijwat diskusje. Op 26 desimber 2006 brocht platemaatskippij Capitol Records in cd út mei de titel Rocky Balboa: The Best of Rocky, dy't in logo en omslach hie dy't gelyk wiene oan 'e filmposter. De cd befette lykwols muzyk fan alle seis Rocky-films.
Untfangst