In kypmantsje, ek wol kjipmantsje, wie in rûn weten koekje fan spesjaal pipernutedaai.

Kypmantsjes waarden eartiids benammen yn Drylts en omkriten makke, by spesjale gelegenheden wurde se noch wolris bakt. It Dryltser Kypmantsje, febrewaris 1981 De rûne koekjes waarden winterdeis ek wol op it iis ferkocht. mooifriesland.nl Ynwenners fan Drylts wurde gauris de gek oanstutsen mei de skel- of spotnamme Dryltser Kypmantsjes. Ensyklopedy fan Fryslân

It krekte eardere resept foar kypmantsjes is yn de rin fan de tiid ferlern gien. Yn 1979 waard by gelegenheid fan de stedsfeesten fan Drylts troch de kulturele ried in bakwedstryd hâlden om in nij resept te betinken. It Dryltser Kypmantsje, juny 1979

Namme It sûnt july 1969 ferskinende moanneblêd fan de winkeliersferiening hjit ek It Dryltser Kypmantsje. It Dryltser Kypmantsje’’ 1e jiergong nûmer 1, july 1969 It krantsje ferskynt ek yn Nijesyl en Easthim.webstee doarpskrante It Dryltser Kypmantsje

De namme wurdt yn Drylts ek brûkt foar de pleatslike bar. Bar It Kypmantsje

Sjoch ek Kypmantsje yn it WFT It Kypmantsje, de Trekker trek-trekker fan Cees Sijsling.

Kategory:Drylts Kategory:Frysk iten Kategory:Bôle en banket