Foarfallen 1813 - Begjin fan 'e Slach by Leipzig, better bekend as de Folkeslach, dy't oant en mei 19 oktober oanhâlde sil. De Frânsen en harren bûnsgenoaten, ûnder keizer Napoleon, wurde ferslein troch in koälysje fan Russen, Eastenrikers, Prusen en Sweden. 1846 - De earste sjirurgyske yngreep ûnder algemiene ferdôving. De Amerikaanske toskedokter W.T.G. Morton brûkt dêrfoar eter. 1940 - Yn Nederlân fynt de Treinramp by Ranum plak, yn 'e Nederlânske provinsje Grinslân, wêrby't 13 minsken omkomme. 1995 - Theunis Piersma wurdt as earste lid fan 'e FNP ta boargemaster beneamd, te witten fan 'e gemeente Wûnseradiel.
Berne 1430 - kening Jakobus II fan Skotlân († 1460) 1708 - Hylke Jans Kingma, Frysk skipper, reder, skipsbouwer en keapman († 1782) 1830 - Sietse Smeding, Frysk skoalmaster en skriuwer († 1892) 1854 - Oscar Wilde, Iersk skriuwer († 1900) 1886 - David Ben-Gurion, premier fan Israel († 1973) 1908 - Bouke van der Sloot, Frysk etser en keunstskilder († 1995) 1915 - Robert Dorgebray, Frânsk hurdfytser († 2005) 1925 - Angela Lansbury, Ingelsk aktrise († 2022) 1927 - Adam van der Woude, Nederlânsk teolooch, bibelwittenskipper en predikant († 2000) 1927 - Günter Grass, Dútsk skriuwer en keunstner († 2015) 1927 - Eileen Ryan, Amerikaansk aktrise († 2022) 1944 - Bart Tromp, Nederlânsk sosjolooch en politikolooch († 2007) 1962 - Flea, Australysk-Amerikaansk bassist 1984 - Melissa Lauren, Frânsk pornoaktrise en -regisseur 1997 - Charles Leclerc, Monegaskysk koereur
Ferstoarn 1621 - Jan Pieterszoon Sweelinck, Nederlânsk komponist (* 1562) 1793 - Marie Antoinette fan Eastenryk, keninginne-gemalinne fan Frankryk (* 1755) 1946 - Arthur Seyss-Inquart, Eastenryksk jurist, politikus en oarlochsmisdiediger (* 1892) 1968 - Gerard de Kruijff, Nederlânsk hynstesporter (* 1890) 1976 - Enrico Poggi, Italjaansk siler (* 1908) 1980 - Carl Romme, Nederlânsk abbekaat en politikus (* 1896) 1983 - Ernst Kyburz, Switsersk wrakselder (* 1898) 1997 - Hugo Kingmans, Frysk publisist, sjoernalist en learaar (* 1923) 1997 - James A. Michener, Amerikaansk skriuwer (* 1907) 1998 - Vasalis, Nederlânsk dichteres en psychiater (* 1909) 2004 - Klaas Jacob van Douwen, Frysk politikus (* 1917) 2006 - Trebisonda Valla, Italjaansk atlete (* 1916) 2007 - Deborah Kerr, Skotsk aktrise (* 1921) 2011 - Teade Kingma, Frysk fersetsman (* 1921) 2025 - Ace Frehley, Amerikaansk gitarist (* 1951)
Bisten 2015 - Delta Paramount, ferneamde fokbolle (* 2001)
Kategory:Datum 16