Robert Drews (26 maart 1936) is in Amerikaansk skiedkundige dy't emearitus-heechlearaar Klassike Stúdzjes is oan 'e Vanderbilt Universiteit yn Nashville (Tennessee). Hy ûntfong syn bachelorgraad fan it Noardwestlik Kolleezje yn Orange City (Iowa), syn mastertitel fan 'e Universiteit fan Missoery yn Columbia (Missoery) en syn doktoraat fan 'e Johns Hopkins Universiteit yn Baltimore. Drews hat him spesjalisearre yn 'e skiednis fan 'e iere Aldheid fan it Midden-Easten en de dêroan foarôfgeande prehistoarje fan itselde gebiet, yn it bysûnder wat de ûntjouwing fan 'e oarlochfiering en fan religy oangiet.

Wurk 1973 – The Greek Accounts of Eastern History 1983 – Basileus: The Evidence for Kingship in Geometric Greece 1984 – In Search of the Shroud of Turin: New Light on its History and Origins 1988 – The Coming Of The Greeks: Indo-European Conquests in the Aegean and the Near East 1993 – The End of The Bronze Age: Changes in Warfare and the Catastrophe ca. 1200 B.C. 2000 – Greater Anatolia and the Indo-Hittite Language Family (redaksje) 2004 – Early Riders: The Beginnings of Mounted Warfare in Asia and Europe 2017 – Militarism and the Indo-Europeanizing of Europe

Kategory:Amerikaansk skiedkundige Kategory:Amerikaansk heechlearaar Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Persoan berne yn 1936