Świnoujście (Dútsk: Swinemünde) is in strategysk lizzende havenstêd yn it uterste noardwesten fan Poalen, yn it woiwodskip West-Pommeren. De stêd is unyk om't hja ferspraat leit oer trije grutte eilannen — Usedom (Uznam), Wolin en Karsibór — en noch in oantal lytsere ûnbewenne eilantsjes. De rivier de Świna snijt de stêd yn twaën en ferbynt de Stettiner Haff (Oderhaf) mei de Eastsee.

Skiednis De stêd ûntstie as in lyts fiskersdoarpke. Hoewol't der yn 'e 12e iuw al in kastiel stie, begûn de echte ûntwikkeling folle letter.

Nei de Frede fan Westfalen (1648) kaam it gebiet ûnder Sweedsk bestjoer. De Sweden lieten de Świna lykwols fersânje om 'e tolheffing troch de Peenestrom te beskermjen. Pas doe't de Prusyske kening Freark Willem I it gebiet yn 1720 oernaam, waard de rivier wer befarber makke om de Sweedske tol te mijen. Under Freark de Grutte krige it nije "Swinemünde" yn 1765 stedsrjochten.

Troch it Kongres fan Wenen (1815) ferdwûn de konkurrinsje mei de Sweden en groeide Swinemünde út ta in wichtige foarhaven foar Stettin (Szczecin) . Yn dy tiid waarden grutte dammen boud en yn 1859 krige de stêd syn ferneamde fjoertoer. thumb|left|Toeristeplak Swinemunde yn 1902. Sûnt 1824 ûntwikkele de stêd him ta ien fan 'e meast deftige badplakken fan Europa. Foaral de hegerein út Berlyn kaam hjir graach, wat de stêd de bynamme "de tobbe fan Berlyn" joech.

Twadde Wrâldkriich Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich wie de stêd in wichtige basis foar de Dútske marine en in flechtplak foar tûzenen minsken út it easten, dy't flechten foar it Reade Leger. De stêd hie yn dy tiid 20.000 ynwenners, mar tsjin 'e ein fan 'e oarloch sieten dêr wol 100.000 oant 120.000 minsken op inoar pakt. Op 12 maart 1945 waard de stêd swier troffen troch in Amerikaansk bombardemint, wêrby't tûzenen minsken omkamen. It bombardemint duorre mar ien middei, mar it oantal deaden wurdt op 6.000 oant 13.000 rûsd. Troch de gaos yn dy tiid binne der gjin krekte gegevens bekend.

Op 6 oktober 1945 waard de stêd offisjeel oerdroegen oan Poalen en omdoopt ta Świnoujście. De Dútske befolking waard ferdreaun en ferfongen troch Poalen, dy't faak sels ferdreaun wiene út de gebieten eastlik fan 'e Curzon-line. De Sovjet-marine hold noch oant 1992 in basis yn 'e stêd.

Ekonomy en Toerisme Hjoed-de-dei foarmet Świnoujście tegearre mei Stettin it grutste havenkompleks fan Poalen. It is in essinsjeel knooppunt foar de keapfardij en der farre alle dagen grutte fearboaten nei Sweden en Denemark. thumb|left|Lech Kaczyński-terminal. Op 12 oktober 2015 waard de LNG-terminal fan Świnoujście (offisjeel de Lech Kaczyński-terminal) iepene, ien fan 'e wichtichste Poalske enerzjy-ynfrastruktuerprojekten. It is in grutte ynstallaasje yn 'e haven fan it eilân Wolin, dy't spesjaal boud is om floeiber ierdgas (LNG) wer op te waarmjen oant it wer in gas wurdt. It gas wurdt dêrnei ûnder hege druk yn it Poalske gasnetwurk pompt, sadat it nei fabriken en wenten yn it hiele lân ferfierd wurde kin.

Njonken de haven is toerisme de wichtichste ynkomstenboarne. Mei it breedste sânstrân fan Poalen, de histoaryske fortifikaasjes en de karakteristike Stawa Młyny (in beaken yn 'e foarm fan in wynmûne), lûkt de stêd jierliks hûnderttûzenen besikers út sawol Poalen as Dútslân. Sûnt 2023 is de stêd better te berikken troch in nije tunnel ûnder de Świna, dy't de eilannen Usedom en Wolin meiïnoar ferbynt sûnder dat in fearboat brûkt wurde moat.

Stedsdielen Karsibór (Kaseburg) Ognica (Werder) Przytór (Pritter) Łunowo (Haferhorst) Świnoujście (Swinemünde) Wydrzany (Friedrichsthal) Warszów (Ostswine) Chorzelin (Osternothafen) It besjen wurdich Mei syn 65 meter is de fjoertoer de heechste fan Poalen en ien fan 'e heechste bakstiennen fjoertuorren fan 'e wrâld. Swinemünde wie yn 'e 19e iuw in wichtige Prusyske festingstêd. Der binne trije grutte forten dy't bewarre bleaun binne: thumb|260px|It Ingelfort. It Fort Gerharda is in Prusysk kustfort op it eilân Wolin. It Fort Anioła (Ingelfort) is tusken 1845-1858 boud, basearre op it Mausoleum fan Hadrianus yn Rome. Fort Zachodni (Westfort) is in fort dat ek yn 'e Twadde Wrâldkriich noch in grutte rol spile. De wichtichste tsjerken binne thumb|left|Kristus-Keningtsjerke. De Kristus Kening-tsjerke (Kościół Chrystusa Króla), in tsjerke út 1788-1792 boud op it plak fan in goatyske tsjerke. Yn 'e tsjerke hinget in fotyfskip. De Stella Maris-tsjerke (Kościół Najświętszej Maryi Panny Gwiazdy Morza) is in neogoatysk tsjerkegebou út 1895-1896. Oant de Twadde Wrâldkriich wie dit de iennige roomske tsjerke yn 'e stêd (de Kristus Kening-tsjerke wie doe noch protestantsk). Tsjerke fan 'e Unbeflekte Untfinzenis (Kościół Niepokalanego Poczęcia NMP), de âldste tsjerke fan 'e regio. Dizze tsjerke stiet yn it stedsdiel Karsibór en is de âldste fan de hiele regio. Fan 'e grutte neogoatyske Luther-tsjerke is allinnich de 67 m hege toer bewarre bleaun. De tsjerke hie yn 'e Twadde Wrâldkriich wol wat skea oprûn, mar rekke earst nei de oarloch yn ferfal en is yn 1962 ôfbrutsen. It Alde Riedshûs (Museum foar Seefiskerij) is it âldste gebou fan 'e stêd (boud yn 1805) en stiet yn it sintrum op Usedom. No sit dêr it Museum foar Seefiskerij. De Stawa Młyny (It Beaken) is it symboal fan 'e stêd. Dit beaken yn 'e foarm fan in wynmûne stiet op it punt fan 'e westlike pier.

thumb|260px|Nasjonaal Park Wolin. Tichteby de stêd begjint it Nasjonaal Park Wolin. In grut part fan 'e kust bestiet dêr út hege kliffen. It park is fral bekend fanwegen it fokprogramma foar de wisent.

Kategory:Plak yn Poalen Kategory:Plak yn woiwodskip West-Pommeren Kategory:Plak stifte yn de 12e iuw