Dolf Verroen (folút: Rudolf Johan Verroen; Delft, 20 novimber 1928) is in Nederlânsk skriuwer, benammen fan berneboeken. Hy hat dêrnjonken ek literêre romans en koarte ferhalen, gedichten en non-fiksje skreaun. Fierders wurke er as oersetter en literatuerkritikus.
Libben en karriêre Jonkheid, oplieding en wurk Verroen waard yn 1928 berne yn Delft, dêr't er nei de skoalle gie. Letter wenne er yn De Haach, dêr't Frânsk studearre en neitiid wurke by ferskate boekhannels en op guon kantoaren. Teffens wied er in skoft lang nachtredakteur by de krante Het Vrije Volk.
Skriuwkarriêre Syn earste boek skreau Verroen doe't er noch mar fjirtjin jier wie. Dat soe sechstjin jier letter, yn 1958, útjûn wurde as Het Boek van Jan-Kees. It earste boek fan sines dat publisearre waard, wie yn 1955 de dichtbondel In Los Verband, dy't foarsjoen wie fan yllustraasjes troch Miep de Leeuwe en Willy Rieser. Yn 1956 waard Verroen syn novelle Van Eeuwigheid tot Amen yn 'e mande mei Het Zwarte Licht fan Harry Mulisch nominearre foar de Stedspriis fan Amsterdam. Dêrnei folgen inkele romans en de ferhalebondel Onderdak (1961).
Verroen syn Sjoe en Piet, út 1960, wie it earste Nederlânske berneboek dat oer in gastarbeidershúshâlding gie. Yn 'e 1960-er jierren wie Verroen benammen aktyf as oersetter. Sa fertaalde er Millicent the Monster (ûnder de titel Mirjam het Monster), in berneboek fan Mary H. Lystad, út it Ingelsk. Om't er it net iens wie mei de strekking fan dat boek, skreau er yn 1973 Gelukkig Word Je Elke Dag een Beetje Groter. Dat wie it begjin fan in rige emansipearre berneboeken foar famkes en jonges, wêryn't ek folwoeksenen net sparre waarden.
Benammen yn 'e 1970-er en de 1980-er jierren hie Verroen in protte súkses mei syn berneboeken. Hy wûn yn dy tiid trije kear in Sulveren Griffel, foar De Kat in de Gordijnen (1979), Hoe Weet Jij Dat Nou? (1981) en Een Leeuw met Lange Tanden (1987). Foar Allemaal de Boom in wûn er yn 1978 boppedat in Italjaanske Premio Europeo. De boeken fan Verroen waarden bûten Nederlân oerset yn it Baskysk, Deensk, Dútsk, Frânsk, Italjaansk, Japansk, Katalaansk, Koreaansk, Noarsk en Turksk. Binnen Nederlân ferskynden guon fan syn wurken yn it Frysk, it Stellingwerfsk en it Papiamintysk.
Verroen waard foar syn fertsjinsten as berneboekeskriuwer yn 1999 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.
Yn 2006 hie Verroen, benammen om utens, grut súkses mei syn anty-rasistyske berneboek Slaaf Kindje Slaaf (ek bekend as Hoe Mooi Wit Ik Ben), dat foar 1863 spilet, doe't yn Suriname de slavernij noch bestie. It boek gie oer it famke Maria, dat foar har tolfde jierdei in slaafke kriget dat Koko hjit. Verroen wûn mei it wurk datselde jiers noch foar de oersetting Wie schön weiß ich bin de Deutscher Jugendliteraturpreis en de Gustav-Heinemann Friedenspreis. Yn 2011 wûn er foar de Italjaanske oersetting Il Regalo Nero ("It Swarte Geskink") de Premio Legambienta en de Premio della Citt'a di Bella.
Verroen skreau yn 2016 it berneboekewikegeskink Oorlog en Vriendschap, dat foarsjoen waard fan yllustraasjes fan 'e hân fan Charlotte Dematons. Yn 2019 wûn er syn fjirde Sulveren Griffel foar Droomopa.
Yn 2020 ûntstie der opskuor om Verroen hinne, doe't de anty-rasismebeweging dy't (ek yn Nederlân) op gong kommen wie nei de moard op George Floyd troch de plysje fan Minneapolis, him tsjin 'e doe 92-jierrige skriuwer kearde om't Slaaf Kindje Slaaf in rasistysk boek wêze soe. Verroen waard oerladen mei haatmail, foar it meastepart, neffens himsels, "bar min stavere". Berneboekeresisint Pjotr van Lenteren fan 'e Volkskrant wiet it trelit oan it feit dat "hele folksstammen allinne eksplisite, letterlike teksten begripe". Hy skreau ek: "Dit is net it momint om ien yntegere skriuwer ûnrjochtlik te bekritisearjen; dit is it momint […] om op te stean […] foar better skiednis- èn literatuerûnderwiis.", Anti-racisten boos over anti-racistisch boek Verroen, yn: de Ljouwerter Krante, 3 july 2020, s. 3.
Priveelibben Verroen wennet "al jierren" (neffens yn eigen webside) yn Fryslân, om presiis te wêzen yn Sint-Nyk.
Wurk Berneboeken 1957 – Marieta’s Overwinning 1958 – Het Boek van Jan-Kees 1959 – Marieta’s Beslissing 1959 – Altijd Kermis 1960 – Sjoe en Piet 1962 – Sjoe en Piet Zijn Vriendjes 1963 – Kom Maar Gauw Terug 1971 – Sjoe en Piet op School 1973 – Gelukkig Word Je Iedere Dag een Beetje Groter 1976 – Dag Sjoe, Dag Piet 1976 – Allemaal de Boom in 1977 – Aap en Schaap 1977 – De Letterberg 1977 – Heb Jij het Buskruid Soms Uitgevonden? 1978 – De Kat in de Gordijnen 1978 – Maak Dat Je Weg Komt 1979 – De Stotteraar 1979 – Dank Je Lekker (mei Nannie Kuiper) 1979 – De Vis en de Jongen 1979 – Zo Heet het Allemaal 1980 – Hoe Weet Jij Dat Nou? 1981 – Mark in het Park 1981 – Juf is Gek 1981 – Zo Gaat het bij Lien (mei Wimmy van der Wal) 1981 – Zo Gaat het bij Leen (mei Wimmy van der Wal) 1981 – Zo Gaat het bij Jet (mei Wimmy van der Wal) 1981 – Een Pop is Ook Maar een Mens 1982 – Zo Groot als Je Vader 1982 – Mark is Jarig 1982 – Fijn naar School 1982 – Ben Jij Ook Zo’n Beest? (mei Nannie Kuiper) 1982 – Geen Hààr op Mijn Hoofd 1982 – Tellen tot Tien 1982 – Kleuren Kijken 1982 – Zo Gezond als een Vis 1983 – Zo Gaat het bij Kees (mei Wimmy van der Wal) 1983 – Zo Gaat het bij Adrie (mei Wimmy van der Wal) 1983 – Zo Gaat het bij Joop (mei Wimmy van der Wal) 1983 – Van A tot Z: Dolf Verroen 1983 – Een Kindje Erbij 1983 – Zo Gaat het bij Opa (mei Wimmy van der Wal) 1983 – Zo Gaat het bij Loes (mei Wimmy van der Wal) 1983 – Zo Gaat het bij Coba (mei Wimmy van der Wal) 1983 – Een Dikke Viespeuk Fryske oersetting: Grutte Sokses! en Oare Ferhalen (fert. Tsjitske de Boer en Bouke Oldenhof, 1984) Stellingwerfske oersetting: Dikke Doezerd! en Ere Verhaelen (fert. Pieter Jonker, 1985) 1984 – Ons Surinaamse Ik (mei Nannie Kuiper) 1985 – Een Broodje Wesp (mei Nannie Kuiper) 1986 – Bram en Martje 1986 – Een Leeuw met Lange Tanden 1987 – Het Vieze Woorden Boek 1987 – Karel en de Kindermoordenaar 1988 – Het Dikke Tranenboek 1988 – De Liefste Poes van de Wereld 1989 – De Familie SchreeuwstrA 1990 – Pas Op, Mijn Hoofd Waait Weg 1990 – Zo Sterk als een Leeuw 1991 – De Verjaardagsmuis 1991 – Wie Wordt de Winnaar? 1991 – Als Oorlog Echt Is 1991 – De Verschrikkelijke Schoolmeester 1992 – Blijf Zitten Waar Je Zit 1992 – Juf Doet het in Haar Broek 1992 – Een Opa te Veel 1993 – Ouders om op te Vreten 1993 – Een Zeehond op Zolder 1994 – Het Beest van Bas 1994 – Hoe Wordt een Paard een Poes? 1994 – Juf, Doe Niet Zo Suf 1994 – Een Bloederig Verhaal 1994 – Het Gevonden Kind 1995 – Saar, Doe Niet Zo Raar 1995 – Een Juf om Op te Eten 1995 – Wachten op de Keizer 1996 – Verliefd op Sonia 1997 – Gek is Gek 1997 – Kleine Klaas en de Grote Vis 1998 – Met Je Kop in het Zand 1998 – De Beer in de Speeltuin 1998 – Een Spetter op de Spiegel 1999 – Net Echt 1999 – In Nuver Famke (allinnich yn it Frysk útbrocht; fert. fan it manuskript: Bouke Oldenhof) 2000 – Actie Pannekoek 2001 – Liever Zwart 2001 – Het Grote Boek van de Liefste Poes van de Wereld 2001 – Tim is Slim 2002 – Ik Wil een Step 2003 – Een Hemel voor Beer 2003 – Josefientje Mongolientje 2003 – Jaap Aap 2003 – De Verdwijntruc (mei Bouke Oldenhof) 2005 – En Nu naar Groep Één 2006 – Slaaf Kindje Slaaf (ek bekend as Hoe Mooi Wit Ik Ben) 2007 – De Verschrikkelijke Schooljuffrouw 2008 – Mijn Familie is een Bende 2009 – Job is Dood 2010 – De Prinses en de Paradijstuin 2010 – Time-out (mei Hanneke de Jong) 2010 – Niemand is Perfect 2010 – Een Vader voor Altijd 2011 – De Prins op het Witte Paard 2012 – Kunst en Vliegwerk 2012 – Mijn Geweldige Tovertante 2013 – Waar is de Kroon? 2016 – Oorlog en Vriendschap (berneboekewikegeskink 2016) 2018 – Bart en Bouke (mei Mindert Wijnstra; heal yn it Nederlânsk en heal yn it Frysk skreaun) 2018 – Droomopa 2019 – Niemand Ziet Het
Toanielstikken 1986 – Tengels Thuis (Theatergroep Finisj) 1987 – Karel en de Kindermoordenaar (Peter Pan Producties) 1987 – Je Memmetaal is Je Moerstaal (Theatergroep Finisj)
Oar wurk 1955 – In Los Verband (dichtbondel) 1956 – Van Eeuwigheid tot Amen (novelle) 1957 – Kans op Verzoening (roman) 1959 – Geen Chansons Meer (roman) 1961 – Onderdak (ferhalebondel) 1961 – Met Gespleten Tong (roman) 1969 – Joden uit Jemen (mei Chanah Milner, non-fiksje) 1973 – Over Katten (blomlêzing, mei Clare Lennart) 1975 – Herinneringen aan Clare Lennart (non-fiksje) 2016 – Kijken naar Anderen (roman)
Prizen en nominaasjes jier priis resultaat kategory foar1956Stedspriis fan Amsterdam nominearrebêste boekVan Eeuwigheid tot Amen1978Premio Europeo (Itaalje)wûnbêste berneboekAllemaal de Boom in1979Sulveren Griffelwûnbêste berneboekDe Kat in de Gordijnen1981Sulveren Griffelwûnbêste berneboekHoe Weet Jij Dat Nou?1987Sulveren Griffelwûnbêste berneboekEen Leeuw met Lange Tanden2003Plom fan 'e Moanne (septimber)wûnbêste berneboekEen Hemel voor Beer2006Deutscher Jugendliteraturpreiswûnbêste berneboekSlaaf Kindje Slaaf (Wie schön weiß ich bin)Gustav-Heinemann Friedenspreis (Dútslân)wûnbêste berneboekSlaaf Kindje Slaaf (Wie schön weiß ich bin)Kinder- und Jugend-Hörbuch des Jahres 2006wûnbernelústerboek fan it jierSlaaf Kindje Slaaf (Wie schön weiß ich bin) 2011Premio Legambienta (Itaalje)wûnbêste berneboekSlaaf Kindje Slaaf (Il Regalo Nero)Premio della Citt'a di Bella (Itaalje)wûnbêste berneboekSlaaf Kindje Slaaf (Il Regalo Nero)2019Sulveren Griffelwûnbêste berneboekDroomopa
Keppelings om utens Offisjele webside fan Dolf Verroen
Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk literatuerkritikus Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Nederlânsk winkelbetsjinner Kategory:Nederlânsk administratyf meiwurker Kategory:Nederlânsk kranteredakteur Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1928