De AACTA Awards (de ferkoarte foarm fan Australian Academy of Cinema and Television Arts Awards) binne in groep Australyske prizen dy't elts jier yn jannewaris útrikt wurde foar treflikens op it mêd fan film en tillefyzje. De prizen wurde útrikt troch de Australian Academy of Cinema and Television Arts (AACTA), en wurde ornaris beskôge as de Australyske wjergaders fan 'e Amerikaanske Oscars of de Britske BAFTA's.
Skiednis De AACTA Awards waarden yn 1958 ynsteld as de Australian Film Institute Awards of koartwei AFI Awards. De earste jierren wiene der 30 nominaasjes, ferdield oer seis kategoryen dy't allegear mei film te krijen hiene. Yn 1986 waarden foar it earst ek prizen foar tillefyzje útrikt. Yn 2011 waarden de prizen omneamd ta AACTA Awards. Yn 2012 waarden de AACTA International Awards foar ynternasjonale films foar it earst holden, dy't elts jier by in aparte seremoanje yn Los Angeles útrikt wurde.
Kategoryen AACTA Awards Spylfilmprizen bêste film bêste regisseur bêste haadrol fan in akteur bêste haadrol fan in aktrise bêste byrol fan in akteur bêste byrol fan in aktrise bêste adaptearre senario bêste orizjinele senario bêste orizjinele filmmuzyk bêste lûd bêste produksje-ûntwerp bêste kostúmûntwerp bêste filmmontaazje bêste kamerarezjy foarkarspriis fan leden fan 'e AACTA (Members' Choice Award) Tillefyzjeprizen bêste komeedzjesearje bêste dramasearje bêste bernesearje bêste tekenfilmsearje foar bern bêste tillefyzjefilm of minysearje bêste tillefyzjesearje foar licht fermaak Oare prizen bêste lange dokumintêre bêste koarte dokumintêre bêste dokumintêresearje bêste koarte tekenfilm bêste koarte film bêste regisseur – dokumintêre bêste kamerarezjy – dokumintêre bêste filmmontaazje – dokumintêre bêste lûd – dokumintêre bêste senario foar in koarte film bêste jonge akteur bêste special effects Spesjale prizen treflike prestaasje op it mêd fan tillefyzjekeunst treflike prestaasje op it mêd fan koarte-filmkeunst Byron Kennedy Award Longford Lyell Award Screen Content Innovation Award
AACTA International Awards bêste film – ynternasjonaal bêste regisseur – ynternasjonaal bêste akteur – ynternasjonaal bêste aktrise – ynternasjonaal bêste byrol fan in akteur – ynternasjonaal bêste byrol fan in aktrise – ynternasjonaal bêste senario – ynternasjonaal
Ofskafte prizen bêste eksperimintele film bêste bûtenlânske film ynternasjonale priis foar treflikens op it mêd fan filmkeunst sjuerypriis bêste tillefyzjedokumintêre bêste sponsore dokumintêre bêste ynternasjonale akteur bêste ynternasjonale aktrise bêste senario (orizjineel of adaptearre) Global Achievement Award
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e AACTA Awards
Kategory:Australyske filmpriis Kategory:Australyske telefyzjepriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1958