Hearakles (mei de klam op it 1e wurdlid) of Herakles (mei de klam op it 2e wurdlid) – beide útspraken komme foar – (Gryksk: Ἡρακλῆς, Hēraklês, útspr.: ['e:raklɛ:s], likernôch "ee-rak-lês") is yn 'e Grykske mytology in held en healgod. Hy wie de soan fan 'e oppergod Seus en de minsklike frou Alkmene. Neffens de myten waard er berne as Alkeus (Ἀλκαῖος, Alkaios, faak latinisearre ta Alcaeus) of mooglik as Alsides (Ἀλκείδης, Alkeidês, latinisearre ta Alcides), mar letter omneamd ta 'Hearakles', dat "Gloarje fan Heara" betsjut, yn in besykjen om 'e grime fan 'e goadinne Heara, de oarehelte fan Seus, wei te nimmen. Dat wie lykwols om 'e nocht; de jaloerske Heara seach it bestean fan Hearakles as bewiis fan 'e oerhoer fan Seus, en hold fêst oan in bittere fijânskip.
Hearakles ûntjoech him ta de grutste held fan 'e Grykske mytology en de foarfjochter fan 'e Olympyske oarder tsjin 'e ktoanyske meunsters. Hy stiet bekend om in grut tal heldedieden, wêrfan't de Tolve Wurken fan Hearakles de bekendste binne. Letter krong er fia de Grykske koloanjes yn Súd-Itaalje ûnder de namme Herkules troch yn it leauwe fan 'e Romeinen, wylst er mank de Etrusken bekend kaam te stean as Herkle. Romeinske keizers as Kommodus en Maksimianus identifisearren harrensels mei de godlike Herkules. De Grykske ferzje fan syn libben en wurken waard troch de Romeinen eins yn syn gehiel oernommen, hoewol't se der neitiid eigen anekdoates oan tafoegen.
Ofskildering Hearakles waard yn 'e myten ôfskildere as in man mei boppeminsklike krêft, in aktyf libido en grutte moed en fernimstigens. By de seldsume gelegenheden dat inkeld brute krêft net foldie, brûkte er syn ferstân, lykas by it útmjuksjen fan 'e stâl fan kening Augias fan Elis of doe't er de titaan Atlas safier wist te krijen dat dy de loft wer op syn skouders weromnaam. Tegearre mei syn healbroer Hermes, de boadskipper fan 'e goaden, wie Hearakles de patroan fan 'e gymnasia. Syn attributen wiene de gnodze en de liuwehûd.
Myten oer Hearakles Berte Hearakles wie de soan dy't fuortkaam út in affêre fan 'e oppergod Seus mei de stjerlike frou Alkmene, in pakesizzer fan 'e healgod Perseus. Dy Perseus wie ek in soan fan Seus, en Alkmene, mei wa't Seus it oanlei, wie dus eins Seus syn eigen oerpakesizzer. Seus bedreau mei har de leafde nei't er de foarm oannommen hie fan har man Amfitryon, dy't ier thúskaam fan it slachfjild. De wiere Amfitryon kaam letter dyselde jûns thús en bedreau doe ek de leafde mei Alkmene. Yn in gefal fan heteropaternale superfekundaasje (wêrby't in frou twa bern fan ferskillende heiten draacht) rekke hja doe swier mei in twilling, wêrfan't de iene broer de soan fan Seus en de oare de soan fan Amfitryon wie. De twillingbroer fan Hearakles wie Ifikles, dy't letter heit waard fan Iolaus, de selskipsman fan Hearakles.
As it libbene bewiis fan in gefal fan Seus syn ûntrou helle de poppe Hearakles him al ier de haat en fijânskip fan 'e goadinne Heara, de oarehelte fan Seus, op 'e hals. Op 'e jûn dat de twillingen Hearakles en Ifikles berne waarden, beprate Heara, dy't har bewust wie fan Seus syn oerhoer, Seus om in eed te swarren dat it bern út it Hûs fan Perseus dat dy jûns te wrâld kaam, hege kening wurde soe. Want hoewol't Hearakles in ôfstammeling fan Perseus wie, gou itselde foar Eurysteus, waans mem ek op alle dagen rûn. Sadree't Seus de eed sward hie, hastige Heara har nei de wente fan Alkmene ta, dêr't se de berte fan Hearakles en Ifikles fertrage troch Ilitia, de goadinne fan 'e befalling, te twingen om mei de skonken oerinoar te sitten en har klean gear te knoopjen. De twilling kaam doe finzen te sitten yn it limoer fan Alkmene, wylst Heara ûnderwilens de berte fan Eurysteus krekt flugger gean liet. Sa koe it dat dy it earst te wrâld kaam en dêrom hege kening foar Hearakles yn 't plak waard. Heara soe makke hawwe dat Hearakles yn it limoer fan syn mem stoarn wie, as se koe, mar Galantis, de tsjinstfaam fan Alkmene, liigde tsjin Ilitia mei de wurden dat Alkmene al befallen wie. Dêrop sprong Ilitia kjel oerein en kamen de knopen yn har klean los, sadat Alkmene einlings en te'n lêsten har beide soannen te wrâld bringe koe.
Ut eangst foar Heara liet Alkmene de lytse Hearakles neitiid yn 'e wyldernis efter, mar hy waard rêden troch syn healsuster, de goadinne Pallas Atene, dy't yn 'e myten faker de rol fan beskermster fan helden spile. Hja brocht de poppe by Heara, dy't har ûnbewust wie fan syn identiteit. Ut begrutsjen joech Heara him it boarst, mar Hearakles sûgde sa hurd dat it har der sear oer die. Se treau him fuort, en de tatemolke spuite út har boarst oer de himel en foarme dêr de Molkewei (dêrfandinne de namme). Mei de godlike tate hie Hearakles ek boppenatuerlike krêften ynnommen. Pallas Atene brocht him neitiid werom by syn mem, en hy waard grutbrocht troch Alkmene en Amfitryon. Se feroaren syn namme, dy't oarspronklik Alkeus of Alsides west hie, yn 'Hearakles', dat "Gloarje fan Heara" betsjut. It wie in besykjen om Heara tefreden te stellen, mar it helle neat út.
Jonkheid Hearakles en Ifikles wiene noch mar acht moannen âld doe't Heara twa grutte gifslangen stjoerde om Hearakles te deadzjen. Doe't de slangen de keamer ynkrongen dêr't de twilling wie, kriet Ifikles it út fan eangst, mar Hearakles griep mei elts hantsje in slange beet en smoarde de bisten. Doe't de minne letter yn 'e keamer kaam, wied er mei de kadavers oan it boartsjen as wiene de slangen boartersguod. Yn ferbjustering rôp Amfitryon de sjenner Tiresias derby, dy't in ûngebrûklike takomst foar de jonge Hearakles seach en foarsei dat er noch withoefolle meunsters ombringe soe.
Nei't er syn learaar Linus fan Traasje fermoarde hie mei in lier, waard Hearakles troch syn pleechheit Amfitryon in berch op stjoerd, dêr't er by wize fan straf yn iensumens kij hoedzje moast. Neffens de allegoaryske likenis The Kar fan Hearakles, dy't om 400 f.Kr. optocht waard troch de filosoof Prodikus en dêr't Ksenofon nei ferwiisde yn syn Memorabilia, waard Hearakles op 'e berch besocht troch twa allegoaryske figueren, Deugd en Undeugd, dy't him de kar joegen tusken in noflik en maklik libben of in dreech mar glorieus libben. Hearakles keas foar it lêste. Dit ferhaal wie ûnderdiel fan in patroan fan it etisearjen fan Hearkles yn 'e fyfde iuw f.Kr.
Letter troude Hearakles yn Tebe mei Megara, de dochter fan kening Kreön. Mei har krige er fjouwer bern. Yn in bui fan sljochtsinnigens, dy't yn him oproppen wie troch Heara, fermoarde er lykwols syn eigen bern, en, neffens alteast guon ferzjes fan it ferhaal, Megara ek. Syn sljochtsinnigens waard genêzen troch Antikyreus, de stifter fan Antikyra, wêrnei't Hearakles, beseffend hokfoar skriklike misdie oft er begien hie, nei it Orakel fan Delfi flechte.
Sûnder dat er it wist stie dat orakel ûnder ynfloed fan Heara. It die de útspraak dat Hearakles tsien jier lang kening Eurysteus, syn aartsfijân, tsjinje moast en eltse taak folbringe dy't Eurysteus him oplei. As dat him slagge, soed er fan syn sûnde reinige wêze en in god wurde en sa ûnstjerlikens bemachtigje. De falske Eurysteus betocht lykwols tsien frijwol ûnmooglike opdrachten foar Hearakles. Nei't er se allegear ôfwurke hie, kaam Hearakles bedragen út doe't Eurysteus mei nochris twa oaren op 'e lapen kaam. Sa ûntstiene de Tolve Wurken fan Hearakles.
De Tolve Wurken fan Hearakles Net alle ferzjes fan 'e myte jouwe de Tolve Wurken fan Hearakles yn deselde folchoarder. Hjirûnder wurdt de folchoarder fan 'e Bibliotheca fan Pseudo-Apollodoarus oanholden. 1. It deadzjen fan 'e Nemeeske Liuw Hearakles fersloech mei syn bleate hannen in reuseftige liuw dy't allegeduerigen de stêd Nemeä oanfoel. Neitiid droech er de liuwehûd as in mantel as symboal fan syn krêft en macht. 2. It deadzjen fan 'e njoggenkoppige Lerneeske Hydra Hearakles naam it op tsjin in fjoerblazend meunster mei njoggen koppen, dat, as ien kop ôfslein waard, dêr twa foar yn 't plak weromgroeide. It libbe yn in sompe yn 'e neite fan Lerna, en it wie stjoerd troch Heara yn 'e hope dat it Hearakles syn thússtêd ferneatigje soe. Mei de help fan syn omkesizzer Iolaus fersloech Hearakles it meunster lykwols troch de nekkestompen ticht te brânen foar't der nije koppen út groeie koene. Neitiid dipte er syn pylken yn it giftige bloed fan 'e hydra, sadat it tige deadlike wapens waarden. 3. It fangen fan 'e Gouden Hine fan Artemis Hearakles siet in jier lang efter dizze wetterflugge hine (in wyfkeshart) oan, mar putte it bist dêrmei op 't lêst sa út dat er it fange en libben oan Eurysteus oerdrage koe. 4. It fangen fan it Erymantyske Swyn It Erymantyske Swyn wie in reuseftich everswyn dat alles op syn paad ferwoastge. Hearakles wie der lange tiid mei besteld, mar hy wist it bist te finen, te fangen en it oer te bringen nei Mysene. 5. It útmjuksjen fan 'e Augiasstâl yn ien inkele dei Yn 'e stâlen fan kening Augias fan Elis libben 3.000 kij dy't giftige dong skieten. Augias hie se krigen fan syn heit, de sinnegod Helios. Hearakles waard opdroegen de stâlen yn ien inkele dei út te mjuksjen. Der wie gjin begjinnensein oan it wurk, mar Hearakles groef in djippe greppel nei de stâlen ta en by de stâlen wei, en liet doe de rivieren de Alfeios en de Pineios troch de stâlen hinne streame, sadat alle dong fuortspield waard. 6. It deadzjen fan 'e Stymfalyske Fûgels De aggressive minskeslinende fûgels terrorisearren in wâld yn 'e neite fan 'e Stymfalia-mar yn noardlik Arkaadje. Hearakles jage se op 'e flecht mei in rattel dy't er fan Pallas Atene krigen hie. Doe't se ienris op 'e wjuk wiene, koed er mei pylk-en-bôge in grut tal delsjitte, dy't er mei werom naam nei Eurysteus. 7. It fangen fan 'e Kretinzyske Bolle De gefaarlike bolle, dy't de heit fan 'e minotaurus wie, ferwoastge it lân om Knossos hinne, op Kreta, mei't it bist de razernij fan Poseidon belicheme. De seegod wie nammentlik lulk oer it feit dat kening Minos de bolle, dy't er him ta geskink jûn hie, net oan him weromoffere hie (wat de hiele bedoeling fan it geskink west hie). Hearakles fong de bolle en droech it bist op syn skouders nei Eurysteus yn Tiryns. Eurysteus liet de bolle frij, wêrnei't it bist Maraton terrorisearre oant it deade waard troch Teseus. 8. It stellen fan 'e Merjes fan Diomedes De hynders út 'e stâl fan Diomedes, de kening fan Argos, wiene troch harren eigner beleard ta it iten fan minskefleis. Hearakles fuorre Diomedes sels oan 'e bisten op, wêrnei't er harren de bek tichtbûn en meinaam om se oan Eurysteus te presintearjen.
9. It stellen fan 'e gurdle fan Hippolyta Hippolyta, de keninginne fan 'e Amazônes, hie in gurdle dy't har jûn wie troch har heit. Hearakles en syn selskipslju waarden net bepaald gastfrij troch de Amazônes ûntfongen, want Heara hie de froulike kriichsters oardere om harren oan te fallen. Nettsjinsteande dat slagge it Hearakles dochs de gurdle te bemachtigjen en dy by Eurysteus te bringen. 10. It stellen fan 'e kij fan it meunster Geryon De keppel kij fan Geryon, in reus mei trije hollen en seis earms, waard bewekke troch himsels, syn twakoppige hûn Ortrus en de hoeder Erytion. Hearakles sloech de hûn en de hoeder dea mei syn gnodze en brocht de reus sels om mei in giftige pylk. Dêrnei dreau er de kij mei muoite nei Eurysteus ta.
Hoewol't Hearakles alle tsien taken, dy't him troch Eurysteus oplein wiene, folbrocht hie, wegere Eurysteus it súkses fan Hearakles te akseptearjen oangeande twa fan 'e taken. It deadzjen fan 'e Lerneeske Hydra hie Iolaus by holpen wylst Hearakles de wurken sels dwaan moast. En foar it útmjuksjen fan 'e Augiasstâl hied er ôfpraat om him betelje te litten troch kening Augias (hoewol't dy dêr letter op weromkaam en net betelje woe). Sadwaande joech Eurysteus oan Hearakles twa nije taken, wêrmei't it tal wurken op tolve kaam.
11. It stellen fan 'e gouden apels fan 'e Hesperiden