Tichvin (Russysk: Тихвин) is in stêd yn de oblast Leningrad, Ruslân. De stêd leit oan de rivier de Tichvinka, likernôch 215 kilometer eastlik fan Sint-Petersburch.
Skiednis Tichvin waard yn 1383 foar it earst neamd en besit sûnt 1773 stedsrjochten.
De stêd is bekend as it berteplak fan de yn 1844 berne komponist Nikolaj Andrejevitsj Rimski-Korsakov. Ek hat de stêd foar de otterdokse mienskip betsjutting fanwegen de ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin. Neffens de oerlevering waard de ikoan noch yn de tiid fan de Jongfaam Marije troch de evangelist Lukas skildere.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd yn novimber 1941 troch de Dútske Legergroep Noard oermastere. De Dútsers moasten de stêd lykwols al wer nei in moanne opjaan om't it bliken die dat it Sovjetyske ferset te sterk wie. Tichvin markearre de fierste opmars foar de Legergroep Noard yn it hiele ferrin fan de kriich.
Befolkingsûntwikkeling Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 Ynwenners 6.589 10.269 16.199 18.412 33.971 58.616 71.352Jier 2002 2010 2018Ywenners 58.459 58.136 56.716
Berne Nikolaj Rimski-Korsakov (1844-1908), komponist Natalja Sorokina (1982- ); biatleet
Sjoch ek Untsliepeniskleaster fan Tichvin
Kategory:Plak yn Leningrad (oblast) Kategory:Plak stifte yn 1383