thumb|right|Stânbyld fan Grutte Pier, makke troch Anne Woudwijk.

Anne Woudwijk (Drachten, 11 maaie 1952) is in byldzjend keunstner út Drachten.

In soad fan syn wurk is neu ferbûn mei de provinsje Fryslân. Woudwijk wurdt ek faken ynspirearre troch de âlde Germaanske mytology.

Yn it bekend wurk fan syn hân is it stânbyld fan Grutte Pier yn it sintrum fan Kimswert. Yn 1992 bea hy by de iepening fan in Frysk-Grinzer agintskip fan De Nederlandsche BankWysl sit yn it gebou it Sintrum foar Ljochtarsjitektuer. yn Drachten in byld oan, dat in guozzepear foarstelde. Mei it pear, dat elkoar libbenslang trou bliuwt, symbolisearre Woudwijk de ferbûnenheid tusken de provinsjes Grinslân en Fryslân. Yn opdracht fan De Nederlandsche Bank mekke hy fierder in keunstwurk mei as titel De Guozzetrek. Trije wjuken, wêrfan de heechste 5,50 meter is, steane yn in hoeke fan 17 graden yn in fiver foar it gebou.

Yn 2002-2003 exposearre Woudwijk yn Museum Smellingerlân yn Drachten mei njoggen mytologyske bylden.Eftergrûnynformaasje oer dizze bylden is te finen op CultuurArchief.nl

Yn 2006 eksposearre hy yn itselde museum mei in ynstallaasjeOer dit wurk is mear ynformaasje te finen op Galeries.nl. mei as tema de âldtestamintyske profeet Elia. De ynstallaasje is útfierd yn paleobasalt.

Yn 1993 waard op de pier fan Holwert in byld fan in walfisk setten. Neidat in fearboat der yn 2001 yn tichte mist tsjinoan fard wie, waard it 50 ton swiere byld slim skansearre.Veerboot Sier vaart walvis stuk in Leeuwarder Courant, 26 septimber 2001 It byld is wyls restaurearre en wer op de pier fan Holwert tichtby it oanlisplak foar de boat nei It Amelân setten.

Anne Woudwijk makket ek de byldsjes foar de Rink van der Veldepriis.

Syn dochter Roelie Woudwijk (Drachten 1979) is ek byldzjend keunstner.

Wurk yn de iepenbiere romte thumb|Anti-apartheidsbyld (1986), Drachten

PlakTitelJier Dokkum: J. J. Boumanschool, Hantumerwei Menhir 1982Drachten: Berkenlaan Fransiskus fan Assisy 1989Drachten: Gauke Boelenslaan Anty apartheidsbyld 1986Drachten: Helmhout 21 De Stienbok 1995Drachten: Mûnein Bouwe 1987Drachten: Parkwijck De Singels Skûtsjes 1988Drachten: Torenstraat Hûnsje 1995Drachten: fiver foar 'Centrum voor Lichtarchitectuur', Oerterper Fallaat Guozzetrek 1992Drachten: foar CSG Liudger , Splitting sûnder titel 1976Drachten: Zetveld Famylje om stjer hinne 1992De Fochtel: foar doarpshûs 'Et Legien', Zuideinde Kuorhin 1997It Hearrenfean: foar ibs 'De Letterbeam', C. van Scheltingaweg Fan kikkertdril oant kikkert (spylplastyk) 1979 Drylts: Gemeentehûs, Stadslaan Frysk hynder mei fôle en bern 1986Jirnsum: Douwemastrjitte Sirkusoaljefantsje 1998Ketlik: yn natuergebiet de 'Katlijker Schar' At de moanne it lânskip feroaret, gûle de wolven 1997Kimswert: foar café 'Greate Pier', Greate Pierwei Grutte Pier 1985Ljouwert: foar gebou FNP, Obrechtstraat Yndiaan 1986Nij Beets: Gietersewei 1 sûnder titel s.j.Nijlân: Tsjerkegrêft Leginde fan de oksen 1994De Pein sûnder titel (oarlochsmonumint)1995 It Oranjewâld: Koningin Julianaweg Sprong fan de ree 1990Snits: Schoenmakersstraat De Miereheap 1982Sumar: Damsingel Bintje 1999Terherne: Utbuorren De Wolf 1996Tytsjerk: by de brêge oan it Súderein Skippersfrou 1982Wytmarsum: boarstbyld op plein yn it sintrum Pim Mulier 1986Drachten: It Drachtster skûtsje 2014Aldegea (Smellingerlân): by de Sint-AgatatsjerkeUrnemuorre mei bank2021

Literatuer - Byldzjend Nederlân: biografysk hânboek (1993) Gerrit & Eilert Lubbers - Anne Woudwijk (1998)

Keppeling om utens Biografyske feiten by it RKD-Nederlands Instituut voor Kunstgeschiedenis

Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Frysk byldzjend keunstner Kategory:Persoan berne yn Drachten Kategory:Persoan berne yn 1952