Kirillov (Russysk: Кириллов) is in lytste stêd yn it noardwesten fan Ruslân. It plak leit yn 'e oblast Vologda.

Geografy De stêd leit likernôch 130 kilometer noardwestlik fan Vologda, de haadstêd fan it oblast, yn in marrekrite en oan it noardlike Dvinakanaal, dy't de rivieren de Wolga en de Noardlike Dvina meiïnoar ferbynt. Kirillov is it bestjoerssintrum fan it rajon mei deselde namme.

Skiednis Kirillov ûntstie as delsetting (sloboda) by it yn 1397 stifte otterdokse Kirillo-Belozerski-kleaster, dat oant yn 'e 17e iuw it belangrykste religieuze en kulturele sintrum fan it Russyske noarden wie. Kirillov krige yn 1776 stedsrjochten.

It besjen wurdich Njonken it Kirillo-Belozerski-kleaster binne der yn 'e omkriten fan 'e stêd noch in pear kleasters bewarre bleaun, lykas it 7 kilometer fierderop oan 'e kant fan 'e Sjeksna lizzende Goritsi-Opstanningskleaster út 1544 en it 20 kilometer fierderop lizzende Feranpontovkleaster út 1398.

Befolkingsûntwikkeling Demografyske ûntwikkeling fan Kirillov fan 1897 oant 2018Jier1897192619391959197019791989200220102018befolking4.3064.2765.2806.0556.2857.3208.8178.2297.7287.482

Kategory:Plak yn Vologda (oblast) Kategory:Plak stifte yn 1397