In sjarade, ek: charade (fan it Frânske charade) is in riedsel yn fersfoarm. Neist de bestjutting fan de losse wurdlidden (of gedieltlike wurden) fan in te rieden wurd wurdt ek it hiele wurd beskreaun.
Sjarades wurde meast fûn op plakken mei soartgelikense taalboarterijen lykas anagram, letter- en siferpuzel, homonym, logogryf of palindroam. Ofhinklik fan it tal wurdlidden kin ûnderskied makke wurde tusken sjarades fan twa, trije en fjouwer wurdlidden.
Talen mei in soad gearstalde wurden liene har goed foar sjarades.
Oarsprong De oarsprong fan it wurd charade is ûnwis, mar kin sjoen wurde as ôflieding fan it Keltyske chwar (spul). Ensie.nl Sjarades waarden as in foarm fan literêre riedling yn de 18e iuw populêr yn Frsnkryk. Yn de twadde helte fan dy iuw waard de term 'charade' yn it Ingelsk liend út it Frânsk. De 'charade' wie yn Nederlân yn de njoggentsjinde iuw en yn de earste helte fan de tweintichste iuw populêr. H.J. Verkuyl Charades wiene rjochte op bern en ferskynden yn tydskriften en boeken. Yn Frankryk en Itaalje ferwiist it wurd 'poppekast' noch altyd nei dit riedingsoarte. voorducter.com
Neist wurdsjarades binne der ek byld- en silhûetsjarades. De wurdlidden en it wurd binne dan ferfongen troch ôfbylden of silhûetten. Dan is sprake fan libbene sjarades. De mimysk útspile sjarades waarden út Frankryk wei oernomd troch de Ingelske hegerein. Aktearre sjarades wurde bygelyks beskreaun yn William Thackeray syn Vanity Fair en yn Charlotte Brontë har Jane Eyre. Yn Nederlân waard de teäterfoarm fan charade yn de tweintichste iuw bekend as telefysjespultsje Hints, dat yn Ingelân Charades neamd wurdt.
Twa foarbylden fan in sjarade, it ûnderwerp sprekt:
| width="20%" valign="top" | Wat bin ik
Mei myn oarehelte bin ‘k in pear dat wol ik it echt wol witte: Ik mei o sa graach moai stean Mar noch leavver lekker sitte
Myn maten binne grut of lyts Mei myn noas kin ik net rûke Mar mei in stielen noas Kin’ wurklju my goed brûke
Faak hat men my te fiter Soms wol it net gewoan Mar mei in leppel út it leppellaad Hat men my samar oan
Yn it wykein kom ik út de kast Dan gean wy earne hinne Op sneontejûn te stappen En sneins gewoan wat rinne 'Skoech'
| width="20%" valign="top" | Wat bin ik
Rôffûgel Rôffûgel Traapje der net yn! Wat bin ik: 'Falkûle'
Wa bin ik
Myn earste is in lichemsdiel Mijn twadde diel it tsjinstelde fan 'boppe Myn tredde en lêste sitte op in wizerplaat Myn gehiel sjochtst deis op skoalle Wa bin ik: 'Haadûnderwizer
| width="20%" valign="top" |Wêr bin ik Myn earste is yn tel Myn twadde is in pilske En myn lêste is in slokje By de wyn fan god Aeolus Lis ik mei Piter op de klaai Wêr bin ik: 'Seisbierrum'
Logogryf Besibbe oan de sjarade is de logogryf''' (Gryksk: logos (wurd, fgl. logika) + griphos (net, strikfraach, riedsel). Etymologiebank In logogryf is in riedselsftige omskriuwing dêr’t in wurd rieden wurde moat. Yn in riedseleftige gbeskriuwing wurdt ek oanjûn op hokker plak guon letters fan it wurd steane. Winkler Prins, 1870 Guon letters fan it sochte wurd wurde dan dus nûmere.
Foarbyld fan in logogryf: Sân letters foarmje myn gehiel, Bin’ mei elkoarren myn portret Der lykje mear as in soad fan my te wêzen Mar ‘k bin gjin frjemde fûgel. sûnder ein bin ik in gâns Sûnder twa bin ik in skilder Doch ik promoasje foar in wetterbist sûnder 2, 4 en 5 wurd ik optein 5, 6, 7 en ien dy steane op de klaai Mar komt 3 trije tusken 5 en 6,7 Dan sjocht elts wol by my op'' oplossing logogryf: protter
Kategory:Wurdspul Kategory:Riedsel Kategory:Puzel Kategory:Lienwurd út it Frânsk